Mei it begryp gewest wurdt gauris in krite of goa mei lânhearlik gesach yn de Lege Lannen, it hjoeddeistige Nederlân, Belgje, Lúksemboarch en it noarden fan Frankryk, mei ornearre. It begryp waard oant de Frânske tiid ta brûkt en waard ek wol as synonym fan provinsje brûkt. Hjoed-de-dei wurd it begryp yn Belgje brûkt foar de trije federale lânsdielen.
Etymology
Der bestiet gjin wissigens wêr't it wurd "gewest" weikomt, mar mooglik komt it fan it Middelnederlânske tiidwurd "wesen" (wêze, wenje)[1]
Skiednis
De Lege Lannen bestiene yn de midsiuwen út ferskate lytse steatsjes ûnder it bestjoer fan de Frânske kening en de Roomsk-dútske keizer. Dy steatsjes kamen stadichoan ûnder it bestjoer fan de hartoggen fan Boergonje en de Spaanske Habsburgers.
Under keizer Karel V bestiene de Habsburchske Nederlannen út santjin gewesten dy't fan 1543 ôf ek wol de Santjin Provinsjes neamd waarden. Dat wie lykwols gjin fêst oantal en njonken dy gewesten dy't ûnder Habsburchske hearskippij foelen, wiene der ek noch it Prinsbisdom Luik en guon oare lytse kriten mei in grutte mjitte fan ûnôfhinklikens. Nettsjinsteande dat waard fêstholden oan it tal santjin om't dat tal in symboalyske betsjutting yn it kristendom hat.[2] De fertsjintwurdigers fan de gewesten kamen byinoar yn de Steaten-Generaal.
De gewesten fan de Lege Lannen ferskillen yn struktuer, lykas guon wiene greefskippen, oaren wiene hartochdommen, en wer oaren wiene hearlikheden. It wurd gewest waard brûkt foar alle bestjoerlike ienheden nettsjinsteande de foarm.
De gewesten fan de Habsburchske Nederlannen wiene:
- Greefskip Arteezje
- Greefskip Flaanderen
- Boarchgreefskip Waalsk-Flaanderen (Lille–Douai–Orchies)
- Boarchgreefskip Doarnik
- Hearlikheid Mechelen
- Greefskip Namen
- Greefskip Henegouwen
- Greefskip Seelân
- Greefskip Hollân
- Hartochdom Brabân (mei it Markgreefskip Antwerpen)
- Hartochdom Limburch
- Hartochdom Lúksemboarch
- Hearlikheid Utert
- Hearlikheid Fryslân
- Hartochdom Gelre (mei it Greefskip Sutfen)
- Hearlikheid Grinslân
- Hearlikheid Oerisel (mei it Lânskip Drinte)
Hjoed-de-dei
It wurd "gewest" wurdt hjoed-de-dei yn Nederlân en Belgje gauris brûkt yn it wurd "stedsgewest", itjinge mei in stedskrite ornearre wurdt, lykas bygelyks it Stedsgewest Ljouwert, Stedsgewest Utert, Stedsgewest Brussel.
Yn Belgje wurde mei gewesten ek de trije federale lânsdielen, it Flaamsk Gewest, it Waalsk Gewest en it Brusselsk Haadstedsk Gewest mei ornearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|