griis iikhoarntsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Sciurus carolinensis | ||||||||||||
Gmelin, 1788 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
foarkommen as eksoat |
It grize iikhoarntsje (Latynske namme: Sciurus carolinensis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e beamiikhoarntsjes (Sciurus), dat fan oarsprong foarkomt yn it eastlike part fan Noard-Amearika. Sûnt de njoggentjinde iuw is dizze soarte troch minsklik yngripen ek trochkrongen yn beskate dielen fan Jeropa en Afrika, mar benammentlik yn Grut-Brittanje, dêr't er it lânseigen (gewoane of reade) iikhoarntsje (Sciurus vulgaris) grutdiels ferkrongen hat. Yn 'e Benelúks komt it grize iikhoarntsje net foar. It grize iikhoarntsje wurdt ek wol (en yn 'e Feriene Steaten hast altyd) it eastlike grize iikhoarntsje neamd, ta ûnderskie fan it westlike grize iikhoarntsje (Sciurus griseus), dat in hiel oare soarte is.
Fersprieding
Algemien foarkommen
It grize iikhoarntsje is lânseigen yn frijwol de hiele eastlike helte fan 'e Feriene Steaten, mei útsûndering fan in stik fan sintraal Floarida en beskate dielen fan 'e Mississippydelta yn súdlik Louisiana en fan it uterste noarden fan Minnesota en Maine. De westgrins fan syn areaal rint fan Teksas yn it suden oer de Grutte Flakten nei Noard-Dakota yn it noarden. Yn Kanada komt it grize iikhoarntsje foar it uterste suden fan Nij-Breunswyk, súdlike dielen fan Kebek en Ontario en yn in gebiet yn 'e sintrale provinsjes Manitoba, Saskatchewan en Alberta, dat rûchwei lykslein wurde kin mei de Kanadeeske prêrjes. Der bestiet ek in populaasje yn Nij-Skotlân, yn 'e Kanadeeske Kustprovinsjes, mar it is ûndúdlik oft it grize iikhoarntsje dêr fan natuere foarkomt of dat er dêr troch de minske yntrodusearre is.
Yn it westen fan 'e Feriene Steaten binne grize iikhoarntsjes yn elts gefal wol deeglik eksoaten, dy't har dêr mei minsklike help fêstige hawwe. Om't it bisten binne dy't har maklik oanpasse oan nije libbensomstannichheden, florearje dy nije populaasjes, û.m. yn 'e omkriten fan San Fransisko, Los Angeles, Portland, Seattle, Tacoma en Spokane. Yn Jeropa waarden tusken 1876 en 1921 yn ferskate stadia mei opsetsin grize iikhoarntsjes útset yn Ingelân, Skotlân en Ierlân. Underwilens hat it grize iikhoarntsje dêr it grutste part fan Grut-Brittanje en de eastlike helte fan Ierlân kolonisearre en it lânseigen (gewoane of reade) iikhoarntsje (Sciurus vulgaris) dêr ferkrongen. Yn 1948 ûntsnapten fierders yn it Noarditaljaanske Piëmont twa pearkes út finzenskip, dy't yn dat gebiet sûnt in florearjende populaasje fêstige hawwe. Fierders hat it grize iikhoarntsje him ek ferspraat nei Súd-Afrika, dêr't er troch de Britske koloniaal Cecil Rhodes ymportearre en yn 'e krite om Kaapstêd hinne yntrodusearre waard, en Austraalje, al waard er dêre yn 1973 wer útrûge.
Foarkommen yn Nederlân
Grize iikhoarntsjes komme sporadysk ek yn Nederlân yn it wyld foar. Hjirby giet it om ûntsnapte eksimplaren út dieretunen of priveekolleksjes. Der hat him lykwols yn Nederlân noch gjin fuortplantingspopulaasje fêstige. Tusken 2008 en 2015 wiene der twa waarnimmings fan grize iikhoarntsjes: ien op 'e eastlike Feluwe, yn 'e omkriten fan Apeldoarn, en ien yn it súdlike Goai, tsjin 'e grins mei Utert oan.
Uterlike skaaimerken
It grize iikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 23-29 sm, mei in sturtlingte fan 19-24 sm en in gewicht fan 400-720 g. De geslachten binne like grut, mar it gewicht is sterk ôfhinklik fan 'e tiid fan 't jier en de dêrmei gearhingjende beskikberens fan fretten. De pels is griis mei brune plakken op 'e rêch, en simmerdeis sitte der ek kastanjebrune plakken op 'e fangen en poaten. De bealch is grizich wyt, en de typearjende plomsturt hat gauris wat ljochtere bûtenrânen. Oer it gehiel nommen ferskilt it grize iikhoarntsje net sa'n rare soad fan it gewoane iikhoarntsje (Sciurus vulgaris), nammenste mear om't der wat kleurfariaasje bestiet, sadat der ek eksimplaren binne dy't mear rodzich as griis binne. Mar it grize iikhoarntsje is dúdlik in slach grutter as it gewoane iikhoarntsje, en fierders ûntbrekke by dizze soarte de eartoefkes.
Biotoop
Grize iikhoarntsjes komme foar yn in ferskaat oan wâldbiotopen, mar jouwe de foarkar oan leafwâld. Dêrnjonken sette se har ek wol nei wenjen yn mingd wâld, houtwâlen, parken, grutte tunen en oan 'e rânen fan stêden. Nullewâld mije se lykwols meastal, wat der yn Grut-Brittanje ta laat hat dat de nullewâlden fan 'e Skotske Heechlannen in taflechtsoard foar it gewoane iikhoarntsje wurden binne.
