De Germaanske lûdferskowing hat in feroaring west fan de bylûden yn it Oergermaansk of it Miengermaansk. De Germaanske lûdferskowing wurdt, fral yn ferbân mei it Dútsk, ek wol oantsjut as de Earste lûdferskowing, ta ûnderskie fan ’e Twadde of Heechdútske lûdferskowing).

Wet fan Grimm

Neffens de Wet fan Grimm hat der by it ûntwikkeljen fan it Germaansk in lûdferskowing west fan de ploffers fan it Yndo-Jeropeesk.

  • De stimleaze ploffers feroaren ta wriuwlûden. Bygelyks, de p waard in f.
  • Underwilens waarden de stimhawwende ploffers ta stimleaze ploffers. Bygelyks, de b waard in p.
  • En de oanblazen stimhawwende ploffers waarden dan wer ta gewoane stimhawwende ploffers. Begelyks, de bh waard in b.

Utsûnderings wienen:

  • De stimleaze ploffers nei in s, dy't net feroaren. Bygelyks sp feroare net.
  • De t nei in, al as net oanblazen, stimhawwende ploffer, dy't ek net feroare. Dy ploffer foar de t ûndergie lykwols al de Germaanske wriuwlûdferskowing.

Wet fan Verner

De Germaanske lûdferskowing is tige regelmjittich, mar nei de yntroduksje fan de Wet fan Grimm like der dochs in groep útsûnderings te wêzen. De Wet fan Verner beskriuwt de útsûndering as:

  • Stimleaze ploffers op de oergong fan in klamleas wurdlid ta in klamhawwend wurdlid feroaren ta stimhawwende ploffers.

Oannaam wurdt dat dit feroarsake is troch in twadde lûdferskowing, foar dy fan de Wet fan Grimm, dy't dan troch de Wet fan Grimm dit risseltaat krige.

Germaanske wriuwlûdferskowing

It tredde part fan da Germaanske lûdferskowing, en nei alle gedachten ek yn de tiid it lêste, wie de Germaanske wriuwlûdferskowing, in lûdferskowing fan de ploffers foar in t.

  • De ploffers foar in t feroaren altiten ta wriuwlûden. Bygelyks, de bt waard in ft.

Tiidrek

De oarder fan de Germaanske lûdferskowing wurdt no sjoen as:

  1. Wet fan Verner
  2. Wet fan Grimm
  3. Germaanske wriuwlûdferskowing

Wêr yn dit tiid dit plak hân hat is net wis. De Wet fan Verner moat gouwen hawwe foar de klamferoaring dy't it Oergermaansk feroare ta it Miengermaansk. Fan de Wet fan Grimm wurdt oannaam dat dy likernôch op de oergang fan Oergermaansk nei Miengermaansk leit, wylst de Germaanske wriuwlûdferskowing ticht by de ein fan it Miengermaanske tiidrek leit.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.