Goaiïngahuzen
Kophalsromp-pleats (1883)
Kophalsromp-pleats (1883)
Emblemen
               
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Smellingerlân
Sifers
Ynwennertal55 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak8,48 km², wêrfan:
- lân: 7,27 km²
- wetter: 1,21 km²
Befolkingsticht.77 ynw./km²
Oar
Postkoade8497
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 4' N 5° 54' E
Lokaasje Goaiïngahuzen (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Lokaasje Goaiïngahuzen (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Offisjele webside
FB-side Goaiïngahuzen
Kaart
Goaiïngahuzen (Fryslân)
Goaiïngahuzen

Goaiïngahuzen is in doarp yn de westpunt fan de gemeente Smellingerlân.

It doarp hat 55 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis

Goaiïngahuzen waard yn 1573 'Gonyehuisen' neamd. De plaknamme ferwiist mooglik nei in delsetting fan hûzen dy't stifte wie troch it Goinga-skaai. Foar safier bekend bestie Goaiïngahuzen altiten al út wat hûzen en pleatsen sûnder kearn. Yn de 19e iuw wie it in buorskip fan Boarnburgum. Yn 1955 krige Goaiïngahuzen de status fan doarp.[3]

Oan de Peansterdyk stiet in yn 1883 boude kop-hals-romppleats, dy't in eardere pleats nei in brân ferfong. Op dat stee stie al in pleats sûnt de 16e iuw of earder al in hoarnleger. Dat boerehiem hearde by it Smelne-kleaster. Under it gemeentlike monumint sit in grutte molkenkelder ûnder it foarhûs. Eartiids hie de pleats in reidtek. De keldersfinsters mei bopperamen hawwe noch bûgde roeden.

Befolkingsferrin

Jier1959196419691973200420152020
Ynwenners10714212796706055

(Boarnen: 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Gea

Yn de omkriten lizze de natuergebieten De Kobbekoai, neamd nei de kobben dy't dêr in soad binne, en it Unlân fan Jelsma. It is yn behear by It Fryske Gea en allinnich op oanfraach tagonklik.

Goaiïngahuzen hat in pear lytse kempings.

Spinnekopmûnen

Oan de Peansterdyk stiet 'De Jansmûne' (De Modden), in spinnekopmûne, dy't earder de polder Van der Veer drûchmealle moast. Wat fierderop oan de dyk steane de mûnen 'Heechhiem', dy't Polder De Boer meallet, en 'De Modderige Bol', dy't Polder Adamse bemealle. Op It Eilân stiet de fjirde spinnekop fan de Goaiïngahuzen, de 'Roekmûne', de grutste spinnekopmûne fan Fryslân.

Strjitten

It Eilân, Kobbewei, Peansterdyk, Swettewei.

Publikaasje(s)

  • Auck Peanstra en Anne Peenstra "Goaiïngahuzen - in machtich plakje"

Sjoch ek

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Smellingerlân
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaBoarnburgumDrachtenDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen:
BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.