God
Foarstelling fan 'e kristlike God (in detail fan 'e Skepping fan Adam fan Michelangelo).
Foarstelling fan 'e kristlike God (in detail fan 'e Skepping fan Adam fan Michelangelo).
persoanlike bysûnderheden
religyjoadendom
kristendom
islaam
● bahaïsme
sikhisme
soroästrisme
● beskate tûken fan it hindoeïsme
● ferskate lytsere religyen
domeinalles
wentehimel

Yn it monoteïsme wurdt God foarsteld as de iennichste god, it Opperwêzen, de skepper-god en it wichtichste foarwerp fan leauwe en ferearing. It ferskil tusken de monoteïstyske God en in willekeurige oare god wurdt werjûn troch it gebrûk fan in haadletter. Yn 'e teology wurde oan God ornaris eigenskippen taskreaun as alwittendheid, almacht, rûnombywêzigens en in ivich bestean sûnder begjin of ein. Ofhinklik fan 'e foarm fan monoteïsme dy't de leauwende oanhinget, kin soks begrepen wurde yn oerdrachtlike sin of yn letterlike sin. Yn 'e regel wurdt God beskôge as in (ymmaterieel) wêzen fan geast dat transendint is (bûten de natoer stiet, oftewol boppenatuerlik is). Guon religyen omskriuwe God sûnder geslacht, wylst oaren tradisjoneel oantsjuttings as "Hy", "Him" en "Heit" brûke en dêrmei (alteast ymplisyt) útgeane fan manlikens. Binnen it monoteïsme besteane ferskate filosofyen, lykas it teïsme, it deïsme en it panteïsme, dy't justjes ferskillende opfettings oer God hawwe. It ateïsme is in filosofy dy't draait om it ûnleauwe yn it bestean fan God.

Etymology

As wurd is 'god' fan Germaanske oarsprong, fan it Proto-Germaanske *ǥuđan. Dat giet sels wer werom op it Proto-Yndo-Jeropeeske *ǵhau(ə)-, mei as betsjutting "roppe", "oproppe" of "oanroppe". De Germaanske foarmen fan it wurd 'god' wiene oarspronklik ûnsidich, mar ferskoden ûnder it proses fan kerstening yn 'e Iere Midsiuwen nei in manlike foarm, ûnder ynfloed fan 'e kristlike opfettings oangeande de manlikens fan God.

De Stêle fan Mesja befettet de ierst bekende fermelding fan 'e Israelityske God Jahweh.

Godstsjinsten

It monoteïsme, it leauwen yn ien god (oantsjut as God), komt yn it foarste plak foar yn 'e abrahamityske religyen. Dat binne de trije grutte monoteïstyske godstsjinsten: it joadendom, it kristendom en de islaam. Lytsere abrahamityske religyen binne it bahaïsme, it mandeïsme, it babisme, it jazdanisme (fan û.o. de Jezidys), it sjabakisme, it samaritanisme, it druzyske leauwe (ynsafier't dat net ta de islaam rekkene wurdt) en it rastafarianisme. It leauwen yn ien inkele god komt ek foar yn it soroästrisme, it sikhisme en beskate tûken fan it hindoeïsme. Histoarysk sjoen wie de ierste foarm fan monoteïsme wierskynlik it atenisme, dat yn it Amarnatiidrek yn it âlde Egypte bestie.

Algemiene opfettings

Ynlieding

Der bestiet gjin konsensus oer it aard of it bestean fan God. Allinnich al wat de nau mei-inoar besibbe abrahamityske religyen oangiet, besteane de strang monoteïstyske opfettings oer god yn it joadendom en god yn 'e islaam njonken it konsept fan 'e Hillige Trije-ienheid dy't god yn it kristendom foarmet.

In moderne ferbylding fan God.

