Hâns Willem baron fan Aylva (Holwert, 1633 - Leuven, 21 febrewaris 1691) wenne op slot Herwey dat by Ternaard stien hat. Hy wie Luitenant-Generaal fan de Feriene Nederlannen, Luitenant-Admiraal van Fryslân, gûverneur fan Coevorden. Hy stjert yn Leuven troch in fal fan it hynder. Yn it gemeentehûs hinget in portret fan him, skildere troch Ferdinand Bol.
Fan Aylva die mei oan de Tocht nei Chatham yn 1662, mei û.o. Enno Doedes Star.
Fan Aylva spile in wichtige rol yn it Rampjier 1672 doe't de Republyk fan alle kanten oanfallen waard troch de Ingelsken, Frânsen en Muntersen. Hy wie befelhawwer fan it Fryske leger dat ynearsten oan it súdlike front by de Ryn opereare hie en troch him gau werom lutsen waard nei Fryslân. Hastich waard de Fryske Wetterliny út de Tachtichjierrige oarloch wersteld. Efter de mânske feansompen wie Fryslân ûnder fan Aylva reedlik feilich. In ynsidintele oanfal op 26 july troch de Munterske kavalery koe troch him ôfslein wurde en de winter fan 1672-1673 makke mânske militêre aksjes net mooglik. Yn augustus 1673 foel it Munsterke leger Fryslân opnij oan. De ynfallers brutsen troch de ferdigeningsliny hinne, mar fûleindige reinfal ferhindere de plannen en liet de oanfal mislearje.
De Frânske leelje út it âlde wapen fan West-Dongeradiel komt út it wapen fan de Aylva's.