Sint-Goarik of Sint-Gaugerik (Latyn: Gaugericus; Flaamsk: Gorik, Frânsk: Géry; Waalsk: Djèri, berne yn ± 550 yn Carignan, ferstoarn op 11 augustus yn ± 626 yn Cambrai) wie in katolike en letter as hillige fereare biskop yn Cambrai.
Libben
Neffens de tradysje wie Goarik in soan fan Gaudentius en Austadiola. Hy waard berne yn Carignan yn 'e Frânske Ardinnen, dat doe yn it bisdom Trier lei. Goarik waard diaken fan Trier en waard om it jier 585 hinne mei de seine fan de Merovingyske foarst Gildebert II troch biskop Egidius fan Reims wijd as biskop fan Cambrai en Arras.
Goarik focht tsjin it heidendom en hy stifte ferskillende tsjerken. Sint-Goarik stifte as biskop ek in tsjerke ta eare fan de aartsingel Michael, dy't it begjin fan de ûntwikkeling fan de stêd Brussel betsjutte en op it plak fan de hjoeddeiske katedraal stie. Sint-Michael is noch jimmeroan de patroanhillige fan de stêd Brussel.[1]
Hy hie in soad kontakt mei kening Klothar II en wie op it konsylje fan Parys yn 614. Nei syn ferstjerren om 626 hinne waard Goarik byset yn 'e Sint-Menardustsjerke fan Cambrai.
Ferearing
Fuort nei syn ferstjerren sette de ferearing fan Goarik útein. Syn feestdei is op 11 augustus en stiet yn it martyrologium fan Hrabanus Maurus.
Al gau waarden syn reliken oan in soad tsjerken jûn, sadat yn it noarden fan Frankryk en Belgje ferskillende tsjerken syn namme drage.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Gaugerich von Cambrai
|