
Gryt Witbraad
Gryt Witbraad-Van der Meer (Heech, 13 oktober 1944) is in Fryske dichteresse út Aldegea.
Yn 1991 wûn se de earste priis yn 'e priisfraach fan 'e Kulturele Ried Wymbritseradiel mei it fers 'k Wie trije Jier. Foar it gedicht Terptsjerke krige hja yn 1993 de Sulveren Pinne fan SLAH (Stichting Literêre Aktiviteiten It Hearrenfean) en it gedicht Gearrin waard yn 1996 bekroane mei de Rely Jorritsmapriis. Yn 2000 wûn se dizze priis mei Simmersêne.
Wurk
- Prelude, dichtbondel (1998)
- Dagen, dichtbondel (2001)
- Bôle mei fla deroer, Portretten út Aldegea (2005)
- Swije, novelle (2015)
Keppeling om utens
Prizen
- 1996: Rely Jorritsmapriis foar it fers Gearrin.
- 2000: Rely Jorritsmapriis foar it fers Simmersêne.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.