De Grinslânske Feankoloanjes
It oanmeitsjen fan it heechfean yn de omkriten fan Wildervank om 1650 hinne, skildere troch Jacobus Sibrandi Mancadan

De Grinzer Feankoloanjes, of yn 't koart: de Feankoloanjes, is de namme fan in gebiet yn it súdeasten fan de provinsje Grinslân. It omfiemet it grûngebiet fan de eardere gemeente Hegesân-Sappemar (no part fan de gemeente Midden-Grinslân), de gemeenten Feandam, Pekela en Stedskanaal, in part fan de eardere gemeente Menterwâlde, dat no ek part fan Midden-Grinslân is, en Vlagtwedde, dat no part fan de gemeente Westerwâlde is. It foarheaksel "Grinzer" ferwiist nei de stêd Grins en net nei de provinsje. De stêd hie it sizzenskip oer de feanterij. It wiene winliken koloanjes fan de stêd. Yn in tal plakken, sa as bygelyks Stedskanaal, is dat noch hieltyd werom te sjen yn it gemeentewapen en de gemeenteflagge. Oant yn de santjinde iuw wie der suver gjin bewenning yn it gebiet, dochs allinne in bytsje by de rânen del dêr't wat turf ôfgroeven waard. Dêrnei is suver alle turf ôfgroeven en is der alhiel in nij gea ûntstien, dêr't de lintbebouwing, by njonkelytsen al wer tichtsmiten kanalen del, oerhearsket.

Fean

De hjoeddeiske feankoloanjes lizze yn de âlde Fryske goa Aldamt en de goaen Goarjocht en Westerwâlde. Yn de ein fan de Lette Midsiuwen slagge de stêd Grins deryn en win it gesach yn dy gebieten. Dy gebieten stiene dêrnei bekend as stedsjurisdiksjes.
In grut part fan it gea waard foarme troch it heechfeankompleks, dat bekend stiet as it Boertanger Fean. Dat gebiet rint fan de rivier de Iems yn it easten ta de Dollard yn it noarden, en ta de Hûnsrich yn it súdwesten. It gebiet wie slim te berikken, útsein allinne yn Westerwâlde, dêr't in smelle sânrêch leit, dêr't in bytsje bewenning wie.
Yn de Iere Midsiuwen waard der op lytse skaal al wat turf stutsen as part fan it oanmeitsjen fan it fean by de râne fan it gebiet del, en yn gruttere skaal troch kleasters dy't in grut part fan it gebiet yn besit hiene. Yn de sechtjinde iuw, en benammen yn de folgjende Gouden Iuw, naam de fraach nei turf hurd ta en dat late ta it op grutte skaal oanmeitsjen fan heechfeangebieten.

It úteinsetten: Hegesân, Sappemar en Pekela

De earste feankompanjyen ûntstiene yn de tiid fan de Tachtichjierrige Kriich, benammen om It Hearrenfean hinne yn Fryslân. Nei de Reduksje fan Grins yn 1594 kaam al it kleasterguod, mei de wiidweidige heechfeangebieten ynbegrepen, oan it nije gewest Stêd en Lân. De stêd krige 25 persint fan al it kleasterguod en hie de foarkar foar it lânguod dat yn de Stedsjurisdiksjes lei. In grut part fan it heechfeangebiet kaam dus yn it besit fan de stêd, wylst de stêd ek it foech oer dy geaen hie. De stêd krige dêrmei in soad te sizzen oer it oanmeitsjen fan it grutte heechfeangebiet. Mei it keapjen fan lytse stikken grûn, dy't fan strategysk belang wiene, koe de stêd syn ynfloed hieltyd fierder útwreidzje.
De earste kear dat de stêd besocht ynfloed te krijen yn it ôfgraven fan de turf mislearre. De stêd slagge der lykwols net yn om yn it Westerkertier de feanterij fan de Ommelanner jonker Wigbolt fan Ewsum yn hannen te krijen. Dy wie yn de sechtjinde iuw úteinset mei it oanmeitsjen fan de feangrûn om syn boarch Nienoard hinne. Wigbolt hie him lykwols fersjoen op it finansjele mêd en moast al syn besit fuort dwaan nei in fallisemint.
Yn it Goarjocht en it Aldamt wie de posysje fan de stêd wis better. De stêd wie doe al ferbûn mei de Hunze, nei't it graven fan it Schuitendiep, dat by Reahoanne op de Hunze oansleat, ree wie. Yn 1611 joech it stedsbestjoer de opdracht en ferlingje it Schuitendiep oant Wynskoat ta, dat neitiids bekend stiet as it Wynskoaterdjip.
De earste partiluliere inisjativen ta it winnen fan turf ûntstiene yn it begjin fan de santjinde iuw. In kompanjy út Rhenen by Utert wie warber yn it gebiet fan it hjoeddeiske Hegesân. By Pekela wie de Pekelkompanjy úteinset mei it winnen fan turf. Doe't de Utertske kompanjy yn jildneed kaam te sitten, seach de stêd fannijs in kâns in gruttere posysje te krijen. De Utertske kompanjy moast it grutste part oan de stêd ôfstekke. Boppedat krigen njoggen hearen út de stêd Grins it rjocht in kompanjy te foarmjen. It kontrakt waard yn 1647 tekene en dêrnei sette de Grinzer of Borger Kompanjy út ein.

