It havenskip Groningen Seaports is it iepenbier lichem dy't de twa seehavens fan de Nederlânske provinsje Grinslân, de haven fan Delfsyl en de Iemshaven mei de byhearrende yndustrygebieten, beheart. Fan de oprjochting yn 1958 ôf oant 1997 hiete er it Havenskip Delfsyl (Havenschap Delfzijl). Ek de yn Delfsyl lizzende ynhavens, de Farmsumerhaven en Oosterhornhaven, falle ûnder it behear.
Skiednis
Oant 1819 wie it behear oer de haven en it fêstingwurk fan Delfsyl yn hannen fan de ryksoerheid. Dêrnei naam de gemeente Delfsyl it behear oer. De gemeente krige subsydzje fan it Ryk foar it ûnderhâld fan d ehaven. De gemeente koe it allegear net beneikomme en yn 1897 kaam it behear werom by it Ryk. Dy liet de haven yn de tweintichste iuw grutsalich útwreidzje.
Yn 1911 waard it havenbedriuw oerdroegen oan de provinsje Grinslân ûnder de namme "Provinsjaal Havenbedriuw". Nei't er yn 1951 by Hilligerlee en Westerlee sâlt ûnder de boaiem fûn waard, late dat ta in ekonomyske ûntjouwing fan de haven fan Delfsyl. Dêrta moast der in betetr organisaasje komme en yn 1957 waard it Havenskip Delfsyl oprjochte. Dy wie foar 50% yn hannen fan it Ryk, 30% fan de provinsje en 20% fan de gemeente Delfsyl.
Dêrnei waard der yn de Easterhoeke úteinset mei grutte plannen fan in havenkompleks. Dêrtroch moasten de doarpen Heveskes, Oterdum en Weiwerd plakmeitsje dêrfoar. Borgsweer, dy't doe noch yn de gemeente Termunten lei, koe besparre bliuwe. De ûntjouwing rûn goed, dêr't it Ryk en it havenskip op oansetten foar in twadde en gruttere haven, de Iemshaven. Doe't de oaljekrisis fan 1973 útbruts, kamen oan dy ûntjouwings in ein. Grutte parten fan beide havens bleaune lange tii leech stean. Ek yn de Easterhoeke, op it plak fan d etrije sloppte doarpen bleau it lân braak lizzen. Yn de 1980-er jierren gie it grûnbedriuw fan it havenskip fallyt en ûntstie de fraach wa't de skulden fan mear as 220 miljoen gûne betelje moast. De ryksoerheid besocht in maklike manier te finen en besocht út it havenskip wie te stappen. Nei't it kabinet-Lubbers II twatred fan de skulden op him naam, droech de doetiidske gemeente Hefshuizen, dy't doe om de Iemshaven hinne lei, it publykrjochtlik eigendom fan de haven oer.
Yn 1997 stapte de ryksoerheid alhiel út it havenskip wei en trede de gemeente Iemsmûn, dêr't Hefshuizen ûnderwilens yn opgien wie, ta as partner, dêr't de organisaasje troch yn hannen kaam fan de provinsje en de gemeenten Delfsyl en Iemsmûn. Dat jiers waard de namme feroare yn Groningen Seaports.
Belangen
Groningen Seports hat al foar in skoft belangen yn twa ûndernimmings: Fivelpoort, in bedriuwepark yn Appingedam en Groningen Railport, in railterminal yn Feandam, dêr't er in belang fan 66% yn hat. Yn 2020 kamen der by: Sinnepark Valgenweg BV yn Delfsyl mei 25% oandelen, Sunports Delfzijl BV yn Rotterdam mei 49% oandielen en Helios Eemshaven BV mei 20% oandielen.
Resultaten
In oersicht fan de lêste jierren fan de wichtichste sifers:
Omskriuwing | 2005 | 2010 | 2011 | 2012 | 2013 | 2014 | 2015 | 2016 | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Terreinútjefte (yn ha) | 19,1 | 25,4 | 28,9 | 5,7 | 13,3 | 50,6 | 4,4 | 38,3 | 13,4 | 33,9 | 6,4 | 62,5 |
Guodoerslach (*1000 ton) | 7.101 | 7.622 | 8.052 | 8.705 | 7.289 | 10.113 | 11.428 | 11.700 | 12.456 | 13.750 | 12.700 | 10.300 |
Passazjiersbewegings (*1000) | 327 | 371 | 362 | 373 | 383 | 398 | - | - | - | - | - | - |
Omset (€ miljoen) | 11,691 | 36,956 | 23,736 | 28,239 | 35,421 | 51,242 | 35,732 | 51,040 | 45,548 | 41,133 | 33,882 | 90,212 |
Winst (€ miljoen) | 0,827 | 13,288 | 0,063 | 1,586 | 1,036 | 2,691 | 3,550 | 12,176 | 8,375 | 1,558 | 0,460 | 32,553 |
Wurknimmers | 66 | 88 | 90 | 90 | 86 | 83 | 84 | 77 | 81 | 88 | 83 | 83 |