In hûs.
Dizze side giet oer in gebou om yn te wenjen. Foar oare betsjuttings, sjoch: hûs (betsjuttingsside).
Huzen wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: Huzen (betsjuttingsside).

In hûs, wente of wenning is in gebou of in diel fan in gebou dat bedoeld is om minsken yn wenje te litten. It biedt beskerming tsjin waar en eventuele binnenkringende minsken en bisten, en kin ornaris nei eigen smaak ynrjochte wurde. Huzen besteane út ferskate romten, wêrfan't de grutteren keamers neamd wurde. Bewenners brûke huzen fan âlds benammen om yn te sliepen, te iten en drinken en frije tiid troch te bringen. In hûs kin it eigendom wêze fan 'e bewenner of oars kin it hierd wurde. Der besteane in protte ferskillende soarten huzen, en huzen kinne ek fan in protte ferskillende soarten materialen boud wurde. Ek as men gjin húsdieren hat, dielt men jins hûs yn frijwol alle gefallen mei beskate bisten.

Funksje

In hûs kin omskreaun wurde as in gebou of diel fan in gebou mei muorren om in binnenromte en in dak deroerhinne. Yn earste ynstânsje is in hûs bedoeld om 'e bewenner(s) ûnderdak te bieden, en dêrmei beskerming te jaan tsjin waarsferskynsels as rein en oare soarten delslach en teffens wyn en kjeld of krekt sinneskyn en tefolle waarmte. De muorren binne behalven om it waar bûtendoar te hâlden, ek bedoeld om ynkringers te warjen, oft dat no oare minsken of wylde bisten binne. It ynkringen yn in hûs dêr't men net heart te wêzen, hjit ynbraak (wat in misdriuw is). In persoan dy't dat docht is in ynbrekker.

In tradisjoneel, houten hûs fan 'e Batak, in folk op Sumatra.

Huzen wurde troch de bewenners fan âlds benammen brûkt om yn te sliepen, te iten en drinken en frije tiid troch te bringen. Wurkjen die men foarhinne altyd earne oars, op in hiele oare lokaasje of yn in apart gebou by it hûs, lykas in wurkplak, of in oar diel fan it gebou dêr't it hûs ek diel fan útmakke, lykas de skuorre of it bûthús fan in pleats. Tsjintwurdich is thúswurkjen, yn beroppen dêr't men thús mei de kompjûter frijwol itselde dwaan kin as op it wurk, hiel gewoan.

Yndieling

In hûs hat teminsten ien yngong, ornaris yn 'e foarm fan in doar. By guon âlde en tige swide wenten is dat ynstee in poarte. De doar sit yn 'e regel yn ien fan 'e bûtenmuorren, mar by tradisjonele wenten fan beskate Yndiaanske folken fan it Amerikaanske Súdwesten sit er yn wat wy it dak neame soene, en is er inkeld mei ljedders tagonklik. Yn 'e Westerske wrâld hawwe huzen ornaris teminsten twa doarren: de foardoar en de efterdoar. De foardoar is de haadyngong.

Fan binnen is in normaal Westersk hûs almeast ferdield yn ferskate romten of fertrekken. De grutteren fan dy romten wurde keamers neamd, wylst guon lytseren inkeld tsjinje foar it berikken fan oare romten, lykas de hal, in gong of de oerrin. De hal, dy't fuort efter de foardoar leit, hat as bykommende funksje om as siichportaal te tsjinjen tsjin siging fan bûtenôf. Yn 'e Feriene Steaten en oare Angelsaksyske lannen hawwe huzen faak gjin hal, mar jout de foardoar streekrjocht tagong ta de wenkeamer.

De wichtichste keamers fan in hûs binne de wenkeamer, dêr't de measte aktiviteiten plakfine (it 'wenjen'), de koken, dêr't men it iten en drinken klearmakket en faak ek opyt en opdrinkt, en de sliepkeamer, dêr't men nachts sliept. Yn âldere huzen is de funksje fan 'e wenkeamer faak opdield oer in sitkeamer en in ytkeamer (of dinerkeamer). Yn moderne huzen, mei in saneamde iepen layout, foarmje dêrfoaroer de wenkeamer en de koken faak ien grutte romte, wêrby't de skieding dan gauris foarme wurdt troch in bar. De measte huzen hawwe ferskate sliepkeamers, dy't yn 'e regel op 'e boppeferdjipping te finen binne. It komt in protte foar dat ien fan 'e sliepkeamers as studearkeamer of wurkkeamer tsjinnet. Lúksere wenten hawwe op 'e ûnderferdjipping in aparte studearkeamer of sels in bibleteek. De boppeferdjipping is berikber fia in trep. Boppe-oan 'e trep jout de oerrin tagong ta de doarren fan 'e ferskillende sliepkeamers en almeast ek ta in badkeamer, dêr't de bewenners har waskje kinne.

