Gouden Palm Palme d'Or | ||
algemiene ynformaasje | ||
hist. namme | Grutte Priis fan it Ynternasjonaal Filmfestival | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
útrikt foar | bêste film | |
útrikt troch | Ynternasj. Filmfestival fan Cannes | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | maaie | |
plak | Cannes (Frankryk) | |
ynsteld | 1955 | |
1e útrikking | 1955 | |
offisjele webside | ||
www.festival-cannes.com |
De Gouden Palm (Frânsk: Palme d'Or) is in wichtige Frânske priis op it mêd fan ynternasjonale films, dy't útrikt wurdt op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. It is de heechste priis fan dat filmfestival. De Gouden Palm waard yn 1955 foar it earst útrikt, op 'e sânde edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Foartiid, fan 1946 ôf, en ek fan 1964 oant en mei 1974, waard ynstee de Grutte Priis fan it Ynternasjonaal Filmfestival (Frânsk: Grand Prix du Festival International du Film) útrikt. De Gouden Palm bestiet út in gouden palmblêd, it symboal fan Cannes, dat ek prominint op it wapen en de flagge fan dy stêd stiet. De winner fan 'e Gouden Palm wurdt útornearre troch in faksjuery dy't gearstald wurdt troch de organisaasje fan it filmfestival. Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes wurde út en troch ek inkele oare 'Palmprizen' ferjûn: de Palm der Palmen, de Gouden Earepalm en de Spesjale Gouden Palm.
Winners
jier | lân | titel (ynternasjonale titel) | regisseur |
---|---|---|---|
1939: mei weromwurkjende krêft takend yn 2002 as de Gouden Palm | |||
1939* | Feriene Steaten | Union Pacific | Cecil B. DeMille |
1946 – 1954: útrikt as de Grutte Priis fan it Ynternasjonaal Filmfestival | |||
1946 | Feriene Keninkryk | Brief Encounter | David Lean |
Sweden | Hets (Torment) | Alf Sjöberg | |
Switserlân | Die Letzte Chance (The Last Chance) | Leopold Lindtberg | |
Feriene Steaten | The Lost Weekend | Billy Wilder | |
Meksiko | María Candelaria (Portrait of Maria) | Emilio Fernández | |
Tsjechoslowakije | Muži bez Křídel (Men Without Wings) | František Čáp | |
Britsk-Ynje | Neecha Nagar | Chetan Anand | |
Denemark | De Røde Enge ( The Red Meadows) | Bodil Ipsen Lau Lauritzen jr. | |
Itaalje | Roma, Città Aperta (Rome, Open City) | Roberto Rossellini | |
Frankryk | La Symphonie Pastorale (Pastoral Symphony) | Jean Delannoy | |
Sovjet-Uny | Velikij Perelom (The Turning Point) | Fridrich Ermler | |
1947 | net útrikt | ||
1948 | it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes gie oer fanwegen finansjele swierrichheden | ||
1949 | Feriene Keninkryk | The Third Man | Carol Reed |
1950 | it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes gie oer fanwegen finansjele swierrichheden | ||
1951 | Sweden | Fröken Julie (Miss Julie) | Alf Sjöberg |
Itaalje | Miracolo a Milano (Miracle in Milan) | Vittorio De Sica | |
1952 | Itaalje | Due Soldi di Speranza (Two Cents Worth of Hope) | Renato Castellani |
Feriene Steaten | Othello | Orson Welles | |
1953 | Frankryk Itaalje |
Le Salaire de la Peur (The Wages of Fear) | Henri-Georges Clouzot |
1954 | Japan | Jigoku-mon (Gate of Hell) | Teinosuke Kinugasa |
1955 – 1963: útrikt as de Gouden Palm | |||
1955 | Feriene Steaten | Marty | Delbert Mann |
1956 | Frankryk | Le Monde du Silence (The Silent World) | Jacques Cousteau Louis Malle |
1957 | Feriene Steaten | Friendly Persuasion | William Wyler |
1958 | Sovjet-Uny | Letjat Zjoeravli (The Cranes Are Flying) | Michail Kalatozov |
1959 | Brazylje Frankryk Itaalje |
Orfeu Negro (Black Orpheus) | Marcel Camus |
1960 | Itaalje Frankryk |
La Dolce Vita (The Sweet Life) | Federico Fellini |
1961 | Frankryk | Une Aussi Longue Absence (The Long Absence) | Henri Colpi |
Meksiko Spanje |
Viridiana | Luis Buñuel | |
1962 | Brazylje | O Pagador de Promessas (Keeper of Promises) | Anselmo Duarte |
1963 | Itaalje | Il Gattopardo (The Leopard) | Luchino Visconti |
1964 – 1974: útrikt as de Grutte Priis fan it Ynternasjonaal Filmfestival | |||
1964 | Frankryk West-Dútslân |
Les Parapluies de Cherbourg (The Umbrellas of Cherbourg) | Jacques Demy |
1965 | Feriene Keninkryk | The Knack ...and How to Get It | Richard Lester |
1966 | Frankryk | Un Homme et une Femme (A Man and a Woman) | Claude Lelouch |
Itaalje Frankryk |
Signore e Signori (The Birds, the Bees and the Italians) | Pietro Germi | |
1967 | Feriene Keninkryk Feriene Steaten Itaalje |
Blowup | Michelangelo Antonioni |
1968 | net útrikt fanwegen de Maaieprotesten yn Frankryk | ||
1969 | Feriene Keninkryk | If... | Lindsay Anderson |
1970 | Feriene Steaten | M*A*S*H | Robert Altman |
1971 | Feriene Keninkryk | The Go-Between | Joseph Losey |
1972 | Itaalje | La Classe Operaia Va in Paradiso (The Working Class Goes to Heaven) | Elio Petri |
Itaalje | Il Caso Mattei (The Mattei Affair) | Francesco Rosi | |
1973 | Feriene Keninkryk | The Hireling | Alan Bridges |
Feriene Steaten | Scarecrow | Jerry Schatzberg | |
1974 | Feriene Steaten | The Conversation | Francis Ford Coppola |
1975 – no: útrikt as de Gouden Palm | |||
1975 | Algerije | Chronique des Années de Braise (Chronicle of the Years of Fire) | Mohammed Lachdar-Hamina |
1976 | Feriene Steaten | Taxi Driver | Martin Scorsese |
1977 | Itaalje | Padre Padrone | Paolo en Vittorio Taviani |
1978 | Itaalje | L'Albero degli Zoccoli (The Tree of Wooden Clogs) | Ermanno Olmi |
1979 | Feriene Steaten | Apocalypse Now | Francis Ford Coppola |
West-Dútslân Poalen Frankryk |
Die Blechtrommel (The Tin Drum) | Volker Schlöndorff | |
1980 | Feriene Steaten | All That Jazz | Bob Fosse |
Japan | Kagemusha | Akira Kurosawa | |
1981 | Poalen | Człowiek z Żelaza (Man of Iron) | Andrzej Wajda |
1982 | Turkije | Yol (The Way) | Yılmaz Güney Şerif Gören |
Feriene Steaten | Missing | Costa-Gavras | |
1983 | Japan | Narayama Bushikō (The Ballad of Narayama) | Shohei Imamura |
1984 | West-Dútslân Frankryk Feriene Keninkryk Feriene Steaten |
Paris, Texas | Wim Wenders |
1985 | Joegoslaavje | Otats na Službenom Putu (When Father Was Away on Business) | Emir Kusturica |
1986 | Feriene Keninkryk | The Mission | Roland Joffé |
1987 | Frankryk | Sous le Soleil de Satan (Under the Sun of Satan) | Maurice Pialat |
1988 | Denemark | Sweden |
Pelle Erobreren (Pelle the Conqueror) | Bille August |
1989 | Feriene Steaten | Sex, Lies, and Videotape | Steven Soderbergh |
1990 | Feriene Steaten | Wild at Heart | David Lynch |
1991 | Feriene Steaten | Barton Fink | Joel en Ethan Coen |
1992 | Sweden | Den Goda Viljan (The Best Intentions) | Bille August |
1993 | Sina | Bàwáng Bié Jī (Farewell My Concubine) | Chen Kaige |
Nij-Seelân Austraalje Frankryk |
The Piano | Jane Campion | |
1994 | Feriene Steaten | Pulp Fiction | Quentin Tarantino |
1995 | Joegoslaavje Dútslân Frankryk Tsjechje Bulgarije |
Podzemlje (Underground) | Emir Kusturica |
1996 | Feriene Keninkryk Frankryk |
Secrets & Lies | Mike Leigh |
1997 | Iraan | Ta'm-e Gīlās (Taste of Cherry) | Abbas Kiarostami |
Japan | Unagi (The Eel) | Shohei Imamura | |
1998 | Grikelân | Mia Aioniótita kai Mia Méra (Eternity and a Day) | Theodoros Angelopoulos |
1999 | Belgje Frankryk |
Rosetta | Jean-Pierre en Luc Dardenne |
2000 | Denemark | Dancer in the Dark | Lars von Trier |
2001 | Itaalje | La Stanza del Figlio (The Son's Room) | Nanni Moretti |
2002 | Frankryk Dútslân Poalen Feriene Keninkryk |
