Gonzopornografy of koartwei gonzo is in foarm of sjenre fan pornografy wêrby't besocht wurdt om it opnommen materiaal foar de sjogger wurkliker te meitsjen troch him/har streekrjocht by de sêne te belûken. Dat wurdt dien troch in manear fan filmjen te brûken wêrby't de sêne út 'e losse hân opnommen liket te wêzen, gauris troch ien fan 'e dielnimmers oan 'e pornografyske aksje sels, sûnder tuskenkomst fan in profesjonele kameraman. Sa wurdt it byldmateriaal hiel deunby brocht, sûnder de skieding tusken kamera en akteurs dy't men wend is fan mainstream-films en -tillefyzje en út konvinsjonele pornografy.
Gonzopornografy is útfûn troch de Amerikaanske pornoakteur, -regisseur en -produsint John Stagliano, de eigner fan Evil Angel, ien fan 'e grutste filmstudio's út 'e Amerikaanske pornoyndustry, dy't der mids jierren tachtich mei begûn. In bykommend foardiel is dat gonzo folle goedkeaper makke wurde kin as konvinsjonele pornografy; alles wat nedich is, is in lytse handheld-fideokamera, wylst men foar konvinsjonele porno ien of mear kameralju, in lûdsman, in regisseur en withoefolle oare crew-leden brûke moat.
Gonzopornografy is beynfloede troch amateurpornografy en realitypornografy. Op dat lêste liket it faak sterk, mar it is net itselde. Oars as yn konvinsjonele pornografy sit der ornaris gjin plot yn gonzopornografyske films, al bestriidt Stagliano dat; hy wol hawwe dat in grut tal fan syn film wis wol in ferhaalline hawwe. In protte fans fan pornografy jouwe trouwens de foarkar oan in pornografyske film sûnder plot boppe flintertinne ferhaallyntsjes en idioat forsearre draaien yn in ferhaal dat opfierd wurdt troch lju sûnder ek mar in swymke akteartalint. Om't mei gonzo sadwaande in protte jild te fertsjinjen falt, hawwe in protte pornolabels har spesifyk op dit sjenre talein; net inkeld it al neamde Evil Angel, mar ek studio's as Anabolic Video, Devil's Film, Diabolic Video, Elegant Angel, Red Light District en Third Degree Films.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |