Glenda Jackson | ||
akteur | ||
Glenda Jackson (1971) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Glenda May Jackson | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 9 maaie 1936 | |
berteplak | Birkenhead | |
stoarn | 15 juny 2023 | |
stjerplak | Londen | |
etnisiteit | Ingelsk | |
prizen | Oscar 2x, 1969, 1973 Emmy 2x, 1972, 2020 Tony 2018 BAFTA 2x, 1971, 2019 Golden Globe 1973 |
Glenda May Jackson OBE (Birkenhead, 9 maaie 1936 – Londen, 15 juny 2023) wie in Ingelsk aktrise en politika.
Jackson begûn as aktrise op it toaniel en wie as sadanich fan 1964 ôf fjouwer jier lang ferbûn oan de Royal Shakespeare Company. Yn 1963 makke se har filmdebút yn This Sporting Life. Se bruts troch mei har rol yn de ferfilming fan D.H. Lawrence syn Women in Love (1969), dêr't se in Oscar foar wûn.
Yn 1992 beëinige Jackson har filmkarriêre, omdat se keazen waard as parlemintslid foar Labour. Fan 1997-1999 wie se ûnderminister fan Transport en se hat ek noch besocht om boargemaster fan Londen te wurden.
Nei de ein fan har politike karriêre yn 2015 kaam se werom nei it toaniel. Yn 2018 wûn sy in Tony Award foar har rol yn Edward Albee's Three Tall Women. Dêrmei waard sy ien fan de pear akteurs dy't in Triple Crown of Acting beset hawwe troch it winnen fan sawol in Oscar, in Emmy en in Tony.
Yn 2019 spile se de haadrol yn de Britske telefyzjefilm Elisabeth is missing, wêryn 't de tachtichjierrige en deminte Maud op syk giet nei har ferdwûne bêste freondinne Elisabeth.
Glenda Jackson ferstoar op 15 juny 2023, yn 'e aldens fan 87 jier, nei in koart siikbêd.
Filmografy
Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1963 | This Sporting Life | Singer at Party | Net neamd |
1967 | Marat/Sade | Charlotte Corday | |
1968 | Tell Me Lies | Gaste | |
1968 | Negatives | Vivien | |
1969 | Women in Love | Gudrun Brangwen | |
1971 | The Music Lovers | Nina | |
1971 | Sunday Bloody Sunday | Alex Greville | |
1971 | The Boy Friend | Rita Monroe | Net neamd |
1971 | Mary, Queen of Scots | Queen Elizabeth | |
1972 | The Triple Echo | Alice | |
1973 | Bequest to the Nation | Lady Hamilton | AKA The Nelson Affair |
1973 | A Touch of Class | Vickie Allessio | |
1973 | The Devil Is a Woman | Súster Geraldine | AKA Il Sorriso del grande tentatore |
1975 | The Maids | Solange | |
1975 | The Romantic Englishwoman | Elizabeth Fielding | |
1975 | Hedda | Hedda | |
1976 | The Incredible Sarah | Sarah Bernhardt | |
1976 | Nasty Habits | Alexandra | |
1978 | House Calls | Ann Atkinson | |
1978 | Stevie | Stevie Smith | |
1978 | The Class of Miss MacMichael | Conor MacMichael | |
1979 | Lost and Found | Patricia Brittenham | |
1980 | Health | Isabella Garnell | |
1980 | Hopscotch | Isobel | |
1982 | he Return of the Soldier | Margaret Grey | |
1982 | Giro City | Sophie | Makke foar Channel 4, mar wie foarôfgeande oan de earste útstjoering op telefyzje al yn de bioskopen te sjen. |
1985 | Turtle Diary | Neaera Duncan | |
1987 | Beyond Therapy | Charlotte Wallace | |
1988 | Business as Usual | Babs Flynn | |
1988 | Salome's Last Dance | Lady Alice | |
1989 | The Rainbow | Anna Brangwen | |
1989 | Doombeach | Miss | |
1990 | King of the Wind | Queen Caroline | |
2021 | Mothering Sunday | de âldere Jane Fairchild |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|