In gongelstôk of gongstôk is in stôk dy't brûkt of meidroegen wurdt as helpmiddel by it kuierjen, as assessoire yn it ramt fan 'e moade, omreden fan selsferdigening of soms as amtsteken (benammen by religieuze amten). Gongelstokken besteane der yn in protte foarmen en mjitten, mar wiene foarhinne mear yn gebrûk as hjoed de dei. Alde gongelstokken kinne sochte en dêrom kostbere soammeldersfoarwerpen wêze. It sammeljen fan âlde gongelstokken hjit rabology. Eartiids kaam ek de degenstôk wol foar, in gongelstôk wêrby't oan it hânsel in degen fêstsiet, dy't yn 'e stôk ferburgen siet. Sa'n degenstôk koe sawol foar ferdigening as oanfal brûkt wurde.
Tsjintwurdich sjocht men gongelstokken it measte as helpmiddels by it rinnen foar minsken dy't âld, krebintich, siik of swak binne. Dêrby is de útein ornaris oerdutsen mei in swart stik rubber, dat it fuortglydzjen op in glêde of wiete ûndergrûn foarkomme moat. In oare foarm dy't noch wol foarkomt, meast yn 'e foarm fan in sûvenier foar toeristen út it Alpengebiet, is de saneamde Alpenstôk (Alpenstock), in gongelstôk mei oan 'e útein in metalene punt, dy't oarspronklik bedoeld wie foar kuierjen yn 'e bergen en eventueel as in ferdigeningswapen tsjin wylde bisten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|