Gouden Kalf | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
útrikt foar | film en tillefyzje | |
útrikt troch | Nederlânsk Filmfestival | |
frekwinsje | 1x jiers | |
plak | Utert (Utert) | |
1e útrikking | 1981 | |
offisjele webside | ||
gjint |
It Gouden Keal (Nederlânsk: Gouden Kalf) is de namme fan 'e prizen dy't sûnt 1981 op it mêd fan film en tillefyzje útrikt wurde op it Nederlânsk Filmfestival, dat ienris yn it jier holden wurdt te Utert. Oarspronklik wiene der mar seis kategoryen, mar troch de jierren hinne binne der hieltyd mear bykommen, sadat der no mear as tweintich Gouden Keallen binne. Lju dy't alris in Gouden Keal wûn hawwe, binne û.m. Rutger Hauer, Paul Verhoeven, Carice van Houten, Fons Rademakers, Alex van Warmerdam, Fedja van Huêt, Dick Maas, Jeroen Krabbé, Monic Hendrickx, Willeke van Ammelrooy, Victor Löw en Rijk de Gooyer, dy't yn in beruchte episoade it Gouden Keal foar syn rol yn 'e film Krassen in het Tafelblad yn it realitytillefyzjeprogramma Taxi, mei Maarten Spanjer, út it rút fan 'e ridende auto mitere.
Namme
De namme fan 'e priis is foar in part ôflaat fan oare wichtige Jeropeeske filmprizen, lykas de Gouden Bear fan it Filmfestival fan Berlyn en de Gouden Liuw fan it Filmfestival fan Feneesje. Mei't kij guon fan 'e meast foarkommende bisten yn Nederlân binne, keas it Nederlânsk Filmfestival sadwaande foar in Gouden Keal. Dêrby is in keal in net bot ymposant bist, dat sadwaande wol past by it lytse Nederlân, en teffens soe it (neffens Martin Koolhoven, dy't yn 2002 yn 'e sjuery siet) in knypeach wêze nei it bibelske ferhaal oer it gouden keal út Exodus 32, dat de dôfhûdige Israeliten foar God yn it plak makken doe't harren foaroanman Mozes op 'e berch Sinaï wie om de Tsien Geboaden te ûntfangen. (Yn tsjerklike fermiddens kin men dizze "knypeach" trouwens dúdlik net wurdearje, en leit it Gouden Keal op in tige minne namme.)
Kategoryen
- filmprizen
- kultuerpriis
- bêste lange film
- bêste koarte film
- bêste lange dokumintêre
- bêste koarte dokumintêre
- bêste skript
- bêste kamerafiering
- bêste montaazje
- bêste muzyk
- bêste produksje-ûntwerp
- bêste lûdstechnyk
- tillefyzjeprizen
- bêste tillefyzjedrama
- bêste akteur yn in tillefyzjedrama
- bêste aktrise yn in tillefyzjedrama
- bêste aktearprestaasje yn in tillefyzjedrama
- spesjale prizen
- spesjale sjuerypriis
- publykspriis
- ûntwikkelingspriis
- prizen dy't mar ien- of twaris útrikt binne:
- bêste film fan 'e iuw (Paul Verhoeven en Rob Houwer, yn 1999, foar Turks Fruit)
- spesjale priis fan it bestjoer (J.Th. van Taalingen, yn 1992; Cor Koppies, yn 1994)
- bêste reklamespotsje (Trevor Wrenn, yn 1990, foar Hamka's; Todd Masters, yn 1991, foar Woonruimte Gevraagd)
- bêste Jeropeeske film (Jonathan Cavendish en Tim Palmer, yn 1994, foar Into the West; Kazimierz Kutz, yn 1995, foar Turned Back)
- ôfskafte prizen
- beropspriis
- bêste byrol fan in akteur
- bêste byrol fan in aktrise
- earfolle fermelding
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |