Proto-Germaansk
algemien
oare namme(n)Oergermaansk (foutyf)
taalgebietNoardwest- en Midden-Jeropa
en Skandinaavje
taalbesibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk
  Germaansk
    Proto-Germaansk
skaaimerken
tiidrek2de milennium f.Kr.-1e iuw (n.Kr.)
ûntstien útProto-Yndo-Jeropeesk
ûntjûn taEastgermaansk
● Oernoardsk
Westgermaansk

It Proto-Germaansk is de taal dêr't alle Germaanske talen (en útslutend de Germaanske talen) op weromgeane. Der binne gjin skriftlike boarnen oerlevere fan dizze oarspronklike Germaanske taal, mar op grûn fan yndirekt bewiismateriaal (d.w.s. troch de hjoeddeistige Germaanske talen en Germaanske lienwurden yn net-Germaanske talen lykas it Finsk mei-inoar te ferlykjen) hawwe taalkundigen it Proto-Germaansk dochs rekonstruëarje kinnen. Neffens moderne ynsichten kin dizze Germaanske grûntaal opdield wurde yn twa stadia: it Oergermaansk, dat yn in langere iere perioade sprutsen waard, en it Miengermaansk, dat sprutsen waard yn in koarter letter tiidrek, foar't it Proto-Germaansk útinoarfoel yn 'e ôfsûnderlike taalkloften. Faak wurdt der lykwols, fral yn stikken dy't skreaun binne troch net-saakkundigen, terminologysk gjin ûnderskie makke tusken Proto-, Oer- en Miengermaansk, en wurdt inkeld sprutsen fan Oergermaansk.

It Oergermaanske tiidrek

Mei't der út dy tiid gjin skriftlike boarnen oerlevere binne, is it tige dreech en sis persiis wannear't it Oergermaansk him út it Proto-Yndo-Jeropeesk ûnwikkele hat. Dúdlik is yn elts gefal wol dat dat fier foàr it begjin fan 'e Westerske jiertelling west hawwe moat, mooglik earne yn it twadde milennium f.Kr.

Der binne trije wichtige punten dêr't it Oergermaansk him op ûnderskiedt fan it Proto-Yndo-Jeropeesk. Yn it foarste plak wie der de saneamde Earste of Germaanske Klankferskowing (ta ûnderskie fan 'e Twadde of Heechdútske Klankferskowing), ek wol bekend as de Wet fan Grimm. Ferlykje yn dit ferbân bgl. it Latynske pater ("heit"), tu ("do"), decem ("tsien") en clepo ("ik stel"), dat de sitewaasje werjout sa't dy yn it Proto-Yndo-Jeropeesk wie, mei it Goatyske fadar, þu, taíhun en hlifa (mei deselde betsjutting). Ek ûntwikkele it Oergermaansk in sterke en in swakke foarm by yn prinsipe elts eigenskipswurd, wylst it Proto-Yndo-Jeropeesk dy net hie. En fierders ûntjoech it by in part fan 'e tiidwurden in mei in dintale suffiks (in efterheaksel mei in t of d) foarme swakke bûging om notiid en doetiid faninoar te ûnderskieden (dus bgl. "mean" – "meande" yn tsjinstelling ta âldere foarmen lykas "rin" – "rûn").

It gebiet fan 'e pre-Romeinske Izertiid yn Noard-Jeropa (±500 f.Kr.), dy't assosjearre wurdt mei it Proto-Germaansk. It maginta-kleurige gebiet besuden Skandinaavje jout de saneamde Jastorfkultuer wer.

It Miengermaanske tiidrek

Men wit net krekt wannear't de oergong fan it Oergermaansk nei it Miengermaansk plakfûn hat, mar men nimt oan dat it yn 'e lêste iuwen f.Kr. wie. Ek it Miengermaansk is net oerlevere – útsein as losse wurden of nammen. Dêrom wurdt it, krekt as it Oergermaansk, troch taalkundigen rekonstruëarre op grûn fan ûndersyk fan 'e ûnderskate Germaanske talen.

It wichtichste ferskil tusken it Oergermaansk en it Miengermaansk wie de klam (yn 'e taalkunde ornaris it wurdaksint neamd). It Oergermaansk hie noch de fan it Proto-Yndo-Jeropeesk meikrigen "frije klam", dy't wiksele neffens beskate regels, mar net in fêst plak yn in wurd hie; ferlykje bgl. it Grykske trȁpeza ("trep") en trapȅzion ("trepke"), dat de frije klam beholden hat. Yn it Miengermaansk wie dy frije klam feroare yn in fêste klam op it earste wurdlid, it saneamde inisjaalaksint, sa't bgl. te sjen is oan it Nederlânske blȁd, blȁden, blȁderen, blȁȁdje.

Yn tsjinstelling ta de Oergermaanske perioade duorre it tiidrek fan it Miengermaansk relatyf koart, nammentlik oant likernôch de earste iuw nei Kristus, doe't de Eastgermanen weiteagen út harren stamlannen yn súdlik en eastlik Skandinaavje.

Oerlevering

De âldst bekende Germaanske ynskripsje is dy op 'e Helm fan Negau, mooglik út 'e twadde iuw f.Kr. De helm waard yn 1812 fûn by Negau, yn Eastenryk. Yn in noardlik Etruskysk skrift is dêrop skreaun: hargasti teiwa (oer de betsjutting dêrfan bestiet nochal wat ûnienichheid). Fierders binne oant de earste iuw nei Kristus allinne mar nammen en losse wurden oerlevere, en dat noch inkeld troch Romeinske skriuwers, lykas Tasitus en Julius Caesar.

Untwikkeling fan 'e Germaanske taalkloften

Tradisjoneel waard foarhinne ûnder taalkundigen de teory oanhongen dat de earste spjalting yn it Germaansk dy tusken it Westgermaansk en it saneamde Goato-Noardsk (it Noard- en Eastgermaansk) wie. It fuorttsjen fan 'e Goaten en de oare Eastgermaanske folken út harren stamlannen yn súdlik Skandinaavje soe dan letter de spjalting tusken it Noard- en Eastgermaansk feroarsake hawwe. Tsjintwurdich wurdt it lykwols as in stik wierskynliker beskôge, dat der nei it fuorttsjen fan 'e Eastgermanen noch in hoart in Noard- en Westgermaanske ienheidstaal bestien hat, mooglik oant yn 'e fyfde iuw.

Dy lêste teory wurdt ûnderboud troch de bekende runeynskripsje op 'e Gouden Hoarn B fan Gallehus, yn súdlik Jutlân, dy't datearret út 'e iere fyfde iuw. Op 'e hoarn stiet: "ek hlewagastiʀ holtijaʀ horna tawido" (de letter ʀ stiet dêrby foar de breikjende r). Dizze tekst soe betsjutte kinne: "Ik, Hlewagastiʀ, soan fan Holt, haw de hoarn makke" (ferlykje tawid(o) mei it Nederlânske (vol)tooid) of: "Ik, Hlewagastiʀ, soan fan Holt, haw de hoarn fersierd" (ferlykje tawid(o) mei it Nederlânske (ge)tooid). De foarmen dy't hjir brûkt binne, slute Noardgermaansk noch Westgermaansk út (al wiist de foarm fan 'e h-rune op it Noardgermaansk), mar Eastgermaansk kin it dúdlik net wêze. Yn it Goatysk fan dy tiid soe de tekst west hawwe: "ik hliugasts hulteis haúrn tawida".

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hofstra, T., Oudnoors I, Grins, 1996.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.