In ûnmisber fertrek yn in hûs is it húske, dêr't men pisje en jin ûntlêstgje kin. Faak binne der yn ien hûs ferskillende húskes. In faak foarkommende yndieling is ien húske deunby de foardoar, tagonklik fanút de hal, en noch ien dat ûnderdiel útmakket fan 'e badkeamer, op 'e boppeferdjipping. De gewoante om húskes yn 'e hûs ûnder te bringen, bestiet noch mar frij koart. Oant de midden fan 'e tweintichste iuw wie in 'húske' (dêrfandinne de namme) in frijsteand miny-gebouke op it hiem fan in hûs.

Rekonstruksje fan in Midsiuwsk houten hûs yn it Archeon.

De measte moderne huzen omfetsje fierders in bykoken of puoskoken, dêr't û.m. de wask dien wurde kin (mei in waskmasine), en dêr't faak ek de sintrale-ferwaarmingstsjettel hinget.. In souder of fliering is in ekstra boppeferdjipping boppe de boppeferdjipping, dy't faak brûkt wurdt foar opslach of as ekstra sliepkeamer. Aldere huzen hawwe ek faak noch in kelder, in romte ûnder de begeane grûn, dy't ek almeast foar opslach tsjinnet. As der in garaazje is, dêr't de bewenner syn auto, fytsen en ark en reau opbergje kin, is dy faak út it hûs wei streekrjocht tagonklik fia in doar, almeast út 'e bykoken wei. De grûn dy't wol by it hûs heart, mar dy't bûten de muorren leit, hjit it hiem. Dat bestiet meastal út in tún, mei in oprit nei de garaazje, as dy der is. As der oan 'e sydkant fan it hûs gjin hiem is, kin de tún opdield wêze yn in (faak lytsige) foartún foarhûs en in (ornaris gruttere) eftertún efterhûs.

Yn Nederlân binne fia it Boubeslút alderhanne easken oan in hûs steld. Sa moat it húske út 'e wenkeamer wei fia twa doarren berikt wurde. Ek moat de doar dy't streekrjocht út 'e hûs wei tagong jout ta de garaazje in brânwarrende doar wêze dy't net yn 'e koken útkomme mei.

De nêsten fan in wytgatsweltsjes ûnder de daksgoate.

Bewenning

De measte huzen binne bedoeld foar mear as ien bewenner. Dêrom is der yn 'e regel ek mear as ien sliepkeamer. Huzen wurde almeast boud mei in gesin op it each, besteande út âldelju mei ien of mear bern. Hieltyd faker komt it lykwols foar dat in hûs bewenne wurdt troch in allinnichsteande. In frou fan in troud pear of in gearwenjend stel dy't sels gjin betelle wurk hat, mar foar de bern soarget en de húshâlding docht, wurdt in húsfrou neamd. In man dy't dat docht, is in húsman.

Behalven minsklike bewenners hat in hûs hast altyd ek dierlike bewenners. Dêrby kin it gean om 'e húsdieren fan 'e bewenners, lykas hûnen, katten, goudfisken, kavia's, hamsters, kanaarjes, fretten, ensfh. Bisten dy't yn frijwol alle huzen foarkomme, ek as der gjin húsdieren wenje, binne lykwols hûsspinnen, langpoatspinnen, tûzenpoaten, miljoenpoaten, hûsstofmiten (miljoenen per wente), stienkrobben, earkrûpers, kakkerlakken, boekfiskjes en oar wrimelt dat ornaris troch minsken oantsjut wurdt as ûngedierte. Soms kinne der, fral yn âldere huzen, ek mûzen sitte, of sels rotten. As der hûnen of katten binne, kin men der fan op oan dat der ek flieën wêze sille. Foarhinne kamen ek houtwjirms en boekewjirms foar, mar dy binne ferdwûn mei de yntroduksje fan 'e sintrale ferwaarming. Wytgatsweltsjes nêstelje gauris ûnder de daksgoate, en mosken nêstelen foarhinne (doe't se dêr noch komme koene) faak ûnder de dakpannen.

