Grifformearde tsjerke (Reitsum) | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Reitsum | |
adres | Flieterpsterdyk 23 | |
koördinaten | 53° 19' N 5° 53' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
status | Net mear yn gebrûk as tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1736 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15640 | |
Kaart | ||
De grifformearde tsjerke is de eardere tsjerke fan de grifformearden fan Reitsum, Ginnum en Lichtaard. Sûnt 1989 tsjerkje de herfoarmen en grifformearden wer yn ien gebou. De grifformearde tsjerke waard it doarpshûs fan de Flieterpen, mar nei't de skoalle fan Reitsum ofheft waard yn 2019 wie it gaadliker om it relatyf nije skoalgebou as doarpshûs te brûken. Yn 2005 waarden de herfoarme gemeenten fan Reitsum-Ginnum-Lichtaard en de grifformearde tsjerke mei de herfoarme gemeente fan Jannum ta ien PKN-gemeente Flieterpen gearfoege. Njonken de tsjerke stiet de pastorij, dêr't in bêd en brochje yn ûnderbrocht is.
Skiednis
It eardere tsjerkegebou waard op 10 novimber 1896 foar de grifformearde gemeente fan Reitsum iepene. Reitsum hearde ta de earste fiif Nederlânske gemeenten dy't de doleânsje folgen en de earste Fryske gemeente dy't har yn 1886 ôfsnije liet fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. Op 17 augustus 1886 wie yn Reitsum de earste gearkomste fan de fiif dolearende gemeenten, dy't harren ferienigen yn de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke en letter mei de Ofskieding fan 1834 ôfskieden gemeenten opgyngen yn de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.
Hûndert jier lang hiene de grifformearden en herfoarmen elts in eigen tsjerke yn Reitsum. Sûnt 1989 tsjerkten de beide gemeenten wer tegearre yn de âlde tsjerke fan Reitsum.[1] Oant de fúzje fan de beide protestanske dominaasjes ta ien protestanske tsjerke bleau de herfoarme tsjerke in Samen-op-Weg-tsjerke.
De grifformearde tsjerke waard yn dy tiid ôfstjitten en krige as nije funksje doarpshûs.
Oargel
It oargel fan de grifformearde tsjerke datearret fan 1899 en is boud troch Bakker & Timmenga út Ljouwert. It ynstrumint gyng net ferlern en krige in nij plak yn de nijbou fan de âld-grifformearde gemeente fan it Súd-Hollânske Gouderak. Yn it ramt fan de ferhuzing waard it oargel restaurearre en safolle mooglik yn de oarspronklike steat werom brocht. De restauraasje fûn plak ûnder begelieding fan de oargeladviseur Dirk Bakker plak, dy't der in boekje oer skreau mei de titel "Van Reitsum naar Gouderak - het verhaal van een klein Bakker & Timmenga-orgel".[2]
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|