East-Fryslân yn 1477

It Greefskip Eastfryslân wie in greefskip (sûnt 1662 lykwols regearre troch in foarst) yn Eastfryslân, yn it noardwesten fan de Dútske dielsteat Nedersaksen.

Skiednis

Yn 1464 waarden de Sirksena's mei it Ryksgreefskip Eastfryslân beleanne. Nei de ein fan de Fryske frijheid yn de provinsje Fryslân en de Ommelannen yn 1498, besiket Edzard de Grutte fan Eastfryslân yn it begjin fan de 16e iuw syn macht nei it westen ta út te wreidzjen, om de eardere gebieten fan it Upstalbeambûn te werienigjen yn ien moderne Fryske steat. It konflikt einiget mei it Saksyske Skeel (1514-1517). It Saksyske Skeel rint min ôf foar Sirksena. Yn 1517 waard in oerienkomst sletten tusken Edzard en Karel V fan it Hillige Roomske Ryk. Eastfryslân soe tenei in greefskip bliuwe binnen it Hillige Roomske Ryk.

Yn 1744 ferlear Eastfryslân syn selsstannigens en hearde tenei by Prusen as de Provinsje Eastfryslân. Nei it Kongres fan Wenen hearde it by it Keninkryk Hannover. Yn 1866 kaam Eastfryslân wer by Prusen en sûnt 1946 is Eastfryslân in ûnderdiel fan de dielsteat Leechsaksen. Troch it opheffen fan de Provinsje Auwerk yn 1978 komt der in ein oan de lange skiednis fan Eastfryslân as bestjoerlike ienheid. It gebiet fan it eardere greefskip hat nei 1978 noch wol syn Ostfriesische Landschaft, in kultuerparlemint foar Eastfryslân.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.