Hâlden en dragen
It grize iikhoarntsje is benammen yn 'e skimerperioaden yn 't spier, en hâldt nachts rêst, wylst er op 'e midden fan 'e dei likemin botte aktyf is. Hy is in treflike klimmer, wat fansels ek wol ferwachte wurde mei fan in bist dat it grutste part fan 'e tiid yn 'e beammen trochbringt, mar yn ferhâlding ta it gewoane iikhoarntsje (Sciurus vulgaris) ferpleatst er him folle mear en oer gruttere ôfstannen oer de grûn. De omfang fan it wengebiet fan in griis iikhoarntsje fariëarret neffens it biotoop, mar bedraacht yn leafwâld sa'n 4½-11½ ha. Binnen sa'n wengebiet hat er in folle lytser kearngebiet dat foar territoarium oanmurken wurde kin, en dêr't er it grutste diel fan 'e tiid te finen is. By 't maityd en simmerdeis wreidzje mantsjes har wengebiet út, wylst dat fan wyfkes itselde bliuwt.
Grize iikhoarntsjes hâlde gjin wintersliep, mar lizze by 't winter bolfoarmige nêsten oan fan blêden, moas en oar plantaardich materiaal, dy't heech yn 'e beammen yn strampels sitewearre binne, ornaris mear as 6 m fan 'e grûn. Simmerdeis besteane de nêsten mear út platfoarms dy't opboud binne út gearfrissele twiichjes. It grize iikhoarntsje leit syn nêst ek wol yn holle of fermôge beammen oan, wêrby't de iepening (mei in trochsneed fan 7-10 sm) en de hoale sels sa nedich (fierder) útgnauwe wurde. Yn ferliking mei it gewoane iikhoarntsje libje grize iikhoarntsjes tichter opinoar en binne se sosjaler. De populaasjetichtheid bedraacht gauris mear as 2 bisten de ha (yn Súdingelske ikebosken ±7 de ha), en binne altyd grutter as dy fan it gewoane iikhoarntsje yn ferlykbere biotopen, behalven yn nullewâld, dêr't it gewoane iikhoarntsje him folle better thúsfielt as it grize iikhoarntsje.
De peartiid falt by it grize iikhoarntsje meastal fan desimber oant febrewaris en nochris yn maaie/juny. Nei in draachtiid fan likernôch 44 dagen bringt it wyfke 2-4 (mei útsjitters oant 6) jongen te wrâld, dy't nei 70 dagen ôfwûn wurde. Jonge wyfkes produsearje yn 'e regel mar ien nêst jiers, wylst twajierrige of âldere bisten tusken febrewaris en augustus faak twa nêsten jiers smite. By fersteuring bringt it wyfke har jongen yn 'e bek nei in oar nêst. Sadree't der in nij nêst jongen te wrâld komt, wurde de âldere jongen fuortjage, mar as de nije jongen ôfwûn binne, komt it foar dat de âldere jongen foar in skoftke weromkeare. Wyfkes bringe gauris de winter troch yn in mienskiplik nêst mei de jongen út ferskillende smeten fan it ôfrûne jier. As se lykwols wer drachtich reitsje, wurde alle jongen ferdreaun. De stjerte ûnder jongen fan it grize iikhoarntsje is tige heech; mar in fjirdepart hellet it twadde libbensjier. De maksimale libbensferwachting is 9 jier. Natuerlike fijannen binne ferskate soarten hauken, ûlen en slangen en fierders de wezeling, waskbear, foks en de hûskat. Ek de minske is foar grize iikhoarntsjes gefaarlik: yn Jeropa om't se dêr as skealike eksoaten sjoen wurde, en yn Noard-Amearika om't dêr wol jacht op iikhoarntsjes makke wurdt foar it fleis en de pels.
Fretten
Grize iikhoarntsjes frette benammen sieden fan sawol leaf- as nullebeammen en oar plantaardich guod. Se foerazjearje mear op 'e grûn as gewoane iikhoarntsjes, yn it bysûnder yn it winterhealjier. Krekt as it gewoane iikhoarntsje leit ek it grize iikhoarntsje hjerstmis itensfoarrieden, fral besteande út nuten, foar de winter oan, wêrby't er dy bedobbet yn 'e wâldboaiem. Om't net altyd de hiele foarrie opmakke wurdt, of om't er net alle plakken ûnthâldt dêr't er spul begroeven hat, spilet sok hâlden en dragen in wichtige rol by de fersprieding fan beskate beammesoarten yn it areaal fan it grize iikhoarntsje.
Status
It grize iikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en syn populaasje stabyl is. Krektoarsom, der bestiet soarch dat dizze soarte him nei nije gebieten ferspriede en dêr lânseigen bisten (lykas it gewoane iikhoarntsje) ferkringe sil. Yn Grut-Brittanje hat men der klauwen oan om it grize iikhoarntsje werom te kringen, sadat it gewoane iikhoarntsje dêr wer in kâns kriget. Yn wittenskiplike fermiddens frezet men dat de populaasje dy't no yn noardlik Itaalje op it Jeropeeske fêstelân libbet, en him út Piëmont wei al ferspraat hat nei de oanbuorjende regio Liguerje, syn areaal fierder oer it kontinint útwreidzje sil.
Undersoarten
Der binne fiif erkende ûndersoarten fan it grize iikhoarntsje:
- Sciurus carolinensis carolinensis
- Sciurus carolinensis extimus
- Sciurus carolinensis fuliginosus
- Sciurus carolinensis hypophaeus
- Sciurus carolinensis pennsylvanicus
Keppelings om utens
- Side oer it grize iikhoarntsje op it webstee fan 'e Zoogdiervereniging, mei in link (Voorkomen in Nederland) nei de side fan 'e Nationale Databank Flora en Fauna, dêr't waarnimmings fan it grize iikhoarntsje yn Nederlân op in kaartsje werjûn binne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|