Gerlof Bontekoe
politikus
echte nammeGerlof Auke Bontekoe
nasjonaliteit Nederlânsk
berteplakHurdegaryp
stjerplakEasterwâlde
etnisiteit Frysk
Boargemaster fan Sleen
amtsperioade1927-1938
foargongerAnske Jongbloed
opfolgerGeorge Louis Mens Fiers Smeding
Boargemaster fan Eaststellingwerf
amtsperioade1938-1945,
1947-1965
foargongerEinte van Douwen,
H. Vondeling
opfolgerH. Vondeling,
Tieme Oosterwijk

Gerlof Auke Bontekoe (Hurdegaryp, 21 febrewaris 1900 - Easterwâlde, 22 septimber 1988) wie in Nederlânsk boargemaster en heraldikus.[1]

Bontekoe studearre rjoechten yn Leien. Hy wurke dêrnei op de gemeentesekretary yn Wymbritsersdiel en Snits. Yn 1927 waard hy boargemaster fan Sleen en yn 1938 yn Eaststellingwerf. Hy bleau hjir oant syn pinsjoen yn 1965.

Sleen hie noch gjin gemeentewapen, dêrom ûntwurp Bontekoe der ien. Dêrnei ûntwurp hy ek wapens foar 25 oare Drintske gemeentes en de flagge fan Drinte. Yn 1979 waard hy yn it provinsjehûs yn Assen huldige, omdat hy syn 150e oerheidswapen (dat fan de gemeente Buren) ûntwurpen hie.

Bontekoe wie belutsen by de tastânkomming fan in betinkingsstien oas oantinken oan de yn de Twadde Wrâldoarloch omkommen Frânske parasjutisten en krige dêrfoar fan Frankryk in sulveren earemedalje (1958). Hy wie ek Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau (1965). Yn 1966 krige hy de Kulturele priis fan Drinte. Bontekoe en syn frou ferstoaren mar ien oere nei elkoar.[2] Se waarden begroeven yn Langedike.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Encyclopedie Drenthe Online - Bontekoe, Gerlof Auke
  2. Jong, P.K. de (1988), "Oud-burgemeesterspaar van Ooststellingwerf overleden" yn Leeuwarder Courant, 23 septimber 1988
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.