De Yndyske religyen hawwe noch gâns oare ideeën oer God. Yn it hindoeïsme rinne dy útinoar ôfhinklik fan regio, streaming en kaste. Der besteane yn it hindoeïsme tsjinstelde opfettings fan monoteïsme en polyteïsme njonkeninoar. In protte polyteïstyske streamings fan it hindoeïsme en oare polyteïstyske godstsjinsten omfiemje in skepper-god dy't in protte wei hat fan 'e abrahamityske God, mar sûnder alle oare rollen dy't him yn 'e abrahamityske religyen tatocht wurde. It jaïnisme is lykwols in polyteïstyske godstsjinst dy't gjin skepper-god omfiemet. Ofhinklik fan ynterpretaasje en tradysje kin it boedisme beskôge wurde as ateïstysk, non-teïstysk, panteïstysk, panenteïstysk of polyteïstysk.

Ienheid

Polyteïsme, it leauwen yn mear as ien god, is âlder as it monoteïsme, it leauwen dat der mar ien God is. As oergongsfoarmen kin men monolatry en henoteïsme sjen. By monolatry erkent de leauwende wol it bestean fan mear goaden, mar ferearet dêr mar ien fan. By henoteïsme beskôget de leauwende alle goaden as ekwifalinte represintaasjes fan ien inkele God. Monoteïsten ûntstride it bestean fan alle goaden útsein harren eigen God. Dy ûntkenning kin ta utering komme yn it leauwen dat oare goaden 'ôfgoaden' (ûnechte goaden) binne of sels dat de ferearders fan oare goaden duveloanbidders binne. Mar it komt ek gauris foar dat monoteïsten úthâlde dat lju dy't oare goaden ferearje, eins deselde iene God oanbidde as sysels, oft dy oare lju dat no witte of net. Dy lêste, ynklusive opfetting sjocht men in hiel soad yn it bahaïsme, it hindoeïsme en it sikhisme, wylst de eksklusive ôfwizing fan 'e oanbidders fan oare goaden mear foarkomt yn it kristendom en de islaam.

In skematyske werjefte fan it kristlike teologyske dogma fan 'e Hillige Trije-ienheid.

It kristendom ken as iennichste fan 'e abrahamityske religyen de doktrine fan 'e Trije-ienheid, dy't God definiëarret as ien God yn trije godlike Persoanen, werby't elts fan dy Persoanen God sels is. De Trije-ienheid omfettet God de Heit, God de Soan (dy't Jezus Kristus is) en de Hillige Geast. Yn it ferline waard dit sintrale mystearje fan it kristlik leauwe ek wol gearfette yn 'e Latynske formule Sancta Trinitas, Unus Deus ("Hillige Trije-ienheid, Unike God), sa't it beskreaun waard yn 'e Klaachsang fan 'e Hillige Faam Marije.

It fûnemintale konsept fan 'e islaam oangeande God is tâhiid, dat "ienheid" of "unykheid" betsjut. Yn 'e Koraan stiet skreaun dat God oer himsels sei: "Lês op: Hy is De God, de Iene en Iennichste; De God, de Ivige, Absolute; Hy set net oan, noch is Hy oanset, en der is nimmen lykas Hy." Yn 'e eagen fan 'e measte moslims sit it kristendom dêrom grôtfol mei polyteïstyske ketterij. Hja erkenne Jezus as profeet, mar beslist net as God of diel fan God. Yn 'e islaam stiet God bûten de natoer en fertoant er gjin likenis mei lykfol hokker fan 'e wêzens dy't er skepen hat. Dêrom kin net witten wurde hoe't God derút sjocht en is it foar moslims net de bedoeling om God te fisualisearjen.

Om't it yn 'e islaam ferbean is om ôfbyldings fan God te meitsjen, befetsje moskeeën faak skreaune foarmen fan 'e namme Allāh, lykas hjir yn 'e Hagia Sofia yn Istanbûl.

