George R.R. Martin | ||
skriuwer | ||
George R.R. Martin yn july 2013. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | GRRM | |
echte namme | George Raymond Richard Martin | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 20 septimber 1948 | |
berteplak | Bayonne (Nij-Jersey) | |
etnisiteit | Dútsk Frânsk Iersk Ingelsk Italjaansk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | fantasy, SF, horror, blôch, senario's | |
bekendste wurk(en) | Dying of the Light A Song of Ice and Fire | |
útjouwer | Voyager (HarperCollins Publishers) Bantam Books | |
prizen | 6x Hugo Award 2x Nebula Award 1x Bram Stoker Award 2x World Fantasy Award | |
jierren aktyf | 1976 – no | |
offisjele webside | ||
www.georgerrmartin.com |
George R.R. Martin (folút: George Raymond Richard Martin), soms bekend ûnder syn inisjalen GRRM (Bayonne (Nij-Jersey), 20 septimber 1948), is in Amerikaansk skriuwer fan romans, novelles en koarte ferhalen, meast op it mêd fan fantasy, science fiction en horror. Teffens is er wurksum as senarioskriuwer, redakteur fan ferhalebondels, tillefyzjeprodusint en blogger, wylst er foarhinne as learaar in hoart it fak sjoernalistyk dosearre hat. Martin is benammen bekend wurden troch syn epyske (en noch altyd rinnende) romanrige A Song of Ice and Fire, dy't troch de stjoerder HBO ferfilme wurdt as de tillefyzjesearje Game of Thrones. It toanoanjaande Amerikaanske tydskrift Time neamde Martin yn 2011 as ien fan 'e hûndert ynfloedrykste minsken op 'e wrâld.
Libben
Jonkheid
Martin waard yn 1948 berne as George Raymond Martin (hy naam de namme Richard oan doe't er 13 jier wie, by syn befêstiging), en is fierhinne fan etnysk Iersk komôf, al hat er ek Ingelsk, Dútsk, Frânsk en Italjaansk bloed. Hy groeide op yn syn berteplak Bayonne, yn 'e steat Nij-Jersey, as ien fan 'e trije bern en de iennichste soan yn it gesin fan fisker Raymond Collins Martin en dy syn frou Margaret Brady.
Martin begûn al mei skriuwen doe't er noch tige jong wie, en ferkocht syn ferhalen foar in pear sint it stik (dramatyske foarlêzings ynbegrepen) oan 'e bern út 'e buert. Op 'e middelbere skoalle ûntjoech er him ta in grut leafhawwer fan stripferhalen, mei in foarleafde foar de superhelden fan Marvel Comics. Hy joech him by it fandom fan Marvel Comics en begûn fiksje te skriuwen foar ferskate fan-tydskriften. Yn 1965 wûn er mei syn superheldeferhaal Powerman vs. The Blue Barrier de Alley Award.
Studintetiid en iere jierren
Yn 1970 studearre Martin summa cum laude ôf oan 'e Noardwestlike Universiteit, yn Evanston, yn 'e steat Illinois, mei in bachelorstitel yn sjoernalistyk. It jiers dêrop helle er dêr ek in masterstitel yn. Hy foel ûnder de tsjinstplicht dy't ûnder de Fjetnamoarloch yn 'e Feriene Steaten fan krêft wie, mar wegere om yn it leger te gean en krige de status fan gewissebeswierde. Dêrop ferfolle er fan 1972 oant 1974 in alternative tsjinstplicht as frijwilliger by de Stifting foar Juridyske Stipe fan Cook County (oftewol Chicago). Neitiid wurke er fan 1976 oant 1979 as dosint Ingelsk en sjoernalistyk oan 'e Clarke Universiteit yn Dubuque, yn 'e steat Iowa.
