Gerard van Rossem
persoanlike bysûnderheden
echte nammeGerard van Rossem
nasjonaliteit Nederlânsk
berne18 oktober 1919
berteplakDelft
stoarn26 desimber 1990
stjerplakEde
wurkpaad
berop/amtentomolooch
aktyf askeunstskilder

Gerard van Rossem (Delft, 18 oktober 1919 – Ede, 26 desimber 1990) wie in Nederlânske entomolooch en keunstskilder.

Biografy

Van Rossem waard berne as lid fan it Nederlânske Patrisjaatsgeslacht Van Rossem en as soan fan prof. dr. ir. Arnold van Rossem (1887-1982) en Isace Lusted (1888-1979). Hy troude yn 1943 mei Huberta Gerarda Nolen (1919-2010), dochter fan prof. dr. ir. Henri George Nolen, mei wa't er trije bern krige: Maarten, Mary (Sis) en Vincent. Hy troude yn 1960 fannijs mei Dorothea C.H.C. Poot (1940-1995) mei wa't er fjouwer bern krige.

Van Rossem wie haad fan de ôfdieling Entomology by de Plantenziekte Dienst yn Wageningen en ferliet dy tsjinst yn 1983; hy publisearre tusken 1944 en 1991 (postúm) oer entomologyske ûnderwerpen.

Hy folge fan 1948 oant 1953 in keunstoplieding oan de tekenskoalle Kunstoefening yn Arnhim en wie learling fan Egbert Havinga en Hendrik Valk. As keunstner skildere en tekene er lânskippen, doarpsgesichten en figuerfoarstellingen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.