Teïsme, deïsme en panteïsme

Der binne ferskate filosofyske streamings binnen it monoteïsme dy't konseptualisearje hoe't men oer God tinke moat. It teïsme wol yn 'e monoteïstyske kontekst hawwe dat God reälistysk, objektyf en ûnôfhinklik fan 'e minsklike gedachte bestiet; dat God alles skepen hat en aktyf ferantwurdlik is foar it fuortbestean fan alles; dat God almachtich, ivich, alwittend, rûnombywêzich en goed is; en dat God him persoanlik bemuoit mei it hielal troch, bygelyks, religieuze ûnderfinings (lykas wûnders) te skinken en te reägearjen op 'e gebedens fan leauwenden.

Net alle teïsten ûnderskriuwe alle neamde opfettings, mar wol de measten. Fral de goedaardigens fan God ropt fragen op oer it ûnûntstriidbere bestean fan kwea yn 'e wrâld dy't syn skepping is. Guon teïsten lizze dat út troch in opsetlike en frijwillige beheining troch God sels fan syn almacht, alwittendheid of goedens. Hoewol't it teïsme as gehiel ornaris fan miening is dat God net bleatstiet oan 'e ynfloed fan 'e tiid, wol it iepen teïsme hawwe dat it aard fan 'e tiid de alwittendheid fan God op it mêd fan 'e takomst beheint. It dysteïsme is in foarm fan teïsme dy't it probleem fan it kwea (d.w.s. it fraachstik wêrom't it kwea bestiet as de wrâld skepen is troch in goede God) ferklearret troch derfan út te gean dat God net folslein goed is, of oars trochdat er just folslein kwea is.

God Seinget de Sânde Dei, in skilderij fan William Blake (1757-1827).

It deïsme wol hawwe dat God folslein transendint is: God bestiet, mar grypt net yn 'e wrâld yn, útsein wat nedich wie om 'e wrâld te skeppen. Yn dy miening is God net antropomorf, beäntwurdet er gjin gebedens en skinkt er likemin wûnders. Frij algemien komt yn it deïsme it idee foar dat God gjin belangstelling foar de minskheid hat of him sels net iens bewust is fan it bestean fan 'e minskheid. It besibbe pandeïsme kombinearret de oarsprong en it doel fan it hielal út it panteïsme mei de filosofy fan it deïsme om te ferklearjen wêrom't God it hielal skepen en it dêrnei yn 'e steek litten hat.

It panteïsme leart dat God it hielal is en dat it hielal God is, wylst it panenteïsme leart dat God it hielal omfettet, mar net identyk is oan it hielal. It idee dat it hielal en God synonym binne, is ek in pylder fan 'e lear fan 'e teosofy, guon oare Westerske groepen, lykas de Liberaal-Katolike Tsjerke, guon hindoeïstyske streamings, it sikhisme, it taoïsme en beskate religyen fan it moderne heidendom. It waisjnavisme (de religy fan Wisjnû) is ynstee panenteïstysk. De kabbala, de joadske mystyk, dy't grutte oanhing hat mank it gassidyske joadendom, omfettet eleminten fan sawol it panteïsme as it panenteïsme, mar inkeld as in oanfolling op 'e algemien joadske opfetting fan God as in personalistyske god, en net yn 'e oarspronklike panteïstyske sin dy't de persoanlikheid fan God ûntkent of beheint.

Non-teïsme, agnostisisme en ateïsme

Non-teïsme is gjin ôfwizing fan it bestean fan God of goaden, mar it leauwe dat it bestean fan God of goaden net nedich is foar it útlizzen fan it bestean fan it hielal, de wrâld en it libben. Foar non-teïsten is de fraach oft God bestiet dêrom fierhinne yrrelevant. Agnostisisme is it leauwen dat it ûnmooglik is om mei wissichheid te sizzen oft God, goaden of oare boppenatuerlike wêzens besteane. Guon agnosten beskôgje sokke religieuze bewearings net inkeld as net-witten, mar as ûnwitber. Ateïsme, dêrfoaroer, is it fêste leauwen dat God net bestiet, likemin as lykfol hokker oare goaden of boppenatuerlike wêzens. It ateïsme wiist yn 'e regel ek in libben nei de dea ôf, wat in oar punt is dat it agnostisme as ûnwitber beskôget.

