"De Nacht fan Golgota" (Vasily Petrovitsj Veresjtsjagin)

Goedfreed is in hjeldei, dy't op de freed foar it Peaskefeest falt. Op Goedfreed betinke kristenen it lijen fan de Ferlosser en de eksekúsje fan Kristus troch de krúsdea op de heuvel Gólgota.

It wie de Romeinske prefekt Pontius Pilatus dy't Jezus yn in skynproses ta de dea feroardielje liet. Dat barde op oantrunen fan it Sanhedrin, de joadske ried, dy't sels net it foech hiene om de deastraf út te sprekken en dêrom Kristus nei Pontius Pilatus brochten.

It lijen en de dea fan Kristus wurdt yn de Bibel yn de evangeeljes beskreaun (Mattéus 27:1-61, Markus 15:1-47, Lukas 22:66–23:56, Jehannes 18:28–19:42).

Yn in soad Fryske tsjerken wurde op Goedfreed jûns tsjerketsjinsten holden. Op moarntiden wurdt op Goedfreed yn katolike tsjerken ek de krúswei bidden.

Goedfreed wurdt opfolge troch Stille Saterdei of Stille Sneon, de lêste dei fan de fêsteltiid en de dei dy't foarôf giet oan it Peaskefeest, it kristlike heechfeest fan de ferrizenis fan Kristus.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.