Ommelannerwyk

It gewest Stêd en Lân, dat nei de Reduksje fan Grins foarme waard, wie in twongen houlik tusken de stêd Grins en de Ommelannen. It súkses fan de stêd mei it iepenlizzen fan it fean, noasken de Ommelanner jonkers net. Guon fan harren besleaten de konkurrinsje mei de stêd oan te gean en set eigen inisjativen op yn it feangebiet.

Bareveld en Stedskanaal

Stedskanaal hjoed-de-dei

It Boertanger Fean rint oer de grins mei Drinte. It Drintske diel wie yn besit fan de ferskate doarpsmienskippen op de Hûnsrich. Dy hiene harren oant de santjinde iuw beheind ta lytsskalich oanmeitsjen fan de râne fan it feangebiet, dêr't turf ôffierd waard oer de Hunze. De Hunze wie lykwols net gaadlik foar grutte frachten fan de Drintske feangrûn en dêrom wie in nije ferbining nedich.
Dat noaske de stêd net, om't it wolris de priis drukke koe. As der yn Drinte turf wûn wurde soe, woe de stêd wis wêze dat de turf oer Grins ferfierd waard. De measte kanalen yn it feangebiet wiene yn besit fan de stêd, mei útsûndering fan it Boppedjip by Feandam, dat oant Bareveld ta rûn. De stêd wist it Hûs Bareveld te bemachtigjen en koe sa it ôffieren fan de turf fan de Drintske fean oer it Boppedjip te foaren komme.
Dochs it blokkearjen fan it Boppedjip soarge lykwols ek foar problemen foar de stêd. Der wie noch hieltyd in grutte lape grûn yn it súdeasten dat noch oanmakke wurde moast. Om dy te ûntsluten sette de stêd út ein mei it oanlizzen fan it Stedskanaal. De stêdlike reginten woene dat nije kanaal op it Kielsterdjip oanslute litte, mar dan moast der by Barefjild in ferbining makke wurde. Dy ferbining soe dan oan it Boppedjip oanslute. Einlings waard it oer Drinte ferbûn, dêr't Lambertus Grevijlink dwaande wie de Anner Feanen oan te meitsjen. Mei him waard oerienkaam mei in ferbining troch de Anner Feanen, dat oansletten wurde soe op it Kielsterdjip. It kanaal einige by it eardere kleaster fan Ter Apel, dat mei it omlizzende feangebiet sûnt de Reduksje eigendom fan de stêd Grins wie. Dy snuorje luts in soad arbeiders út Fryslân, Grinslân, de Kop fan Oerisel en Dútslân oan.

Stedsmeierrjochten

Ynearsten gie it neffens de stêd benammen om it winnen fan de turf. Dochs wist de stêd dat nei it winnen fan de turf de gebieten harren wearde hâlde soene. Al yn de earste kontrakten hie de stêd de betingst dat in feanter, nei't er it turf wûn hie, dat de oerbleaune grûn yn kultuer brocht wurde moast. Dat wie it saneamde delgrûn. De stêd regele it sa dat earme grûn ynearsten rjocht hie op de dong, dy't de stêd sels produsearre.
De grûn dy't de stêd sels yn besit hie, waard ferhierd. Dêr ferwiisde de stêd nei in âld Frysk rjochtsfiguer, de beklamming, it saneamde stedsmeierrjocht. De stêd bleau eigener fan de grûn, mar de meier (hierder) hie sa'n sterke posysje dat er genôch kâns hie en bou in goed boerespultsje op.

Nei de Frânske tiid

De Frânske tiid betsjutte de ein fan de stêd as hear oer grutte parten fan de provinsje. Ek de Feankoloanjes waarden ferparte yn gemeenten, dêrby't de rôl fan de stêd as iepenbier bestjoerder einige. It priveerjochtlik besit fan de stêd waard lykwols troch de nije bestjoerders gewurde litten. Ek nei de Frânske tiid, doe't de nije gemeenten ek ûnder it nije Keninkryk fan de Nederlannen bestean bleaune. Mei syn wiidweidich besit koe de stêd ek sûnder hearlike rjochten noch hieltyd de ûntwikkeling fan it gebiet beynfloedzje.
De âlde feankoloanjes ûntjoegen, benammen Sappemar, Alde Pekela en Feandam, harren ta grutte doarpen dêr't, nei it winnen fan turf, genôch oare mooglikheden fûn waard, sa as bygelyks de skipsbou, striekarton en de ierdappelmoalyndustry. Benammen Feandam, dat gjin besit fan de stêd Grins wie, ûntjoech him sels ta in yndustrystêd.

Nijsgjirrich

De Feankoloanjes hawwe in eigen Grinslânsk dialekt, it Feankoloniaalsk. Dat dialekt wurdt lykwols ek yn de oangrinzgjende Drintske feankoloanjes sprutsen.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.