Keap en hier

Guon huzen, de saneamde keapwenten, binne it besit fan 'e bewenner. Men kin lykwols ek tsjin betelling yn in hûs wenje dat it eigendom is fan in oar. Dan sprekt men fan in hierwente. De hier is it bedrach dat de bewenner, de hierder, yn dat gefal ienris yn 'e moanne oermeitsje moat nei de eigner fan it hûs, de ferhierder. Op 'e lange doer kostet it hieren fan in hûs mear as it keapjen fan in hûs, mar foar lju dy't gjin heech ynkommen hawwe, is it makliker op te bringen. Ek foar lju dy't gauris ferhúzje is it handiger. In neidiel is dat hierders gjin eigen baas binne oer har eigen hûs. De ferhierder kin in wenningkorporaasje wêze, dy't sûnder ynspraak fan 'e bewenners ta renovaasje of sels ôfbraak beslute kin, of in húskesmelker, dy't neat oan ûnderhâld docht, mar de hierders safolle mooglik betelje litte wol.

In protte lju dy't in keapwente keapje, hawwe dêr sels net genôch jild foar en moatte by in bank in langrinnende liening ôfslute dy't in hypoteek neamd wurdt. It foardiel fan keapjen is dat it hûs jins eigendom is en dat men der mei dwaan kin wat men wol. Neidiel is dat men sels it ûnderhâld betelje moat, dat op jierbasis al gau yn 'e tûzenen euro's rint. Guon lju kreakje in wente ynstee fan him te keapjen of te hieren. Sokke kreakers kringe yllegaal in leechsteand hûs yn en sette har der nei wenjen sûnder har wat oan 'e wet gelegen lizze te litten.

In twa-ûnder-ien-kapwente.
Rychjeshuzen.
In hoekhûs.
In bungalow.

Ferfraaiïng

Yn 'e Westerske wrâld besteegje minsken faak in protte tiid en jild oan it ferfraaien fan harren hûs. Net inkeld wurdt it ornaris nei eigen smaak ynrjochte en goed skjinholden, mar ek wurdt it gauris ferboud. By sa'n ferbouwing wurdt dan meastal in diel fan it hûs feroare of fernijd, lykas de koken of de badkeamer. Wat men ek faak sjocht, is dat der in kajút op it dak boud wurdt om mear ljocht en fral romte yn ien of mear sliepkeamers te bringen, of dat der, almeast yn 'e eftertún, in útbou oan it hûs makke wurdt, bgl. yn 'e foarm fan in serre.

Soarten huzen

Der besteane trije soarten huzen as men sjocht nei horizontale bebouwing:

  • frijsteand hûs (iepen bebouwing): in allinnichsteande wente mei oan alle omkanten romte.
  • twa-ûnder-ien-kapwente (healiepen bebouwing): in hûs dat oan ien fan 'e sydkanten oan ien oar hûs fêstboud is, dêr't it it dak mei dielt.
  • rychjeshûs (sletten bebouwing): in hûs dat diel útmakket fan in hiele rige huzen dy't oan 'e sydkanten oaninoar boud binne. De huzen dy't oan 'e beide úteinen fan 'e rige steane, hjitte dan it hoekhûs.

Der besteane ek ferskillende soarten huzen as men sjocht nei fertikale bebouwing:

  • ûnderwente: in wente op 'e begeane grûn fan in gebou dêr't mear wenten diel fan útmeitsje.
  • boppewente: in wente op in hegere ferdjipping fan in gebou dêr't mear wenten diel fan útmeitsje. Sa'n hûs hat gauris wol in ôfsûnderlike yngong.
  • appartemint: in wente dy't mar ien wenlaach hat en diel útmakket fan in flatgebou of appartemintekompleks mei in grut tal ferdjippings.
  • mêsonette: in wente dy't mear as ien wenlaach hat (ornaris twa) en diel útmakket fan in flatgebou of appartemintekompleks mei in grut tal ferdjippings.

