Gijs Naber
akteur
Gijs Naber (l) en Reinout Scholten van Asschatby de opnames fan De Heineken Ontvoering, 2011.
Gijs Naber (l) en Reinout Scholten van Asschatby de opnames fan De Heineken Ontvoering, 2011.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeGijs Naber
nasjonaliteit Nederlânsk
berne9 augustus 1980
berteplakFinkefean (Utert)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf1998 – no
prizenGouden Keal 2014
offisjele webside
gjint

Gijs Naber (Finkefean, 9 augustus 1980) is in Nederlânsk film-, tillefyzje- en toanielakteur. Yn 2014 wûn er it Gouden Keal yn 'e kategory bêste akteur foar syn rol yn 'e film Aanmodderfakker.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Naber waard yn 1980 berne yn Finkefean, dêr't er syn hiele jonkheid trochbrocht. Nei't er slagge wie foar de HAVO yn Uthoarn, studearre er oan 'e Toanielakademy Maastricht. Yn 1998 debutearre er mei santjin jier as akteur mei in rol yn 'e tillefyzjefilm De Ziener.

Karriêre

Op 'e tillefyzje wie Naber fierders te sjen yn 'e tillefyzjefilm Lieve Céline (2013) en yn fêste rollen yn 'e dramasearjes Lieve Liza (2012) en Penoza (2013-2017). Ek hied er gastrollen yn 'e tillefyzjesearjes Spoorloos Verdwenen (2006), De Co-assistent (2007) en Van God Los (2012). Sûnt 2007 is er ferbûn oan it Ro Teäter, wêrfoar't er û.m. spile yn 'e toanielstikken Woef Side Story en De Komst van Xia. Yn 2013 wûn Naber de Musical Award yn 'e kategory bêste manlike byrol foar syn trije roltsjes yn 'e musical Lang en Gelukkig.

Op it wite doek makke Naber syn debút yn 2004, mei de rol fan Wouter Heemskerk yn 'e film 06/05. Oare films dêr't er yn spile, wiene û.o. Zwartboek (2006), De Laatste Dagen van Emma Blank (2009), Vreemd Bloed (2010), Loft (2010), Homies (2015), Zwarte Tulp (2015) en Oh, Baby (2017).

Yn 2010 fertolke er de rol fan kroanprins Willem-Alexander yn 'e film Majesteit. Yn De Heineken Ontvoering, út 2011 (oer de ûntfiering fan Freddy Heineken), hie Naber de rol fan ûntfierder Cor van Hout. Yn 2014 wûn er in Gouden Keal foar bêste akteur mei syn fertolking fan 'e rol fan Thijs yn 'e film Aanmodderfakker. Yn 2018 hied er de titelrol yn 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer de histoaryske persoan fan Redbad, kening fan 'e Friezen.

Priveelibben

Gijs Naber hat sûnt 2012 in relaasje mei aktrise Thekla Reuten, mei wa't er gearwennet. It pear krige yn augustus 2015 in soan. Yn oktober 2018 krigen sy harren twadde soan.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.