Gino Mäder
sporter
Gino Mäder (2016)
Gino Mäder (2016)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeGino Mäder
nasjonaliteit Switsersk
bertedatum4 jannewaris 1997
berteplakFlawil
stjerdatum16 juny 2023
stjerplakChur
lingte1.84 m
gewicht61 kg
sportive ynformaasje
sportHurdfytsen
ûnderdielDykhurdfytsen
debút2019
karriêre-ein2023

Gino Mäder (Flawil, 4 jannewaris 1997 - Chur 16 juny 2023) wie in Switsersk hurdfytser, yn 2015 waard er Switsersk kampioen tiidriden by de junioaren, en yn 2021 wûn er de 6e etappe yn de Omgong fan Itaalje

Karriêre

Yn syn jeugdjierren jilde Mäder as in goede tiidrider en klimmer. Yn 2015 helle hy by de junioaren de Switserske titel yn it tiidriden. Op it wrâldkampioenskip waard er fiifde yn de tiidrit. Yn 2018 wûn hy in etappe yn de Omgong fan de Elzas en waard hy fjirde op it wrâldkampioenskip by de beloften.

Yn 2019 waard er profesjoneel hurdfytser. Yn syn earste omgong as prof, de Omgong fan San Juan, waard er alfde en twadde yn it jongereinklassemint, efter Remco Evenepoel.

Mäder hat trije kear meidien oan de Omgong fan Spanje hy wie yn 2020 de winner fan it jongereinklassemint en waard doe fiifde yn it algemiene klassemint. Yn 2021 die Mäder ien kear mei oan de Omgong fan Itaalje; hy wûn doe de sechsde etappe mar yn de 12e etappe moast er ôfstappe nei meardere falpartijen.

Yn 2023 bedarre Mäder wilens de Omgong fan Switserlân yn it ravyn by de ôfdaling fan de Albulapass op sa'n 20 kilometer fan de finish.[1] Gino Mäder ferstoar op 16 juny 2023, in dei nei it ûngelok yn 'e aldens fan 26 jier, oan 'e ferwûningen fan de fal.[2] Nei't it nijs fan syn ferstjerren bekend makke wie, waard besletten troch de organisaasje fan de omgong, om de lêste 30 kilomter fan de sechsde etappe te neutralisearren.[3]

Dielnimming oan grutte omgongen

Dielnimming oan de Omgong fan Spanje

  • 2020 - 20ste;
  • 2021 - 5e;
  • 2022 - 20e;

Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje

  • 2021 - net finisht; winner 6e etappe

Ploegen

  • 2019 - Dimension Data
  • 2020 - NTT Pro Cycling
  • 2021-2023 - Bahrain Victorious
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.