De Gouden Ganzenveer is in Nederlânske literatuerpriis dy't útrikt wurdt troch de Akademy De Gouden Ganzenveer. De Akademy wol dêrmei in persoan as ynstitút lauwerje fanwege syn of har grutte betsjutting foar it skreaune wurd yn Nederlân.

De earste Gouden Ganzeveer waard 1955 takend, by it 75-jierrich bestean fan it Keninklike Nederlânske Utjouwersbûn.

Akademyleden yn 2008 wiene Gerlach Cerfontaine, Job Cohen, Bas Heijne, Francine Houben, Tom Lanoye, Geert Mak, Marita Mathijsen-Verkooijen, Atzo Nicolaï, Jeltje van Nieuwenhoven, Nelleke Noordervliet, Henk van Os, Alexander Rinnooy Kan, Paul Schnabel (foarsitter), Winnie Sorgdrager, Herman Tjeenk Willink en Bernard Wientjes.

Priiswinners

De la Fontaine Verwey krijt Gouden Ganzenveer (1980)
  • 1955 - Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen
  • 1957 - Adriaan Barnouw, histoarikus
  • 1960 - Jan Hendrik Oort, stjerrekundige
  • 1965 - Bram Hammacher, keunsthistoarikus
  • 1980 - Herman de la Fontaine Verwey, bibletekaris en publisist
  • 1983 - Bernard Lievegoed, psychoterapeut, sosjaal-pedagooch en publisist
  • 1984 - Hans Freudenthal, wiskundige
  • 1985 - Jan Tinbergen, ekonoom
  • 1986 - Vereniging tot Behoud van Natuurmonumenten
  • 1987 - Armando, skilder en skriuwer
  • 1988 - Lou de Jong, histoarikus
  • 1989 - Edward Schillebeeckx, O.P., teolooch
  • 1990 - Lucas Reijnders, miljeukundige
  • 1991 - Cultureel supplement, NRC Handelsblad
  • 1992 - Arthur Lehning, sosjaal-histoarikus en auteur
  • 1993 - Pierre H. Dubois en Simone Dubois, skriuwerspear
  • 1996 - H.J.A. Hofland, sjoernalist
  • 1999 - Nederlânsk Letterkundich Museum
  • 2002 - Michaël Zeeman, literatuerkritikus[1]
  • 2003 - Jan Blokker, skriuwer en sjoernalist[2]
  • 2004 - Kees van Kooten, skriuwer[3]
  • 2005 - Maria Goos, skriuwster[4]
  • 2006 - Peter van Straaten, tekener en skriuwer[5]
  • 2007 - Tom Lanoye, skriuwer[6]
  • 2008 - Joost Zwagerman, skriuwer[7]
  • 2009 - Adriaan van Dis, auteur[8]
  • 2010 - Joke van Leeuwen, auteur, dichter, yllustrator en kabaretiêre[9]
  • 2011 - Remco Campert, skriuwer[10]
  • 2012 - Annejet van der Zijl, skriuwer[11]
  • 2013 - Ramsey Nasr, dichter, skriuwer, akteur, en regisseur[12]
  • 2014 - David Van Reybrouck, wittenskipper, kultuerhistoarikus, archeolooch en skriuwer [13]
  • 2015 - Geert Mak, sjoernalist en skriuwer[14]
  • 2016 - Xandra Schutte, essayist en haadredakteur
  • 2017 - Arnon Grunberg, skriuwer
  • 2018 - Antjie Krog, dichter
  • 2019 - Ian Buruma, sjoernalist, publisist

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.