Ghostbusters II | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Ivan Reitman | |
produsint | Ivan Reitman | |
senario | Dan Aykroyd Harold Ramis | |
kamerarezjy | Michael Chapman | |
muzyk | Randy Edelman | |
filmstudio | Columbia Pictures | |
distribúsje | Columbia Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Bill Murray Sigourney Weaver | |
byrollen | Dan Aykroyd Harold Ramis Ernie Hudson Peter MacNicol Annie Potts Rick Moranis | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 16 juny 1989 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | fantasykomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 108 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $30–40 miljoen | |
opbringst | $215,4 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Ghostbusters | |
● foarich diel | Ghostbusters (1984) | |
● folgjend diel | Ghostbusters (2016) |
Ghostbusters II is in Amerikaanske fantasykomeedzjefilm út 1989 ûnder rezjy fan Ivan Reitman, mei yn 'e haadrollen Bill Murray en Sigourney Weaver. De film wie it ferfolch op it súksesfolle Ghostbusters, út 1984, en makket alsa diel út fan 'e Ghostbusters-franchise. It ferhaal folget deselde kloft ûnferfearde spûkefangers, dy't ûnderwilens al har kredyt by de befolking fan New York ferspile hawwe omreden fan 'e ûnbidige hoemannichte skea dy't se mei harren aksjes oanrjochtsje. Lykwols identifisearje se in nije bedriging foar de stêd as se in rivier fan ektoplasmatysk slym ûntdekke, dat reägearret op alle negative emoasjes fan 'e New Yorkers. Dêrmei makket it de weromkear nei de wrâld fan 'e libbenen mooglik fan in boasaardige Eastjeropeeske kriichshear út 'e santjinde iuw. Ghostbusters II krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Op basis fan it súkses fan 'e oarspronklike film hie men der lykwols in stik mear fan ferwachte, dat yn dy sin waard Ghostbusters II sjoen as in mislearring. Pas yn 2016 soe der mei de reboot Ghostbusters wer in film yn dizze mediafranchise útbrocht wurde. Yn 2021 kaam Ghostbusters: Afterlife út, dat in direkt ferfolch op Ghostbusters II wie.
Plot
Fiif jier nei't se New York rêden hawwe fan 'e ferneatiging troch de Sûmearyske god Gozer (sjoch: Ghostbusters) is it mei de spûkefangende Ghostbusters raar yn it neigean rekke. Ynstee dat de gemeente harren betelle hat foar harren heldhaftige wurk, binne se oanklage foar alle materiële skea dy't se by harren gefjocht mei Gozer oanrjochte hawwe. Ta oermjitte fan ramp hat de rjochter harren ferbean om noch ûndersyk te dwaan nei it boppenatuerlike. Fan gefolgen is harren bedriuw oer de kop gien en hawwe se oar wurk sykje moatten. Peter Venkman is no presintator fan syn eigen praatprogramma op in lokale tillefyzjestjoerder, wêryn't er boppenatuerlike ûnderwerpen behannelet; Ray Stantz driuwt in boekhannel dy't spesjalisearre is yn okkulte publikaasjes; Egon Spengler eksperimintearret yn in laboratoarium mei minsklike emoasjes, en Winston Zeddemore ferhiert himsels tegearre mei Stantz as entertainer op bernefeestjes.
Dana Barrett, de eks-freondinne fan Venkman, is yn 'e tuskenlizzende jierren by him weirekke en mei in oare man troud, hat in poppe krigen dy't Oscar hjit, en is skieden. No is se in allinnichsteande mem dy't harsels en har soan ûnderhâldt troch op soarchfâldige wize skilderijen te himmeljen yn it Manhattan Museum of Art, dêr't har ûnoantreklike en sosjaal knoffelige baas, János Poha, fereale op har rekke is.
