In grutboer wie eartiids in boer dy't it goed dwaan koe, op in foarname pleats mei in grut lânbesit wenne en ferskate feinten yn 'e tsjinst. Sokke boeren kamen fral foar op 'e Klaai, sawol yn 'e Bouhoeke as yn 'e Greidhoeke. De term komt oerien mei heareboer, dat ek bûten Fryslân foarkomt, bgl. yn 'e Nederlânske hereboer. Bûten Fryslân binne heareboeren fral bekend fan it Grinslânske Hegelân en it Aldamt. Behalven yn noardlik en eastlik Grinslân kamen sokken ek wol foar yn 'e Grinslânske en Drintske feankoloanjes, East-Fryslân en yn Siuwsk-Flaanderen. Yn 'e Gelderske Efterhoeke waarden hja scholteboeren neamd.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.