- Dizze side giet oer de rivier yn Eaststellingwerf. Foar de rivier yn Noardeast-Fryslân, sjoch: Dokkumer Grutdjip.
It Grutdjip (Stellingwerfsk en offisjeel: Grootdiep, net te betiizjen mei it Dokkumer Grutdjip) is in rivierke yn de gemeente Eaststellingwerf. It wetter fan sa'n 10 kilomer langte rint fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart tusken Easterwâlde en Appelskea om de eastkant fan Easterwâlde hinne, rint besuden Jardingea lâns en komt dan út yn de Boppe-Tsjonger.
Dêr’t it wetter eartiids de frije rin hie is it yn de rin fan de tiid mear en mear kanalisearre. Skipfeart is net mear mooglik, ek troch in soad keardamen. It wetter ûntsprong yn de mieden tusken Appelskea en Easterwâlde, mar troch it graven fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart is de oarspronklike boarne ferdwûn. It wetter rint earst westlik lâns De Fochtel, súdlik lâns de buorskippen Weper en Bentemaden om dan wat noardwestlik fan Prandingea by Eatserwâlde út te rinnen yn de rivier de Tsjonger.