The Pianist | Roman Polanski |
2003 | Feriene Steaten | Elephant | Gus Van Sant |
2004 | Feriene Steaten | Fahrenheit 9/11 | Michael Moore |
2005 | Belgje | L'Enfant (The Child) | Jean-Pierre en Luc Dardenne |
2006 | Ierlân Feriene Keninkryk Dútslân Itaalje Spanje Frankryk Belgje Switserlân |
The Wind That Shakes the Barley | Ken Loach |
2007 | Roemeenje | 4 Luni, 3 Săptămâni şi 2 Zile (4 Months, 3 Weeks and 2 Days) | Cristian Mungiu |
2008 | Frankryk | Entre les Murs (The Class) | Laurent Cantet |
2009 | Eastenryk Frankryk Dútslân Itaalje |
Das weiße Band, Eine deutsche Kindergeschichte (The White Ribbon) | Michael Haneke |
2010 | Tailân | Lung Bunmi Raluek Chat (Uncle Boonmee Who Can Recall His Past Lives) | Apichatpong Weerasethakul |
2011 | Feriene Steaten | The Tree of Life | Terrence Malick |
2012 | Frankryk Eastenryk Dútslân |
Amour (Love) | Michael Haneke |
2013 | Frankryk Belgje Spanje |
La Vie d'Adèle: Chapitres 1 et 2 (Blue Is the Warmest Colour) (yn dit gefal waard de Gouden Palm foar it earst ek takend oan 'e beide haadrolspylsters: Adèle Exarchopoulos en Léa Seydoux) |
Abdellatif Kechiche |
2014 | Turkije | Kış Uykusu (Winter Sleep) | Nuri Bilge Ceylan |
2015 | Frankryk | Dheepan | Jacques Audiard |
2016 | Feriene Keninkryk Frankryk |
I, Daniel Blake | Ken Loach |
2017 | Sweden Dútslân Frankryk Denemark |
The Square | Ruben Östlund |
2018 | Japan | Manbiki Kazoku (Shoplifters) | Hirokazu Kore-eda |
2019 | Súd-Koreä | Gisaengchung (Parasite) | Bong Joon-ho |
*) De Gouden Palm foar Union Pacific waard mei weromwurkjende krêft takend yn 2002. Yn 'e hjerst fan 1939 soe de earste edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes holden wurde, mar dat gie oer fanwegen it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch. Pas yn 1946 waard sadwaande wier de earste edysje fan it filmfestival holden.
Palm der Palmen
Yn 1997, doe't it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes fyftich jier bestie, waard foar de earste en oant no (2020) ta iennichste kear de Palm der Palmen (Frânsk: Palme des Palmes) útrikt:
jier | lân | winner | berop |
---|---|---|---|
1997 | Sweden | Ingmar Bergman | regisseur, senarioskriuwer |
Gouden Earepalm
Yn 2002 begûn it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes dermei om op sporadyske basis in oeuvrepriis ta te kennen, de Gouden Earepalm (Frânsk: Palme d'Or Honoraire), oan tige foaroansteande regisseurs en akteurs dy't lykwols noch nea in 'gewoane' Gouden Palm wûn hiene.
jier | lân | winner | berop |
---|---|---|---|
2002 | Feriene Steaten | Woody Allen | regisseur, akteur, senarioskriuwer |
2003 | Frankryk | Jeanne Moreau | aktrise |
2005 | Frankryk | Catherine Deneuve | aktrise |
2007 | Feriene Steaten | Jane Fonda | aktrise, regisseur |
2008 | Portegal | Manoel de Oliveira | regisseur, senarioskriuwer |
2009 | Feriene Steaten | Clint Eastwood | akteur, regisseur, produsint |
2011 | Frankryk | Jean-Paul Belmondo | akteur |
Itaalje | Bernardo Bertolucci | regisseur, senarioskriuwer, produsint | |
2015 | Belgje | Agnès Varda | regisseur, senarioskriuwster |
2016 | Frankryk | Jean-Pierre Léaud | akteur |
2017 | Feriene Steaten | Jeffrey Katzenberg | produsint |
2019 | Frankryk | Alain Delon | akteur |
Spesjale Gouden Palm
Yn 2018 waard op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes foar de earste en oant no (2020) ta iennichste kear de Spesjale Gouden Palm (Frânsk: Palme d'Or Speciale) útrikt:
jier | lân | titel (ynternasjonale titel) | regisseur |
---|---|---|---|
2018 | Switserlân Frankryk |
Le Livre d'Image (The Image Book) | Jean-Luc Godard |
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |