Grutte Earn | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Waŋbdí Tháŋka | |
oare namme | Big Eagle | |
berne | ±1827 | |
berteplak | by Eagan (Minnesota) | |
stoarn | 1906 | |
etnisiteit | Dakota-Sû (Sioux) | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Mdewakanton | |
jierren aktyf | 1857 – 1906 |
Grutte Earn (Dakota: Waŋbdí Tháŋka, útspr.: [wãb'di: 'tʰã:ka]; Ingelske oersetting: Big Eagle; ±1827 – 1906), wie in opperhaad fan 'e Mdewakanton-substamme fan 'e Eastlike Dakota-Sû (Sioux), in Yndiaansk folk út it gebiet bewesten de Grutte Marren en fan it easten fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy waard benammen bekend troch syn belutsenens by de Dakota-Oarloch fan 1862, doe't er ien fan 'e oanfierders fan syn folk wie.
Libben
Grutte Earn waard berne yn 'e omkriten fan it hjoeddeistige plak Eagan, yn 'e Amerikaanske steat Minnesota. Yn 1857 folge er syn heit Griis Izer (Máza Ȟóta; útspr.: ['ma:za 'χo:ta]) op as opperhaad fan harren Mdewakanton-troep. Mei oare lieders fan 'e Eastlike Dakota reizge er yn 1858 alhiel nei it fiere Washington, D.C., foar ûnderhannelings mei de Amerikanen.
Yn 1862 kamen de Eastlike Dakota yn Minnesota ûnder lieding fan Lytse Krie yn opstân, dêrta dreaun troch in mislearre rispinge nei in winter wêryn't in protte fan harren al de hongerdea stoarn wiene. Yn dy needsitewaasje lieten de jierlikse betellings mar op har wachtsje (dy't it Amerikaanske regear de Dakota neffens de ferdraggen skuldich wie), en de pleatslike keaplju wegeren kâldwei om harren op 'e pof iten te ferkeapjen. Grutte Earn joech him mei syn krigers by de opstannelingen en focht mei yn 'e fjildslaggen by New Ulm, Fort Ridgeley, Birch Coulee en Wood Lake.
Uteinlik moast Grutte Earn him oan 'e Amerikanen oerjaan, wêrnei't er foar de Amerikaanske kriichsrie sleept en mei 302 oare Dakota ta de deastraf feroardiele waard. Op lêst fan presidint Abraham Lincoln waard syn deafûnis lykwols mei dat fan 264 oaren omset yn in finzenisstraf. Rom twa jier siet er fêst yn it tichthûs te Davenport, yn Iowa, oant er yn novimber 1864 amnesty krige en op 3 desimber fan dat jier frijlitten waard. Letter feroare er syn namme yn Jerome Big Eagle, en waard syn ferslach fan 'e Dakota-Oarloch optekene yn A Sioux Story of the War, út 1894. Grutte Earn ferstoar yn 1906, likernôch 79 jier âld.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |