Grutte of Stefanustsjerke
Lokaasje
provinsje Oerisel
gemeente Zwartewaterland
plak Hasselt
adresMarkt 8
koördinaten52° 35'N 6° 5' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipPKN
patroanhilligeStefanus
Arsjitektuer
boujier15e eeuw
boustylGotyk
Webside
Side herfoarme gemeente
Kaart
Grutte of Stefanustsjerke (Oerisel)
Grutte of Stefanustsjerke

De Grutte of Stefanustsjerke is in letgoatyske herfoarme tsjerke yn de hânzestêd Hasselt.

Gemeente

De herfoarme gemeente makket sûnt 2004 diel út fan de Protestanske Tsjerke yn Nederlân. It profyl fan 'e gemeente is rjochtsinnich mei in sinjatuer fan it Grifformearde Bûn; der wurde yn de earetsjinst allinnich psalmen songen en ek de tradysje fan net-ritmysk songen wurdt troch de gemeente noch regelmjittich yn eare holden.

Bouskiednis

Slútstien fan Stefanus yn it koerferwulft fan it middenskip

De oarspronklik oan Stefanus wijde tsjerke, de earste martelder fan it kristendom, wie in romaansk gebou, dy't yn 1380 troch brân ferwoastge waard. Fuort nei de brân folge de tastimming fan 'e biskop fan Utert foar de weropbou fan de tsjerke. Nei alle gedachten waard it haadkoer noch yn 'e 14e iuw foltôge. It middenskip en de toer waarden yn 1466 foltôge. Dêrnei folge de útbou fan de tsjerke ta in trijeskippige halletsjerke mei in noarder- en suderkoer. Om likernôch 1500 hinne folge de oanbou sakristy oan it súdlike koer en de oanbou fan de kapel fan it Hillich Grêf oan de muorre fan it súdlike skip. De romte tusken de sakristy en de Hillich Grêfkapel is neitiid boud. De tsjerke is foar it measte mei bakstien boud, mar grutte dielen fan 'e beklaaing fan 'e toer en it meast westlike diel fan it súdlike skip binne mei dowestien útfierd.

De rivaliteit fan de stêd Hasselt mei Swol resultearre yn 1657 yn in oanfal fan Swol op Hasselt. De besjittings op Hasselt brochten ek skea oan 'e tsjerke, dy't neitiid ferholpen waard.

Sakristy (tsjintwurdich konsistoarje

Yn 1725 waard de toer troch de bliksem troffen en ûntstie der in grutte brân, dy't net allinnich skea oan de toer mar ek de tsjerke skeinde. Der folge in renovaasje, wêrby't de muorren ferhege waarden, it dak fan de tsjerke fernijd waard en de toer de hjoeddeiske spits krige.

Ynterieur

Hillige Skrift

De ienfâldich útfierde, seissidige preekstoel stiet oan in pylder tusken it midden- en it noardlike skip en is lykas it doophek 17e-iuwsk. Yn it noardlike sydskip stiet in teffens 17e iuwsk bankeblok. Yn it ferwulft fan it koer fan it middenskip is in slútstien te sjen mei in ôfbyld fan de oarspronklike patroanhillige fan 'e tsjerke.

De hege steande klok yn it súdlike koer stamt út de 18e iuw.

Foar de noardlike tagong oer is út de katolike tiid oan in pylder in grut fresko fan de hillige Kristoffel bewarre bleaun.

It Rudolf Knol-oargel

Ferspraat oer de flierren fan de tsjerke lizze meardere grêfsarken. De wapens op 'e sarken binne yn 'e Frânske tiid fuorthakt. Yn it súdlike koer leit noch in stien mei wijingskrúskes, dat yn de katolike tiid as alterblêd tsjinne hat.

De twa liedklokken fan 'e tsjerke stamme út 1617 en 1674. Fierder steane der ûnder de toer twa klokken opsteld, dy't getten binne yn 1662 en ûnderdiel wiene fan in karriljon, dat getten wie troch de bruorren Hemony en by de bliksemynslach fan 1725 ferlern gyng. It tsjintwurdige karriljon waard yn 1973 getten troch de firma Eijsbouts út Asten.[1]

Oargel

Yn 'e tsjerke stiet in wichtich oargel dat troch de East-Fries Rudolf Knol boud is en lanlik bekend is fanwegen de klank en de goede akoestyk fan 'e tsjerke.

It Knol-oargel ferfong yn it begjin fan 'e 19e iuw it oargel dat yn 1725 by de bliksemynslach ferlern gyng en waard op 30 maart 1807 yn gebrûk nommen. Yn it ramt fan de tsjerkerestauraasje yn 'e jierren 1960 waard it oargel yn 1969 troch K.B. Blank & Soan restaurearre, werombrocht yn 'e oarspronklike steat en útwreide mei in frij pedaal.

Foar it lêst is it oargel yn 2012 troch de firma Verschueren út Heythuysen renovearre. By it wurk is doe de funksje fan de twadde wynlade op 'e wynlade fan it rêchwurk ûntdutsen. Ut ûndersyk die bliken dat dy twadde wynlade ornearre wie om dêrmei pianoforte-effekten te beävensearjen, in foarsjenning dy't foar Nederlân by twamanualige oargels unyk is. Fiif registers fan it rêchwurk kinne tagelyk útskeakele wurde, wêrtroch it liket dat it oargel trije manualen hat. Oan it fakante register waard nei it oankoppeljen fan in ûntbrekkende registerwals in nije plaatsje mei dêrop de letters pf (pianoforte) oanbrocht.[2].[3][4]

It oargelfront is fersierd mei tsien bylden fan 'e Amsterdamke byldhouwer Lorenzo Grisanti.

Ofbylden

Keppeling om utens

Side beskriuwing, skiednis en disposysje oargel

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Noord- en Oost-Salland (1974) – E.H. ter Kuile.
  • Reliwiki, oproppen 23.08.2017
  • Beskriuwing fan it ynterieur dy't yn de Stefanustsjerke te krijen is.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.