Gezina (Gesina) Hermina Johanna van der Molen (Baflo, 20 jannewaris 1892 - Aerdenhout, 9 oktober 1978) wie in Nederlânsk rjochtsgelearde en fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich.
Jonkheid en skoalle
Van der Molen wie iennichst bern fan it Fryske skoalhaad, letter Twadde Keamerlid en boargemaster Jan van der Molen en ûnderwizeresse Geertje Kuik. Sy gie nei de kweekskoalle, mar har hert lei net yn it ûnderwiis. De grouwelikens fan de Earste Wrâldkriich taasten har sa yn it moed, dat sy besleat om ferpleechkunde te studearjen yn Amsterdam. Dat die bliken te swier foar har te wêzen. De heechlearaar folkenrjocht A. Anema, in freon fan de Van der Molens, helle Gezina oer om yn de sjoernalistyk oan de gong te gean.
Wurk foar de oarloch
Fan 1920 ôf skreau de grifformearde Van der Molen foar it kristlik deiblêd De Amsterdammer. Tagelyk wie hja warber yn de frouljus- en fredesbeweging. Fan 1924 oant 1929 studearre hja rjochten oan de Frije Universiteit fan Amsterdam; sy wie it earste famke op dy fakulteit. Se wie ek de earste frou dy't oan de VU in doktorstitel helle, mei Anema as promotor.
Ferset yn de oarloch
Yn de Twadde Wrâldoarloch die Van der Molen mei oan it ferset. Har skûlnamme wie Tante Lien. Fan 1941 ôf wie hja belutsen by Vrij Nederland. Teffens rêde sy tal fan Joadske bern, ûnder oaren smokkele sy dy út it Joadske bernetehûs oan de Plantage Middenlaan yn Amsterdam. Yn 1943 wie Van der Molen ien fan de oprjochters fan it kristlike fersetsblêd (en letter deiblêd) Trouw, tegearre mei Sieuwert Bruins Slot, Jan Schouten en Wim Speelman.
Wurk nei de oarloch
Nei de oarloch wie Van der Molen foarsitter fan de Rykskommissy Oarlochspleechbern, dy't beslisse moast oft Joadske bern by harren (faak kristlike) pleechhûshâldings bleaune, of ûnderbrocht by Joadske famyljeleden. Tusken Van der Molen en de joadske leden fan de kommissy ûntstiene grutte spannings troch ferskil fan ynsjoch (1946). Its skeel waard 1947 bylein, mat hieldendal goed kaam it net mear.
In 1949 waard Van der Molen bysûnder heechlearaar folkerjocht oan de Frije Universiteit fan Amsterdam. Fan 1958 oant har emeritaat yn 1962 wie hja gewoan heechlearaar folkerjocht en ynternasjonale betrekkingen. Sy wie warber yn tal fan kwestjes; de rjochten fan froulju, de apartheid yn Súd-Afrika, de Feriene Naasjes, de Súd-Molukken en Nij-Guinea. Pieter Kooijmans, dy't letter minister fan Utlânske Saken wurde soe, wie ûnder har studinten.