Gunnbjørn Ulfsson (Yslânske stavering: Gunnbjörn Úlfsson), ek wol Gunnbjörn Ulf-Krakuson, wie de earste Jeropeaan dy’t Noard-Amearika sjoen hat.

Ulfsson wie fan koers rekke doe’t hy ûnderweis wie fan Noarwegen nei Yslân. Hy en syn manskippen seagen eilannen deunby Grienlân. Ulfsson kaam net oan lân. Grienlân, fysyk en kultureel part fan Noard-Amearika, wurdt skaat fan Ellesmere troch in smelle seestrjitte, dat de ûntdekking fan Ulfsson hat it earste kontakt tusken Jeropa en Noard-Amearika west. De krekte datum fan it barren is net fêstlein yn de sêgen. Ferskate boarnen neame datums fan 876 oant 932, mar dit moatte allegear rûzings wêze; Mar de iere 10e iuw is nei alle gedachten it meast wierskynlik. It earste besykjen om op Ulfsson syn lân oan lân te gean, waard dien troch Snaebjörn Galti om 978 hinne, folge troch syn soan Erik de Reade, dy’t ek it fêstelân fan Grienlân ferkende, en al gau delsettings begjinne soe. Beide manne moattte op beskriuwings fan Ulfsson fart hawwe. De heechste berch fan Grienlân, 3.694 meter heech hat de namme fan Ulfsson krigen om him te earen, de Gunnbjørn Fjeld.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.