In soroästryske ôfbylding fan God: Ahoera Mazda (God) skinkt it keningskip oer it Sassanidyske Ryk oan Ardasjir I (lofts).

Non-teïstyske opfettings

Ek non-teïstyske ideeën oer God fariëarje. Guon non-teïsten geane it konsept 'God' út 'e wei wylst se tajouwe dat it foar in protte minsken tige wichtich is. Oare non-teïsten fetsje 'God' op as in symboal fan minsklike noarmen en wearden en aspiraasjes. De njoggentjinde-iuwske Ingelske ateïst Charles Bradlaugh ferklearre dat er wegere en sis "God bestiet net", om't "it wurd 'God' foar my in term is dy't gjin dúdlike of ûnderskate betsjutting hat." Hy woe wol sizze dat neffens him de kristlike God net bestie.

De Amerikaanske paleöntolooch en biolooch Stephen Jay Gould sloech foar om 'e wrâld fan 'e filosofy te ferdielen yn twa saneamde "net-oerlaapjende domeinen". Neffens dy oanpak soene saken dy't it boppenatuerlike oangeane, lykas de fraach oft God bestiet of net en sa ja, wat syn aard is, beskôge wurde moatte as net-empirysk en dêrom as it wurkmêd fan 'e teology. De empiryske (proefûnderfynlike) metoaden fan 'e wittenskip soene inkeld tapast wurde moatte op saken oangeande it natuerlike.

De ateïstyske publisist Richard Dawkins, stelde lykwols dat it bestean of net-bestean fan God wol deeglik in empiryske kwestje is, mei't "in hielal mei in god in folslein oar hielal wêze soe as ien sûnder". De Amerikaanske astronoom en kosmolooch Carl Sagan lei dêr tsjinyn dat it dogma dat it hielal in skepper (net needsaaklikerwize in god) hat, dreech te bewizen of te wjerlizzen is. Sterker noch, de iennichste betinkbere manear om it te wjerlizzen soe neffens him wêze om te bewizen dat it hielal ûneinige âld is (lês: altyd al bestien hat en dêrom net skepen wêze kin).

De Ingelske natuerkundige Stephen Hawking en syn mei-auteur Leonard Mlodinow skreaune yn 2010 yn harren boek The Grand Design dat it perfoarst reedlik is om te freegjen wa of wat it hielal skepen hat. Mar as it antwurd op dy fraach "God" is, dan moat neffens harren de folgjende fraach wêze: wa of wat hat God skepen? Hja tekenen dêrby lykwols oan dat it ûntstean fan it hielal neffens harren prima út te lizzen is sûnder dat der in God of god oan te pas komt.

De fersprieding fan it leauwen yn it bestean fan God yn 'e Jeropeeske Uny en inkele oare lannen.

Bestean

Oer it bestean fan God besteane ferskate opfettings, dy't oer it algemien gearfet wurde kinne as:

  • "God bestiet beslist net." (strang ateïsme)
  • "God bestiet nei alle gedachten net." (reklik ateïsme)
  • "Nimmen kin witte oft God bestiet of net." (agnostisisme)
  • "God bestiet, mar dat kin net bewiisd of wjerlein wurde." (reklik teïsme)
  • "God bestiet en dêr is bewiis foar." (strang teïsme)

