Glemmer Beach
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak De Lemmer
holden ynstrân fan De Lemmer
tiid fan it jiermids augustus
bysûnderheden
soarte evenemintmuzykfestival
sjenrepopmuzyk
bestean2010 – no
offisjele webside
www.glemmerbeach.nl

Glemmer Beach is in muzykfestival dat elts jier om mids augustus hinne holden wurdt op it strân fan it Fryske doarp De Lemmer. De namme is in wurdboarterij fan it Ingelske wurd glamour en Lemmer. It evenemint bestiet sûnt 2010 en hat as fêste wearde de Fryske band De Kast, dy't der elts jier spilet. Glemmer Beach duorret trije dagen; freed en sneon moat men betelje om deryn te meien, mar sneins is de tagong fergees.

Tsienjierrich bestean

Glemmer Beach fierde yn 2019 syn tsienjierrch bestean. Oan it haad fan 'e organisaasje efter it festival stie doe Dokkumer Johan Koster, dy't ek belutsen wie by de organisaasje fan û.m. it Feanhoopfestival op De Feanhoop, it Befrijingsfestival en Into the Grave yn Ljouwert, en de Admiraliteitsdagen yn syn wenplak. De line-up hie foar eltsenien wat: Jan Keizer en Annie Schilder foar de âldere besikers, in ABBA-tributeband foar lju yn har middeljierren en karút oan popmuzyk foar de jongerein. Yn 2019 spilen der foar it earste ek bûtenlânske bands op Glemmer Beach, te witten: it Belgyske Clouseau en de Britske bands Level 42 en UB40 Reunited (mei âld UB40-leden Ali Campbell en Astro).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Haagsma, Jacob, Gemmer Beach: groei met buitenlandse bands, yn: de Ljouwerter Krante, 22 augustus 2019, s. 29.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.