De Gulp yn Slenaken
De Gulp yn Gulpen

De Gulp (Frânsk: Galoppe) is in sydstream fan de Geul yn de Belgyske provinsjes Luik en Limburch, krekter yn de eksklave Voeren, en it suden fan Nederlânsk Limburch. De rivier is sa'n 22 kilometer lang fan de boarne by Hendrik-Kapelle oant de útmûning by motte Gracht Burggraaf by Gulpen. Ut reden fan de protte meänders is de langte dreech sekuer te mjitten.

De Gulp is in echte forellestream: fluch streamend wetter mei in protte soerstof. Der sitte sadwaande in soad beekforelen (Salmo trutta fario). It lânskip fan de smelle delling fan de Gulp hat in soad fan dy fan de Geul: ôfwikseljend leafbosken, greiden, ikkers, sompige iggen, dobben, hôven en holle wegen.

De Gulp hat yn de rin fan iuwen tal fan wettermmûnen wetter levere.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.