Gia Jakarta
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne15 novimber 1990
berteplak ? (Kalifornje)
etnisiteit Meksikaansk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf2012 – no
offisjele webside
gjint

Gia Jakarta (útspr.: ['ʤi:ja ʤə'kaɹtə], "dzjiia dzjakarta"); echte namme ûnbekend (Kalifornje, 15 novimber 1990), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Meksikaansk etnysk komôf.

Libben en karriêre

Gia Jakarta waard yn 1990 berne yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja makke yn 2012 har debút yn in pornografyske film, en sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn in tsiental fan sokke films spile, ûnder mear foar de foaroansteande studio Jules Jordan Video, mar ek foar ûnbekendere labels, lykas Kick Ass Pictures, Combat Zone, Smash Pictures en Filly Films. Dêrnjonken hat Jakarta ek in protte wurke foar pornosites, lykas Reality Kings.

Lichaamlike skaaimerken

Neffens har offisjele opjefte is Gia Jakarta mar 1.50 m lang, mei in gewicht fan 42 kg en kupmaat 31A. Hja hat ferskate grutte tattoeaazjes, wêrûnder ien op 'e bûtenkant fan har lofterpols, in healmouwe op har lofterearm (mei û.m. in skedel en in spin) en, it meast opfallend, in breed blommemotyf fuort boppe har boarsten.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.