Nei't Dana op in dei yn ein desimber ûngemurken troch wat slym hinne riden is, dat opboarrelet tusken twa stoeptegels troch, riidt de bernewein mei Oscar deryn skynber út himsels fuort en rôlet in drok krúspunt op. De skrokken Dana siket Spengler op en freget him om ris te sjen oft der wat boppenatuerliks oan 'e poppe, de bernewein of wat dan ek is. Se stiet der by him op oan en hâldt Venkman derbûten, mar dyselde trappearret Spengler en Stantz as se it foarfal beprate. Hy lûkt Stantz tagelyk oan beide earen oant er fertelle wol wêr't se it oer hawwe. Sadwaande komt Venkman mei as Spengler en Stantz by Dana thús op ûndersyk útgeane. It docht bliken dat Dana noch altyd in swak foar Venkman hat, en dat se harren relaasje inkele jierren earder beëinige hat om't hy har op emosjoneel mêd by him wei treau.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Yn it Manhattan Museum of Art komt ûnderwilens it skilderij te'n fuotten út fan Vigo de Karpaat, in sechstjinde-iuwske Eastjeropeeske kriichshear dy't desennia lang in skrikbewâld fierde oer Karpaasje en Moldaavje, ta libben mei de geast fan dyselde lang lyn ferstoarne tiran. Dy makket János Poha fia in foarm fan hypnoaze ta syn tsjinner. Vigo wol dat Poha him in jong bern bringt, dat er geastlik besette kin, om sa in twadde libben te begjinnen. Omreden fan syn eigen fassinaasje foar Dana, kiest Poha dêrfoar Oscar út.
Mei't se by Dana thús neat nuvers fûn hawwe, litte de Ghostbusters harren troch Dana fertelle wêr't se mei de bernewein krekt lâns kommen is doe't it ding in eigen wil krige. As de apparaten dêr't se it boppenatuerlike mei mjitte, op in stuit wyld útslane, witte se dat se fûn hawwe wat se sochten. Jûns meitsje se dêr mei drilboaren in gat yn it asfalt, wêrnei't se oan it graven slane. As se trochbrekke yn in tunnelstelsel, ûntdekke se in wiere rivier fan rôze slym, dy't troch in tunnel fan it yn ûnbrûk rekke Beach Pneumatic Transit-stelsel rint. Spengler en Venkman litte Stantz oan in tou omleech, sadat er in meunster fan it guod nimme kin, mar hy wurdt oanfallen troch it slym, en as er wyld om him hinne slacht om fuort te kommen, brekt er in buis dy't op in elektrisiteitskeabel falt en hiele New York yn it tsjuster set.
De Ghostbusters wurde arrestearre en moatte foar de rjochter komme foar de nije skea dy't se oanrjochte hawwe, en teffens foar it negearjen fan it ferbod dat harren oplein wie om it boppenatuerlike te ûndersykjen. Yn 'e rjochtseal wurdt it meunster fan it rôze slym, dat Stantz nommen hat, as bewiismateriaal presintearre. As rjochter Wexler by it foarlêzen fan it fûnis in lulke tirade tsjin 'e Ghostbusters en elts leauwe yn it boppenatuerlike hâldt, reägearret it slym dêr op fysike wize op, troch op te boarreljen oant it úteinlik ûntploft. Dêrtroch wurde de geasten fan 'e bruorren Scoleri oproppen, behurde kriminelen dy't troch Wexler feroardiele binne ta de elektryske stoel. Se falle Wexler en de ofsier fan justysje oan oant Wexler de Ghostbusters om help freget. Dyselden twinge frijspraak yn 'e rinnende rjochtsaak ôf en easkje ek dat de rjochter syn ferbod op it útoefenjen fan harren wurk ynlûkt, foar't se tsjin 'e beide geasten fanwegen komme. Om't harren geastefangersgereid ek al bewiismateriaal yn 'e rjochtseal oanwêzich is, kinne se dêrnei fluch regaad meitsje troch de beide geasten te fangen.
Wannear't Venkman Dana op har wurk opsiket, warskôget se him dat se altyd it gefoel hat dat de eagen fan it skilderij fan Vigo de Karpaat har folgje. Dêrop komt Venkman letter werom mei Stantz en Spengler, dy't fêststelle dat it skilderij yndie boppenatoerlike eigenskippen hat. Dy jûns kringt it slym Dana har appartemint binne fia de kraan fan har bad. As se de lytse Oscar baaie wol, besiket it slym him te gripen. Dana ûntflechtet yn panyk har wente en siket beskûl by Venkman, dy't har mar wàt graach útfanhûs kriget en har foar him wit te winnen troch syn ferrassend goede omgong mei Oscar.