Untelbere arguminten foar en tsjin it bestean fan God binne troch de iuwen hinne optekene. Sa seach natuerkundige Isaac Newton yn 'e kompleksiteit fan it hielal dúdlik de hân fan in skepper. Tomas fan Aquino beskreau yn it koart yn syn Summa Theologica en wiidweidiger yn syn Summa contra Gentiles fiif dingen dy't it bestean fan God bewize soene: de quinque viae ("fiif wegen"). Guon ûntdekkings op it mêd fan astronomy, biologyske evolúsje en de neurowittenskippen wurde troch beskate ateïsten, ûnder wa Lawrence M. Krauss, Sam Harris en Richard Dawkins, ynterpretearre as bewiis dat God inkeld in ynbylde entiteit is sûnder lykfol hokker basis yn 'e objektive reäliteit.

"Jahweh", skreaun yn (f.b.n.û.) it Fenisysk, it Arameesk en it Hebriuwsk.

Karakteristiken

Ferskillende religieuze tradysjes skriuwe ûnderskate (hoewol faak opinoar lykjende) karakteristiken ta oan God. Dêrby giet it om machten en fermogens, psychologyske skaaimerken, geslachtsskaaimerken en nammen.

Nammen en gebrûk

Yn 'e measte Westerske talen wurdt 'God' of wat it korrespondearjende wurd yn in oare taal dan ek mar wêze mei, brûkt as namme foar de monoteïstyske god. It ferskil tusken God en in oare, polyteïstyske god wurdt sadwaande werjûn troch it skriuwen of net skriuwen fan in haadletter en faak ek it gebrûk fan in lidwurd. Yn it kristendom hat God ornaris gjin oare namme of oantsjutting as 'God' (Nederlânsk: God, Ingelsk: God, Dútsk: Gott, Frânsk: Dieu, ensfh.). Wol wurdt geregeldwei sprutsen fan "de Hear" of "de Heare", mar dat is in titel en gjin namme.

Yn it joadendom sprekt men yn it Hebriuwsk ek fan El, wat oerienkomt mei "God", mar dêr hat God ek in eigennamme, Jahweh, dat ornaris skreaun wurdt as "YHWH". Fan oarsprong wie dat wierskynlik de namme fan in Edomityske of Midjanityske godheid. Yn in protte oersettings fan 'e Bibel is it wurd "YHWH" ferfongen troch "de Heare" of in korrespondearjende útdrukking, dy't dan gauris yn haadletters printe wurdt. Fan Jahweh is ek Jehova ôflaat, dat troch guon protestantske kristlike groepen (lykas de Jehova's Tsjûgen) as namme foar God brûkt wurdt. Oare joadske oantsjuttings foar God binne Elohim en Adonai.

It Arabyske wurd Allāh yn kalligrafy.

Yn 'e islaam is it Arabysk wurd Allāh (Arabysk: الله; útspr. [ə'la:] of [ə'læ:], likernôch: "ul-laa" of "ul-") in term sûnder meartalsfoarm, dy't letterlik betsjut: "De God". Foar lykfol hokker oare god wurdt yn it Arabysk it wurd ’ilāh (إله; útspr.: ['ʔila:], likernôch: "i-laa") brûkt. Yn it bahaïsme is de wichtichste namme foar God Baha, dat yn it Arabysk "de Alglorieuze" betsjut.

Yn it soroästrisme is Ahoera Mazda de namme fan God. Mazda, dat ornaris beskôge wurdt as de eigennamme, is in Avestaansk wurd dat "yntelliginsje" of "wiisheid" betsjut. Ahura is in titel mei de betsjutting "hear". Yn it sikhisme wurdt God it meast oantsjut mei de term Vāhigurū, dat yn it Pûndjaabsk "Wûnderbaarlike Learmaster" betsjut, fan Vāhi, in Midperzysk lienwurd mei de betsjutting "wûnderbaarlik" en guru ("goeroe"), mei de betsjutting "learaar". Yn 'e ferskate streamings fan it hindoeïsme dy't in monoteïstyske fisy hawwe, kriget God ornaris de namme fan 'e hindoegod dy't yn dy streaming fereare wurdt, lykas Brahma, Krisjna, Wisjnû of Hari.

