Gunganen (Ingelsk: Gungans; inkeltal: Gungaan) binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. Hja binne amfibyske humanoïden dy't ûnderskaat wurde troch in foarútstykjende snút en tige lange earen, dy't ôfhingje oant op 'e skouderblêden. De eagen, dy't giel fan kleur binne mei swarte irissen, sitte heech op 'e holle, sadat Gunganen boppe wetter útsjen kinne, wylst tagelyk safolle mooglik fan harren lichem ûnder it wetteroerflak bliuwt. Gunganen hawwe fierders grutte noasters en rjochte, fjouwerkante tosken. Se beskikke oer trije fingers plus in tomme oan eltse hân en fjouwer teannen oan 'e fuotten. Harren hûdskleur fariëarret en kin rôze wêze, lykas by Jar Jar Binks, of gielich grien, lykas by baas Nass, of lila-pearzich, lykas by kaptein Roos Tarpals. Dêrby hawwe de rêch, de foarkant fan 'e earms en de boppekant fan 'e holle, snút, hannen en fuotten de dûnkerste kleur, wylst de búk, kiel, de efterkant fan 'e earms en de ûnderkant fan 'e snút, hannen en fuotten it ljochtst binne, faak suver in tint fan brutsen wyt. Gunganen lykje foar minsklike eagen suver wol androgyn, mar se hawwe krekt as minsken twa seksen en plantsje har fuort op geslachtlike wize. De manlju binne wat langer en spiersterker as de froulju, dy't it foar de moade hawwe en byn harren lange earen gear yn in soarte fan hynstesturt.
De Gunganen binne lânseigen op 'e planeet Naboo, dêr't se har ûntwikkele hawwe yn 'e sompen fan it leechlân. Op it drûge binne se gauris ûnhandich op it knoffelige ôf, mar as se ûnder wetter swimme, feroarje se yn tige elegante en grasjeuze wêzens. Gunganen hawwe gearstalde longen, dêr't se sawol lucht as wetter mei sykhelje kinne. Se libje yn ûnderwetterstêden besteande út saneamde 'wenbûlen', dy't it wetter bûtenhâlde troch krêftige hydrostatyske membranen. Spesjale portaalsônes soargje derfoar dat Gunganen de wenbûlen yn- en útgean kinne sûnder dat se troch in luchtslûs hoege. Hoewol't se hannel driuwe mei de minsklike bewenners fan Naboo om oan beskate technologyske foarwerpen te kommen, meitsje se it measte dat se brek binne sels. Se brûke guon meganyske ferfiermiddels, lykas ûnderseeboaten, mar oer it algemien jouwe se der de foarkar oan om deun by de natoer te libjen. Op it lân meitsje se sadwaande gebrûk fan libbene ryddieren, lykas de twaskonkige kaadu (dy't derút sjogge as grutte fearleaze fûgels), lûkdieren, lykas de falumpaset (dy't wol wat wei hat in kamiel sûnder bulte), en lêstdieren, lykas de fambaa (in soarte fan reuzehagedis mei in skofthichte fan 4 m).
De relaasje tusken de Gunganen en de minsklike kolonisten op Naboo is kompleks. De Nabooaanske minsken stamje ôf fan 'e opfarrenden fan in kolonisaasjeskip fan 'e planeet Grizmallt, dat likernôch 3.900 jier foar de foarfallen yn 'e films fan 'e Skywalker Saga skipbrek litte op Naboo. Mei't de planeet tige gaadlik liek foar minsklike bewenning, besleaten de skipbreklingen har der foargoed nei wenjen te setten en net nei rêding en evakuaasje te stribjen. Binnen inkele wiken nei harren oankomst op 'e planeet fûn it earste kontakt plak tusken minsken en Gunganen, mar hoewol't beide groepen wantrouwich foarinoar oer stiene, waard der gjin geweld brûkt. De beide befolkingsgroepen berikten in min ofte mear freedsume koëksistinsje om't de minsken har nei wenjen setten yn it drûgere heechlân en op 'e útstrutsen flakten, gebieten dy't foar de amfibyske Gunganen ûnbewenber wiene. De spannings bleaune lykwols heech, mei't de Gunganen de minsken beskôgen as arrogante lefferts, wylst de minsken de Gunganen seagen as ûnbeskaafde barbaren. Pas ûnder de Nabookrisis, doe't keninginne Padmé Amidala in út need berne militêr bûnsgenoatskip mei de Gunganen beävensearre tsjin in mienskiplike fijân, de Hannelsfederaasje, kaam der foar it earst neieroankommen tusken de beide befolkingsgroepen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
bûtenierdsk libben út Star Wars | |
---|---|
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens | |
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks | |
bûtenierdske floara en fauna | |
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa |