Troides brookiana
Grahium agamemnom
Pachliopta hector

De grutte paazjes (Papilioninae) binne in ûnderfamylje fan de paazjes (Papilionidae).

Beskriuwing

De grutte paazjes wurde oeral yn de wrâld sjoen, mar it meast komme se foar in de tropen. Der binne ongefear 480 soarten. De grutte paazjes binne faak giel mei swart en hawwe sturten oan de efterwjukken. De mantsjes fan de grutte paazjes fertoane hill-topping. Dat betsjut dat in soart flinters byinoar komme op in heuveltop yn it lânskip, dêr't se inoar opsykje.

Klassifikaasje

  • famylje paazjes (Pailionidae)
    • ûnderfamylje grutte paazjes (Papilioninae)
      • tûke echte grutte paazjes (Papilionini)
      • tûke fûgelwjukflinters en sibben (Troidini)
        • skaai Amerikaanske swellesturtflinters (Battus)
        • skaai fûgelwjukflinters (Troides)
        • skaai Filipynske fûgelwjukflinters (Trogonoptera)
        • skaai flearmûsflinters (Atrophaneura)
        • skaai gnodzesturtflinters (Losaria)
        • skaai klearwjukflinters (Cressida)
        • skaai kowehertflinters (Parides)
        • skaai Madagaskarswellesturtflinters (Pharmacophagus)
        • skaai Melanezyske fûgelwjukflinters (Ornithoptera)
        • skaai roasflinters (Pachliopta)
        • skaai Súdamerikaanske fûgelwjukflinters (Euryades)
        • skaai wynmoleflinters (Byasa)
      • tûke kaisar-i-hindflinters (Teinopalpini)
        • skaai kaisar-i-hinds (Teinopalpus)
      • tûke jufferswellesturtflinters en sibben (Leptocircini, foarh. Graphiini)
        • skaai draakjeswellesturten (Eurytides)
        • skaai drakesturtflinters (Lamproptera)
        • skaai jufferswellesturtflinters (Graphium)
        • skaai fjouwerstreekte swurdsturtflinters (Protographium)
        • skaai gorgonflinters (Meandrusa)
        • skaai keningspaazjes (Iphiclides)
        • skaai swurdsturtflinters (Protesilaus)
        • skaai ûnechte kowehertflinters (Mimoides)

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.