Germanen is de gearfetsjende namme fan de folken dy't Germaanske talen sprekke. Dizze befolkingskloften binne likernôch 1400-1200 f.Kr. yn Súd-Skandinaavje en Noard-Dútslân ûntstien, nei alle gedachten troch ferminge fan in út it suden wei komd Yndo-Jeropeesk folk mei de oarspronklike befolking. Tsjintwurdich libje de bewenners mei in Germaanske taal noch hieltyd yn itselde gebiet, mar hawwe se harren ek yn grutte oantallen festige yn Grut-Brittanje, Yslân en yn eardere oerseeske koloanjes, lykas yn Noard-Amearika, Austraalje en Súd-Afrika.
Skiednis
Healwei de 1e iuw f.Kr. rekken de Romeinen yn gefjocht mei Germaanske stammen by harren besykjen om it Romeinske Ryk nei it noarden út te wreidzjen. Hja neamden dat gebiet Germaanje en besochten it lân tusken de Ryn en Elbe te ûnderwerpen, mar moasten har mei de Ryngrins fergenoege. Yn it suden wie de Donau de swette tusken it Germaanske gebiet en de Romeinske Ryk. Yn de 4e iuw brutsen de Germanen foarfêst oer dizze grinzen hinne en ferrize oeral yn it Romeinske Ryk Germaanske keninkriken û.o. fan de Goaten, Fandalen, Franken, Bourgonden en Longobarden. Yn it Grutte Folkeferfarren fûn in hergroepearring plak fan de Germaanske stammen yn folken, yn West-Jeropa yn Franken, Friezen en Saksen. Ut Denemarken stutsen Angelen, Jutten en Saksen oer nei Ingelân, guon dêrfan kamen yn it kustgebiet fan Nederlân te lâne. Op de ein fan de 8e iuw ferspraten de Wytsingen har fan Skandinaavje út oer hiel West- en Súd-Jeropa.