Guardians of the Oglala Nation | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | GOONs | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type org. | milysje | |
wurkmêd | paramilitêr | |
haadkertier | Pine Ridge (Súd-Dakota) | |
oprjochte | 1972 | |
opdoekt | 1976 | |
oprjochter | Dick Wilson | |
aktyf yn | Pine Ridge Yndianereservaat | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
De Guardians of the Oglala Nation ("Bewekkers", "Beskermers" of "Fâden fan de Oglala-naasje"), yn 'e regel ôfkoarte ta GOONs, wiene in paramilitêre milysje dy't tusken 1972 en 1976 aktyf wie yn it Pine Ridge Yndianereservaat fan 'e Oglala Sû Stamme, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota.
Formaasje
Under it presidintskip fan 'e autoritêre Dick Wilson ûntstie der fan febrewaris 1972 ôf yn it Pine Ridge Reservaat in polarisearre sitewaasje, wêrby't Wilson syn oanhingers (foar it meastepart healbloed-Lakota út it doarp Pine Ridge) en de fertsjintwurdigers fan it Amerikaanske federale regear, dat syn belied stipe, rjocht foar de Yndiaanske tradisjonalisten yn it reservaat en de jonge aktivisten fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM) oer kamen te stean. Neigeraden dat de twaspjalt oanboaze, toande Wilson him almar agressiver foar syn politike tsjinstanners oer.
Doe't sa'n 500 leden fan 'e AIM yn oktober 1972 it kantoar fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) yn Washington, D.C. besetten en dêr foar $700.000 skea oanrjochten, liet Wilson dêrtsjin op 10 novimber yn 'e stammeried fan 'e Oglala Sû Stamme ferskate resolúsjes oannimme. Ien dêrfan joech himsels it rjocht om "lykfol hokker aksje te ûndernimmen wêrfan't hy fûn dat dy nedich wie om 'e libbens en eigendommen [fan 'e ynwenners fan it reservaat] te beskermjen en om de frede en weardichheid yn it Pine Ridge Reservaat te bewissigjen." Koarte tiid letter brûkte Wilson dy resolúsje as wetlike grûn om in eigen paramilitêre milysje op te rjochtsjen, dy't er de Guardians of the Oglala Nation neamde.
Wilson syn tsjinstanners neamden dy organisaasje minachtsjend the goon squad, wêrmei't se ferwiisden nei de Amerikaansk-Ingelske term goon, dat in swiere jonge betsjut dy't ynhierd is ta yntimidaasje fan trêden. De leden fan 'e milysje namen de namme 'GOONs' lykwols oan as in soarte fan geuzenamme. De GOONs waarden finansierd fia it stammeregear, neffens skriuwer en earder CIA-agint Peter Matthiesen troch misbesteging fan jild dat bedoeld wie foar it feiliger meitsjen fan 'e snelwegen yn it reservaat.
Aksjes
Al rillegau sette Wilson syn GOONs yn om syn politike tsjinstanners te yntimidearjen, te bedrigen of te mishanneljen. Under de Besetting fan Wounded Knee, wêrby't aktivisten fan 'e AIM en Yndiaanske tradisjonalisten út it Pine Ridge Reservaat fan 27 febrewaris oant 8 maaie it doarp Wounded Knee beset holden en in belegering fan 71 dagen troch de FBI en de United States Marshals Service trochstiene, setten de GOONs op alle tagongswegen nei Wounded Knee dykôfsettings op. Dêr stjoerden se sympatisanten fan 'e aktivisten, dy't nei Wounded Knee ta woene om 'e besetters moreel te stypjen of om har by harren te jaan, mei hurde hân werom, en holden se ek sjoernalisten en ferslachjouwers tsjin. Under de besetting wiene der ek ferskate fjoergefjochten tusken de GOONs en de aktivisten.
Nei't de besetting beëinige wie, hold de konfliktsitewaasje yn it Pine Ridge Reservaat noch trije jier oan. Wilson fierde mei syn GOONs in wier skrikbewâld, en hie dêrfoar de stipe fan 'e Amerikaanske oerheid. Yn dy trije jier kamen mear as 50 fan syn politike tsjinstanners troch geweld om it libben, wêrûnder Pedro Bissonette, de lieder fan 'e minskerjochte-organisaasje Oglala Civil Rights Organization (OSCRO), dy't op 17 oktober 1973 fan in ôfstân fan 60 sm troch in BIA-agint mei in gewear deasketten waard, om't er him ferset hawwe soe tsjin syn arrestaasje. Behalven oan moard makken Wilson en syn oanhingers har ek allegeduerigen skuldich oan mishanneling en brânstifting. Yn febrewaris 1975 soe Wilson persoanlik lieding jûn hawwe oan 'e mishanneling fan seis abbekaten yn 'e tsjinst fan 'e AIM, mar de autoriteiten wegeren om 'e saak yn behanneling te nimmen.
Ein
Yn 1974 waard Wilson werkeazen by ferkiezings dy't bol stiene fan 'e stimbusfraude en kiezersyntimidaasje, mar doe't de útslach oanfochten waard, stelde in Amerikaanske federale rjochter him yn it gelyk en koed er noch twa jier stammepresidint bliuwe. Pas doe't Wilson by de ferkiezings fan 1976 mei in romme marzje ferslein waard troch syn tsjinstanner Al Trimble, kaam der in ein oan it klimaat fan eangstme en yntimidaasje dat yn it reservaat hearske. It ûntbinen fan 'e GOONs wie foar Trimble ien fan 'e heechste prioriteiten en wie sadwaande ien fan syn earste dieden nei't er ynsward wie as stammepresidint. Dat betsjutte de ein foar de milysje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |