Grimma
FlaggeWapen
Polityk
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Saksen
LandkreisLeipzig
Sifers
Ynwennertal28.480[1](2015)
Oerflak218,32 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens130 / km²
Hichte128 m
Oar
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Websidewww.grimma.de

Grimma is in gemeente en stêd yn de Dútske dielsteat Saksen. De gemeente makket diel út fan de Landkreis Leipzig.

Geografy

Lizzing

De stêd leit yn it Nordsächsischen Platten- und Hügelland 25 km súdeastlik fan Leipzig en sa'n 16 km súdlik fan Wurzen yn de Muldedelling. Mei in oerflak fan sa'n 217 km² – nei de protte anneksaasjes yn de jierren 2011 en 2012 - en in lytse 30.000 ynwenners is Grimma de grutste gemeente mei de measte ynwenners fan de Landkreis Leipzig en wat oerflak oanbelanget de op trije nei grutste stêd yn Saksen.[2]

Yndieling

Sûnt 1 jannewaris 2012 hearre yn totaal 65 Ortsteile ta de stêd Grimma:

  • Hohnstädt
  • Döben mei Dorna, Grechwitz en Neunitz
  • Höfgen mei Kaditzsch, Schkortitz en Naundorf
  • Beiersdorf
  • Großbardau mei Waldbardau, Kleinbardau en Bernbruch
  • Mutzschen mei 9 Ortsteilen
  • Nerchau mei 14 Ortsteilen
  • Thümmlitzwalde mei 21 Ortsteilen
  • Großbothen mei Kleinbothen, Schaddel, Kössern en Förstgen

Stedsbyld

Berne yn Grimma

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Quelle: Statistisches Landesamt des Freistaates Sachsen, von: statistik.sachsen.de.
  2. Große Kreisstadt Grimma – Statistyk, sjoen 8 jannewaris 2011
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.