Spengler en Stantz ûntdekke dat it slym "psychoreäktyf" is, d.w.s. reägearret op minsklike emoasjes, en dat it eins ûntstien is as in fysike werjefte fan alle negative gefoelens fan 'e New Yorkers. Spengler, Stantz en Zeddemore geane fia it rioel nei de rivier fan slym ta foar neier ûndersyk. As er de djipte besiket te mjitten, wurdt Zedemore yn 'e rivier lutsen en fuortspield, en Stantz en Spengler springe him efternei. It docht bliken dat de rivier nei it Manhattan Museum of Art ta rint, dêr't se der úteinlik wer útklimme kinne en fia in rioelputsje de strjitte berikke. Stantz en Zeddemore krije spul dat suver útrint op slaanderij, oant Spengler beseft dat se beynfloede wurdt troch de negative enerzjy fan it slym dêr't se no mei oerdutsen binne.
De Ghostbusters stappe nei boargemaster Lenny Clotch ta, dy't harren warskôgings lykwols ôfwiist as flauwekul. Jack Hardemeyer, de assistint fan 'e boargemaster dy't in persoanlike hekel oan 'e Ghostbusters hat, lit harren ûnder twang yn in psychiatrysk sikehûs opnimme, sadat se de politike karriêre fan Clotch net fierder besmodzgje kinne. Wylst de Ghostbusters fêstsitte, wurdt Oscar op âldjiersdei út Venkman syn appartemint ûntfierd troch Poha. Dana efterfolget him nei it museum, dat daliks nei har binnenkomst oerdutsen wurdt mei in ûntrochkringbere laach úthurdzjend slym. Vigo de Karpaat is fan doel om Oscar om klokslach tolve oere op âldjiersjûn te besetten. Dana besiket dêr in stokje foar te stekken, mar wurdt troch Poha en Vigo opsletten. Op âldjiersjûn rizet it slym omheech nei de strjitten fan New York, dêr't it rûnom foar boppenatuerlike gaos en trelit soarget. De plysje wurdt oerspield troch tillefoantsjes fan lju yn need. Yn wanhoop ropt boargemaster Clotch om 'e Ghostbusters. As er foar it ferstân kriget dat Hardemeyer harren opslute litten hat, ûntslacht er syn assistint op steande foet en lit de mannen út it psychiatrysk sikehûs helje.
De Ghostbusters, dy't troch harren resepsjoniste Janine Melnitz en harren boekhâlder Louis Tully op 'e hichte brocht wurde oer wat der yn harren ôfwêzigens bard is, sette nei it Manhattan Museum of Art ta. As it harren net slagget om troch it hurde slym hinne te brekken, riddenearret Stantz dat se ferlet hawwe in posityf symboal, om it slym mei de positive emoasjes fan 'e New Yorkers sêft wurde te litten. Dêrom brûke se slym dat opladen is mei positive emoasjes om 'e binnenkant fan it Frijheidsbyld mei te bespuitsjen, sadat se it byld yn beweging krije kinne en it troch de mei jûchheiende minsken folsteande strjitten stjoere kinne. Oankommen by it museum lûkt de slymbarriêre him werom fan it dak, wêrnei't Stantz it Frijheidsbyld mei har toarts dwers troch in skylight hinne huffe lit. Sa slagget it de Ghostbusters om krekt foar midsnacht yn it museum troch te kringen.
Ienris binnendoar, keare de Ghostbusters tsjin dat Vigo Oscar besette kin en neutralisearje se János Poha troch him mei posityf laden slym te bespuitsjen. Vigo de Karpaat nimt in fysike foarm oan en pakt Oscar wer op. Wannear't lykwols bûtendoar de gearklofte mannichte ienriedich út folle boarst Auld Lang Syne begjint te sjongen, rekket Vigo ferswakke troch de positive emoasjes dy't dêrfan útgeane. Hy wurdt twongen en kear werom nei syn skilderij, mar yn in lêste oplibbing wit er Stantz te besetten. De oare Ghostbusters brûke harren wapens om Vigo te ferslaan en Stantz te befrijen. Neitiid feroaret it skilderij yn ien fan 'e fjouwer Ghostbusters mei de lytse Oscar by harren. It restant fan 'e hurde slymlaach om it museum hinne lost op, de Ghostbusters komme op triomfantlike wize nei bûten ta en wurde dêr tajûche troch in útsinnige minskekliber.
Rolferdieling
- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Peter Venkman | Bill Murray |
Dana Barrett | Sigourney Weaver |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Ray Stantz | Dan Aykroyd |
Egon Spengler | Harold Ramis |
Winston Zeddemore | Ernie Hudson |
János Poha | Peter MacNicol |
Janine Melnitz | Annie Potts |
Louis Tully | Rick Moranis |
Vigo de Karpaat | Wilhelm von Homburg (live-action) Max von Sydow (stim |
Jack Hardemeyer | Kurt Fuller |
boargemaster Lenny Clotch | David Margulies |
rjochter Stephen Wexler | Harris Yulin |
ofsier fan justysje | Janet Margolin |
psychiater | Brian Doyle-Murray |
Milton Angland, gast yn praatprogramma | Kevin Dunn |
Elaine, gast yn praatprogramma | Chloe Webb |
mem dy't bernefeest hâldt | Mary Ellen Trainor |
haad gemeentetsjinst | Ben Stein |
plysjekommissaris | Philip Baker Hall |
havenmaster | Cheech Marin |
Oscar Barrett (poppe) | William T. en Hank J. Deutschendorf |
Produksje en distribúsje
Produksje
Nei it geweldige kommersjele súkses fan 'e earste Ghostbusters-film, woe filmstudio Columbia Pictures hoe dan ek in ferfolchfilm meitsje om fierder te ynkassearjen. It probleem wie dat de oarspronklike film ûntwikkele wie as in op himsels steand projekt, en dat de leden fan 'e cast en crew no allegear fierder woene mei oare dingen. Columbia hie der sadwaande klauwen oan, en moast gâns druk útoefenje, om it spul foar de produksje fan Ghostbusters II op 'e rails te krijen. De preproduksje duorre in ivichheid, wat benammen te witen wie oan 'e tsjinnichheid dy't cast en crew by de film hiene, en oan 'e rûzjes dy't efter de skermen plakfûnen en lykwols dochs breed útmetten waarden yn 'e media.
Krekt as by de earste film waard it senario skreaun troch Dan Aykroyd en Harold Ramis, dy't ferzje nei ferzje produsearren sûnder dat it harren alhiel sinnige. Se woene mei de film in boadskip oerbringe oer de konsekwinsjes fan negative minsklike emoasjes. Uteinlik keazen se foar it idee dat negative gefoelens in massa boppenatuerlik slym ûnder New York kreëarje, dat op syn beurt boasaardige geasten opropt en fuortsterket.
Ghostbusters II waard, krekt as de oarspronklike film, regissearre troch Ivan Reitman. Dyselde wie ek wer as produsint by it projekt belutsen. Foar Ghostbusters II wie in budget beskikber fan nei skatting $30 oant 40 miljoen, wat in stik heger wie as foar de earste film. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Michael Chapman, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Randy Edelman.
Opnamen
De opnamen foar Ghostbusters II setten yn novimber 1988 útein en duorren oant yn maart 1989. Dat wie yn ferhâlding frij koart. Krekt as mei de earste film it gefal west hie, waard ek Ghostbusters II fierhinne yn 'e soundstages fan The Burbank Studios yn 'e neite fan Los Angeles opnommen. Der waard wol filme yn New York, dêr't de film eins spilet, mar dat duorre mar twa wiken en bestie foar it meastepart út bylden fan 'e skyline en fan beskate bekende gebouwen.
Firehouse, Hook & Ladder Company 8, in brânwachtkazerne, waard fannijs brûkt as it eksterieur fan it haadkertier fan 'e Ghostbusters, wylst Fire Station No. 23 yn Los Angeles as it ynterieur fan it gebou tsjinne. Oare filmlokaasjes yn New York wiene û.o. Second Avenue, it Frijheidsbyld en First Avenue (de sêne mei de fuortridende bernewein). It Alexander Hamilton Hûs fan 'e Amerikaanske Dûane, ek yn New York, tsjinne as de bûtenkant fan it fiktive Manhattan Museum of Art. It besyk fan 'e Ghostbusters oan 'e boargemaster yn dy syn residinsje, de filla Gracie Mansion, waard feitliks filme yn 'e Greystone Mansion yn Beverly Hills.
Nei fertoanings fan in kladferzje fan 'e film oan in testpublyk waarden grutte stikken út ferhaal skrast, wêrnei't der by reshoots yn maart en april 1989 ferfangende sênes filme waarden.