Ferdield nei bewenning ûnderskiedt men:

  • iengesinswente: in hûs dat bedoeld is om troch in gesin bewenne te wurden.
  • studinteflat: in appartemint besteande út ien faak frij lytse keamer, bedoeld om bewenne te wurden troch in studint. It makket diel út fan in ornaris grut flatgebou, wêrby't in stikmannich fan sokke studinteflats ien mienskiplike koken en in mienskiplike wc- en dûsromte diele. Fan 'e kokens binne der faak twa per ferdjipping, oan wjerskanten fan it treppehûs ien.
  • appartemint yn in fersoargingstehûs: lju op jierren en minsken mei in geastlike beheining of in slimme lichaamlike beheining wenje faak yn in eigen appartemint dat diel útmakket fan in grutter kompleks fan sokke apparteminten dêr't fersoarging beskikber is. Dêr binne ek mienskiplike romtes om mei-inoar te iten en te rekreëarjen.

Oare soarten huzen binne:

  • bungalow: in hûs wêrfan't alle fertrekken har op 'e ûnderferdjipping befine, en dat gjin boppeferdjipping hat útsein eventueel in lege flierring dêr't men net rjochtop stean kin en dy't inkeld gaadlik is foar opslach.
    • fakânsjehúske: in bungalow dy't bedoeld is om foar koarte tiid hierd te wurden troch fakânsjegongers.
  • filla: in grut, lúkse, frijsteand hûs foar lju út 'e rikere maatskiplike klassen, faak mei in grut hiem.
    • hearehûs: in grutte, romme, yn 'e regel âldere filla mei ferskate ferjippings, mear fertrekken as de measte huzen en hege plafons.
  • huzinge: it wendiel fan in pleats.
  • paleis: in tige grutte en tige lúkse filla dy't bewenne wurdt troch leden fan in keninklik hûs of oare lju fan heechaadlik komôf.
  • trochskynwente: in hûs mei in wenkeamer dy't sawol oan 'e foar- as de eftergevel grinzget, en dêr't de sinne sadwaande fan 'e iene nei de oare kant trochhinne skine kin.

Boumateriaal

Fan 'e prehistoarje oant fier yn 'e Midsiuwen bouden in protte minsken harren huzen fan liem dat se smaarden op ferfrissele tinne tûken, dy't teannen neamd waarden. Letter waarden der folslein houtene huzen fan seage planken boud, dy't tige brângefaarlik wiene. Noch wer letter waarden huzen boud fan natoerstien of bakstien. Yn earmere kriten, benammen heechfean- en heidegebieten, wennen lju lykwols oant yn 'e iere tweintichste iuw yn spithutten, dy't heal ûnder de grûn boud wiene en mei sjêden beklaaid waarden.

In tradisjoneel houten hûs yn Poalen.

Hjoed oan 'e dei wurdt by de bou fan huzen faak beton brûkt. Yn noardlik Nederlân, dêr't in protte sodzige grûn foarkomt, wurdt lykwols ek no noch in protte oan houtskeletbou dien. Dêrby wurde alle binnenmuorren en flierren fan houten balken makke mei tuskenromten fol isolaasjemateriaal, dy't beklaaid wurde mei gipsplaten (muorren) of spaanplaten (flierren). Inkeld de bûtenmuorren binne by houtskeletbou fan bakstien. De reden dêrfoar is om't der oars in folle draachkrêftiger fûnemint oanlein wurde moat. It neidiel fan houtskeletbou is lykwols dat de hichte fan bouwen beheind is.

By heechbou moat wol fan beton gebrûk makke wurde om 'e stabiliteit fan it bouwurk te garandearjen. As it om hiele hege gebouwen giet, is beton lykwols wer te swier, en wurdt der benammen gebrûk makke fan stielene balken. Gebrûk fan beton of stiel fereasket in goed fûnemint. Op sloppe (fean)grûn moatte dêrfoar benammen yn westlik Nederlân lange houtene of betonnene heipeallen slein wurde oant se in stevige sânlaach berikke.

Tsjintwurdich wurde almar mear huzen yn fabriken prefabrisearre, sadat op it plak fan 'e bou hiele muorren yn ien kear mei hyskranen te plak set wurde kinne. Sokke huzen wurde prefabwenten neamd.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.