Geslacht

It geslacht fan God kin beskôge wurde as in letterlike of in allegoaryske eigenskip fan in godheid dy't, alteast yn 'e klassike filosofy fan 'e Westerske wrâld, gjin lichaamlike foarm hat. Yn polyteïstyske religyen wurdt ornaris oan elts fan 'e goaden in geslacht takend, as god of goadinne, wat yn 'e mytology godlike houliken mooglik makket en teffens lichaamlike ynteraksje mei minsken, eat dat wer ta de berte fan healgoaden liedt. Yn monoteïstyske godstsjinsten hat God lykwols gjin wjergader fan it oare geslacht, wat 'syn' geslacht fierhinne yrrelevant makket. It gebrûk fan manlike grammatikale foarmen as 'hy', 'him' en 'syn' by ferwizing nei God komt poer fuort út it feit dat de monoteïstyske religyen har ûntjûn hawwe yn patriargale kultueren dêr't de man in sosjaal hegere posysje hie as de frou. It wie dêrom logysk om it Opperwêzen, mei de heechste posysje fan allegearre, te omskriuwen yn manlike termen.

Bân tusken God en leauwenden

De bân tusken God en de leauwenden wurdt yn bgl. it roomsk-katolike kristendom ûnderholden fia de geastlikheid, dy't in soarte fan brêge foarmet tusken God en de minsken. Yn oare monoteïstyske godstsjinsten, lykas de islaam, bestiet sa'n geastlikheid net hat eltse leauwende in persoanlike bân mei God. Gebed spilet in wichtige rol by dy bân. Ek yn it roomsk-katolisisme is dat sa, mar dêr oanbidde de leauwenden gauris wer in oare tuskenpersoan: de Faam Marije of ien fan 'e hilligen, om foar harren foarspraak te dwaan by God.

Ofbylding fan God

It ôfbyldzjen fan God leit gefoelich fanwegen de grutte hilligens dy't oan him takend wurdt. Yn 'e islaam is it dêrom, en om't God beskôge wurdt as ûnkenber en ûnfoarstelber, ferbean om ôfbyldings fan God te meitsjen. Yn alteast in diel fan it joadendom jildt deselde beheining, ek al leauwe joaden en kristenen dat God Adam, de earste minske, skoep yn syn eigen byld, dêr't út folget dat God itselde stal as in minske hawwe moat. Yn it soroästrisme waard God yn 'e tiid fan it Partyske Ryk wol ôfbylde, mar foel de opkomst fan it Sassanidyske Ryk gear mei in snuorje fan ikonoklasme (byldestoarm), dy't úteinlik in ein makke oan alle ôfbyldings fan God.

De Skepping fan Adam troch Michelangelo, mei Adam lofts en God rjochts.

Yn it kristendom wie it yn 'e earste iuwen net ûngewoan om God ôfbylde te sjen op Eastersk-otterdokse ikoanen. Oan it begjin fan 'e achtste iuw makke it tiidrek fan 'e Byzantynske Byldestoarm dêr in ein oan. It Twadde Konsylje fan Nikeä beëinige dat ikonoklasme yn 787, mar dat betsjutte net dat der fuortendaliks wer ôfbyldings fan God makke waarden. Yn it Westersk kristendom waard pas yn 'e tolfde iuw úteinset mei it ôfbyldzjen fan God. Fral yn keunst út 'e Renêssânse waard God neitiid gauris ôfbylde. Ien fan 'e bekendste wurken is datoangeande De Skepping fan Adam, fan Michelangelo, op it plafon fan 'e Sikstynske Kapel yn Rome.

Sjoch ek

  • God (bahaïsme)
  • God (islaam)
  • God (joadendom)
  • God (kristendom)
  • Ahoera Mazda (soroästrisme)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.