goudfink | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Pyrrhula pyrrhula | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De goudfink (wittenskiplike namme Pyrrhula pyrrhula) is in sjongfûgel út de famylje fan de finkfûgels (Fringillidae).
De goudfink komt yn hiel Jeropa en yn West-, Midden-en East-Aazje foar. Der binne 9 of 10 ûndersoarten:
- Pyrrhula pyrrhula pileata, Britske Eilannen
- Pyrrhula pyrrhula pyrrhula ('Noardske goudfink'), N-, E-, SE-Jeropa, Sibearje
- Pyrrhula pyrrhula europaea, W-Jeropa, ek yn Nederlân
- Pyrrhula pyrrhula iberiae, SW-Frankryk, N-Spanje, N-Portegal
- Pyrrhula pyrrhula rossikowi, Kaukasus, NE-Turkije
- Pyrrhula pyrrhula caspica, Azerbeidzjan, NW-Iran
- Pyrrhula pyrrhula cineracea ('grize goudfink'), ek wol as soarte beskôge, Sibearje, NE-Sina
- Pyrrhula pyrrhula cassini, E-Sibearje
- Pyrrhula pyrrhula griseiventris, Japan, Koerilen; Sachalin (dêr ek wol rosacea neamd).
Yn Nederlân brieden sa'n 10.000 pearen (2013-2015) (fan de ûndersoarte europaea), de measte op de Feluwe, yn Drinte, en de Sudeasthoek fan Fryslân. Ek komme der sa'n 20.000 wintergasten, meast fan de ûndersoarte pyrrhula.
Keppeling om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.