De Grienlânsee (Noarsk en Deensk: Grønlandshavet, Russysk: Гренландское море) is in part fan de Noardlike Iissee tusken Grienlân, Spitsbergen, Jan Mayen en Yslân en omfiemet sa'n 1.205.000 km². De see foarmet de 'earm' fan de Noardlike Iissee en is de wichtichste ferbining mei de Atlantyske Oseaan. It kâlde wetter fan de Iissee streamt mei de East-Grienlânstream nei de Atlantyske Oseaan. Troch Arktysk driuwiis is it noardlik diel hast noait iepen foar de skipfeart.
De trochsnee djipte fan de Grienlânsee is likernôch 1450 meter. It djipste punt is metten op 5600 meter [1] yn de Djipte fan Molloy, yn de Fram Strjitte, tusken noardeast Grienlân en Spitsbergen.[2]
De Grienlânsee tilt op fan legere libbensfoarmen dy't de basis fan de fiedselstring foarmje. Grutte fisken sa as kabeljau, hjerring, Atlantyske salm, heilbot en skol, fûgels en sûchdieren (sa as seehûnen, walfisken en dolfinen) ite allegearre ûngewervelden en lytse organismen.
Keppelings om utens
- IARC
- Measurements of the Greenland Sea ice extent - University of Illinois Urbana-Champaign
- Greenland Sea ice cover, data animations 1979-1998 - Technyske Universiteit fan Denemark (DTU)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Greenland Sea fan Wikimedia Commons. |