Mei de term Gryksk-Otterdokse Tsjerke (Gryksk: Ελληνορθόδοξη Εκκλησία, Ellinorthoxi Ekklisia) wurdt in espel kristlike tsjerken oantsjutten binnen it gruttere ferbân fan 'e eastersk-otterdoksy. It hjoeddeiske territoarium fan dizze tsjerken beslacht rûchwei it eastlik bekken fan 'e Middellânske See, likernôch it gebiet dat eartiids ta it Byzantynske Ryk hearde. Harren oarsprong fine dizze tsjerken yn 'e iere kristlike tsjerke, en se hâlde fêst oan in grut ferskaat fan tradysjes dy't yn 'e iere tsjerke al wenst wiene, lykas it gebrûk fan Hellenistysk Gryksk (de taal fan it Nije Testamint) as liturgyske taal, it preesterskip, it biskopsamt, it jin krúskjen, it gebrûk fan wijreek, ensfh. Oars as by de Roomsk-Katolike Tsjerke it gefal is, stiet oan it haad fan 'e ûnderskate Gryksk-otterdokse tsjerken net ien inkele paus, mar in komitee fan biskoppen, de Hillige Synoade, wêrby't ien fan harren de earetitel fan "earste ûnder syn gelikensen" beklaait en sadwaande de patriarch neamd wurdt.
De Gryksk-Otterdokse Tsjerke is as selsstannige organisaasje ûntstien by it Grutte Skisma fan 1054, doe't fanwegen in dogmatysk skeel de paus fan Rome de patriarch fan Konstantinopel ekskommunisearre en vice versa. De ûnderskate hjoeddeiske Gryksk-otterdokse tsjerken binne mei-inoar en mei oare eastersk-otterdokse tsjerken (lykas de Russysk-, Georgysk-, Bulgaarsk-, Roemeensk- en Servysk-Otterdokse Tsjerke) feriene troch in mienskiplike leauwenslear en in mienskiplike foarm fan earetsjinst, en sjogge harsels net as aparte denominaasjes, mar as de ferskillende bestjoersienheden fan ien en deselde tsjerke (de Otterdokse Tsjerke). Dêrfandinne dat se sa goed as allegear de patriarch fan Konstantinopel erkenne as symboalysk tsjerklieder.
De ûnderskate Gryksk-otterdokse tsjerken
De eastersk-otterdokse tsjerken dy't ûnder de beneaming "Gryksk-otterdoks" falle, binne:
- de 4 âlde partriargaten:
- it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel (mei syn sit yn Istanbûl, yn Turkije)
- de 3 ûnderhearrichheden fan it Oekumenyske Patriargaat fan Konstantinopel dy't om histoaryske redens selsstannich (bleaun) binne:
- de autosefale (selsbestjoerende) Tsjerke fan Kreta (mei syn sit yn Heraklion, op Kreta)
- de autosefale Monastyske Mienskip fan 'e Hillige Berch (mei syn sit te Athos, yn Grikelân; in kleastermienskip)
- it Patriargale Eksargaat Patmos (mei syn sit te Patmos, yn Grikelân)
- de 4 epargyen fan it Oekumenyske Patriargaat fan Konstantinopel (stifte foar Grykske emigranten):
- it Gryksk-Otterdokse Aartsbisdom Thyateira en Grut-Brittanje (mei syn sit yn Londen, yn Grut-Brittanje)
- it Gryksk-Otterdokse Aartsbisdom Itaalje en Malta (mei syn sit yn Feneesje, yn Itaalje)
- it Gryksk-Otterdokse Aartsbisdom Amearika (mei syn sit yn New York, yn 'e Feriene Steaten)
- it Gryksk-Otterdokse Aartsbisdom Austraalje (mei syn sit yn Sydney, yn Austraalje)
- de 3 ûnderhearrichheden fan it Oekumenyske Patriargaat fan Konstantinopel dy't om histoaryske redens selsstannich (bleaun) binne:
- de Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Aleksandrië (mei syn sit yn Aleksandrië, yn Egypte)
- de Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië (mei syn sit yn Damaskus, yn Syrje)
- it autosefale Antiocheensk-Otterdoks Kristlike Aartsbisdom fan Noard-Amearika (mei syn sit yn New York, yn 'e Feriene Steaten; stifte foar Middeneastlike Gryksk-otterdokse emigranten)
- de Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Jeruzalim (mei syn sit yn East-Jeruzalim, yn Palestina)
- de autonome Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan de Sinaï (mei syn sit yn it kleaster Sint Katerine; in kleastermienskip dy't om histoaryske redens selsstannich bleaun is)
- it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel (mei syn sit yn Istanbûl, yn Turkije)
- 2 nasjonale autosefale tsjerken:
- de Tsjerke fan Grikelân (mei syn sit yn Atene, yn Grikelân)
- de Tsjerke fan Syprus (mei syn sit yn Nikosia, op Syprus)
- de Albaneesk-Otterdokse Tsjerke (mei syn sit yn Tirana, yn Albaanje; inkeld ek wol bekend as de Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Albaanje)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|