Gervasius en Protasius
   hillige
De twa hilligen yn it haadalter fan de munstertsjerke fan Breisach am Rhein
De twa hilligen yn it haadalter fan de munstertsjerke fan Breisach am Rhein
persoanlike bysûnderheden
bertedatum3e iuw
stjerdatum300
stjerplakMilaan
hillichferklearring
fereare trochRoomsk-Katolike Tsjerke: 9 juny
Eastersk-otterdokse Tsjerken: 14 oktober
Armeensk-Apostoalyske Tsjerke: 7 oktober
attributenGisel, swurd, martlerskroan
patroan fanbern
hea-arbeiders
de stêden/gemeenten Breisach am Rhein (Dútslân), Rouen (Frankryk), Bormio, Bariano, Città della Pieve, Cortenova, Domodossola, Marudo, Milaan, Novate Milanese, Sondrio, Spirano en Torri di Quartesolo (Itaalkje), Alpartir en Villalengua (Spanje)

Gervasius en Protasius fan Milaan (berne yn 'e 3e iuw, om 300 hinne ferstoarn, mooglik yn Mediolanum, it doedestiidske Milaan) binne twa as hilligen fereare kristlike martlers.

Oer it libben fan Gervasius en Protasius is hast neat bekend. Hja wiene in twilling en soannen fan Vitalis en Valeria, dy't fanwegen harren leauwen earder de martlerdea stoaren. Gervasius en Protasius waarden ûnder de kristenferfolgings fan 'e romeinske keizer Diokletianus fermoarde. Gervasius waard mei in gisel fan leaden kûgeltsjes deaslein en Protasius ûnthalze.

Vita

De fynst fan 'e reliken fan Gervasius en Protasius.

De reliken fan Gervasius en Protasius waarden by tafal ûntdekt, doe't de biskop Ambrosius († 397) in nije tsjerke boud hie. Ambrosius soe yn in fizioen it plak sjoen ha dêr't socht wurde moast foar reliken foar de nije tsjerke. Hy joech opdracht om opgravings te dwaan yn 'e tsjerkhôfkapel fan Feliks en Nabor († ± 304) en dêr fûnen de gravers de sarkofaach fan de twilling Gervasius en Protasius. De reliken fan 'e bruorren waarden nei de nije tsjerke brocht, dy't letter de namme basilica di Sant'Ambrogio krige.

Ferearing

Al gau ûnstiene der ferhalen oer mirakels, dy't oan de reliken fan Gervasius en Protasius taskreaun waarden en de ferearing socht syn wei nei oare plakken yn Itaalje. Under paus Innosintius I (402-417) waard yn Rome in tsjerke oan Gervasius en Protasius wijd. Letter waarden harren heit en mem tafoege oan de patroanhilligen fan dy tsjerke, dy't no Santi Vitale e Compagni martiri in Fovea hjit. Sûnt 400 waarden ek nije tsjerken yn Galje yn Le Mans, Rouen, Parys en Soissons oan 'e hillige twilling wijd. Ek waarden hja al hiel betiid opnommen yn 'e litany fan de hilligen.

De krypte mei it rêstplak yn 'e basilica di Sant'Ambrogio fan de hilligen.

De reliken fan de hilligen Ambrosius, Gervasius en Protasius rêste tsjintwurdich yn 'e krypte fan 'e Basilika Sant'Ambrogio yn Milaan. Oare plakken dêr't reliken bewarre wurde binne de basilika fan Rapallo en de katedraal fan Città della Pieve (beide Santi Gervasio e Protasio) yn Itaalje, de Saintes Gervais et Protais yn Soissons, de [[Katedraal fan Le Mans|Saint-Julien fan Le Mans, de Notre-Dame fan Sées en eartiids nei alle gedachten ek yn de oan de twilling wijde tsjerke fan Civaux.

Yn 1162 waard reliken fan 'e hilligen meinommen nei it Dútske Breisach am Rhein, dêr't yn 'e munstertsjerke in relikenskryn stiet.

Gervasius en Protasius binne de beskermhilligen fan de stêden Alpartir en Villalengua (Spanje), Breisach am Rhein (Dútslân), Rouen (Frankryk), Bormio, Bariano, Città della Pieve, Cortenova, Domodossola, Marudo, Milaan, Novate Milanese, Sondrio, Spirano en Torri di Quartesolo (Itaalje). Dêrnjonken foarmet de twilling de twadde patroanhillige fan it bisdom Lugano (fan 'e Ambrosiaanske ritus).

De hilligen binne fierder de beskermhilligen fan bern en wurkers yn 't hea. Hja wurde oanroppen tsjin tsjeafte en foar in goede rispinge.

De katolike Tomaskristenen fan Yndia hawwe ferskate âlde Gervasius en Protasiustsjerken. Dy tsjerken datearje noch út de tiid dat de Tomaskristenen de twa bruorren en biskoppen Mar Sabor en Mar Proth as hilligen ferearen. Harren feestdei foel op 19 juny, op de dei dat yn 'e Tsjerke fan it Westen it feest fan de hillige twilling Gervasius und Protasius foel. De synoade fan Diamper ferbea yn 1599 de ferearing fan Mar Sabor en Mar Proth, om't de twa út de Assyryske Tsjerke fan it Easten stamden. Tagelyk waard opdracht jûn om alle tsjerken om te wijen ta Gervasius en Protasius of Alderheljen. Dêrtroch waard de ferearing fan Gervasius en Protasius ek yn Yndia bekend.

Atributen

De hilligen wurde yn 'e regel ôf- of útbylde mei in gisel, knots, swurd en martlerskroan.

Feestdei

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Gervasius und Protasius

  • Charles G. Herbermann: The Catholic Encyclopedia. Robert Appleton Company, New York 1907 - 1912

    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.