In opfallend ferskil tusken Ghostbusters II en it oarspronklike Ghostbusters, wie dat yn 'e ferfolchfilm út 1989 net smookt waard, wylst dat yn 'e oarspronklike film út 1984 noch oates en toates foarkaam. Yn 'e tuskenlizzende fiif jier hie der yn 'e Feriene Steaten in maatskiplike feroaring west, mei as gefolch dat smoken út 'e graasje rekke en alteast yn films net mear akseptabel achte waard.
Distribúsje
De distribúsje fan Ghostbusters II waard fersoarge troch Columbia Pictures. De film gie op 16 juny 1989 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 12 juny by platemaatskippij MCA Records. Ghostbusters II waard op 22 novimber 1989 útbrocht as VHS-keapfideo. De film kaam yn 1999 foar it earst út op dvd en yn 2014 foar it earst op blu-ray.
Untfangst
Fan 'e filmkritisy krige Ghostbusters II mingde resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times neamde de film "in teloarstelling" dy't it ûntbriek oan humor. Ferskate resinsinten fûnen fierders dat Ghostbusters II syn foargonger Ghostbusters tefolle neibearde. Sa skreau Gene Siskel yn 'e Chicago Tribune dat it wol "in minne kopy" liek, dy't neat nijs te bieden hie. En neffens Richard Schickel fan it tydskrift Time bea Ghostbusters II mar "lytse fariaasjes" yn ferhâlding ta de oarspronklike film, sûnder dat de personaazjes harsels fierder ûntjoegen. Ek fûn er dat de ferfolchfilm in "skamteleas" gelikense ein hie as de oarspronklike film.
Yn 'e Los Angeles Times priizge Sheila Benson Ghostbusters II lykwols, en skreau dat de ûntknoping stikken better wie as dy fan 'e oarspronklike fillm. Ek wurdearre se it feit dat Ghostbusters II, hoewol't it in ferfolch is, net stipe op inside jokes dy't dielen fan it publyk fan 'e film ferfrjemdzje koene. Hal Hinson fan The Washington Post skreau dat Ghostbusters II, hoewol "like grut en dom en knoffelich" as de oarspronklike film, dochs mear persoanlikheid hie. Neffens him wiene ferfolchfilms ornaris loai en linen se op it súkses fan harren foargonger, mar hy fûn dat Ghostbusters II der better útseach en genôch selsfertrouwen hie om te eksperimintearjen mei it boarnemateriaal. Wol hied er krityk op wat er seach as it gebrek oan spanning en plotûntwikkeling. En Vincent Canby fan The New York Times skreau dat Ghostbusters II mear humor hie en net sa "ferdrukkend ekstrafagant" wie as de oarspronklike film. Hoewol't er fan miening wie dat de plot djipgong miste, fûn er de toan fan 'e film oer it algemien "opmerklike fleurich".
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Ghostbusters II in tuskenbeiden goedkarringspersintaazje fan 53%, basearre op 38 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Tanksij de cast is [de film] ridlik fermaaklik, mar hy ûntbeart de sjarme, humor en enerzjy fan syn foargonger." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Ghostbusters II in goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 14 resinsjes.
Resultaat
Opbringst
Ghostbusters II brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $112,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $102,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $215,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 oant 40 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $175,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Ghostbusters II de op acht nei meast opbringende film fan 1989, nei Indiana Jones and the Last Crusade, Batman, Back to the Future Part II, Look Who's Talking, Dead Poets Society, The Little Mermaid, Lethal Weapon 2 en Honey, I Shrunk the Kids.
Op himsels wie dat gjin mâl resultaat, mar mei't de ferwachtings tige heechspand wiene en Columbia Pictures útgie fan in opbringst dy't dy fan 'e earste Ghostbusters-film ($295,2 miljoen) oertreffe soe, wie it dochs in rare ôfdijer. Sadwaande waard Ghostbusters II troch de filmstudio as in krityske en kommersjele mislearring beskôge. Haadrolspiler Bill Murray wegere om oan fierdere ferfolchfilms mei te wurkjen, wat de Ghostbusters-franchise de deastek joech. Pas yn 2016 soe der in nije Ghostbusters-film makke wurde, in reboot fan 'e franchise mei froulike haadrolspilers dy't Ghostbusters kaam te hjitten, mar gjin súkses waard.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Ghostbusters (filmsearje) | |
---|---|
Ghostbusters (1984) • Ghostbusters II (1989) • Ghostbusters (2016) • Ghostbusters: Afterlife (2021) |