Iere skriuwkarriêre
Yn 1970, doe't er 21 jier wie, begûn Martin koarte ferhalen fan it science fiction-sjenre te ferkeapjen oan tydskriften. Syn earste publisearre ferhaal wie Hero, dat yn febrewaris 1971 yn Analog Magazine ferskynde. Yn 1973 wie With Morning Comes Mistfall it earste ferhaal fan sines dat nominearre waard foar in grutte priis, om persiis te wêzen foar sawol in Hugo Award as in Nebula Award. Yn 1975 wûn er syn earst Hugo Award foar de novelle A Song for Lya. Yn 1980 wûn er der yn ien jier twa, ien foar it bêste koarte ferhaal (foar The Way of Cross and Dragon) en ien foar de bêste koarte novelle (foar Sandkings, dêr't er ek in Nebula Award foar krige). Yn 1985 wûn Martin in twadde Nebula Award foar de koarte novelle Portraits of His Children. Foar de novelle The Skin Trade ûntfong er yn 1988 in World Fantasy Award, en yn 1997 wûn er syn fjirde Hugo Award mei de novelle Blood of the Dragon.
Martin sleat him oan by de Science Fiction and Fantasy Writers of America (SFWA), wêrfoar't er fan 1977 oant 1979 de regionaal koördinator yn it Súdwesten wie, en fan 1996 oant 1998 de nasjonale fise-foarsitter. Hy skreau yn 'e twadde helte fan 'e jierren santich en de earste helte fan 'e jierren tachtich in stikmannich populêre boeken, wêrûnder ferskate ferhalebondels en fierders û.o. de ynkringende science fiction-roman Dying of the Light (1977), in melankelyk ferhaal oer de lêste minsken op in stjerrende planeet dy't almar fierder fan syn sinne ôf rekket, en Fevre Dream (1982), in fantasyroman oer fampieren tsjin 'e histoaryske eftergrûn fan it tiidrek fan 'e grutte riviersteamskippen op 'e Mississippy, yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw. De ûnferwachtse kommersjele flop fan syn fjirde roman, The Armageddon Rag (1983), "ferneatige myn karriêre as romanskriuwer doedestiden praktysk," sa't er it letter sels omskreau.
Tillefyzje- en redaksjekarriêre
Mar datseldichste boek makke dat er yn Hollywood in foet tusken de doar krige doe't er de filmrjochten op The Armageddon Rag ferkocht, en dat late wer ta in baan as senarioskriuwer foar The Twilight Zone, in searje mei paranormale ferhalen. Letter wie Martin ek belutsen by de produksje fan 'e satiryske science fiction-rige Max Headroom, en oan 'e ein fan 'e jierren tachtich wied er as senarioskriuwer en produsint foar in diel ferantwurdlik foar de aksjesearje Beauty and the Beast (wêrfan't 14 ôfleverings folslein út syn pinne kamen).
Yn dyselde snuorje begûn Martin ek as redakteur te wurkjen foar útjouwerijen, wêrby't er û.m. it tafersjoch en de einredaksje hie oer de ûntwikkeling fan 'e lange en noch altyd rinnende ferhalesearje Wild Cards, dy't plakfynt yn in wrâld dy't dield wurdt troch ferskate auteurs, wêrûnder Roger Zelazny. It ûnderwerp fan 'e rige, dêr't Martin sels ek oan bydraacht, is dat in diel fan 'e minskheid nei de Twadde Wrâldoarloch superkrêften kriget as gefolch fan 'e útbraak fan in firus fan bûtenierdsk makkelei.
Weromkear nei it skriuwen
Yn 1991 kearde Martin in lyts hoartsje werom nei it skriuwen fan romans, en makke er it oansetsje fan wat letter syn magnum opus A Song of Ice and Fire wurde soe, dat noch altyd net foltôge is. It ferhaal spilet tsjin 'e eftergrûn fan in midsiuwskich dekôr op 'e fiktive kontininten Westeros en Essos, wêrby't trije grutte ferhaallinen mei-inoar ferweve wurde: de dynastike striid om 'e macht op Westeros tusken in stikmannich aadlike lagen, de almar oanboazjende driging fan 'e boppeminsklike "Oaren", yn it uterste noarden fan Westeros, en de ambysje fan Daenerys Targaryen, de lêste telch út it ferballe keningshûs fan Westeros, om har rjochtlike plak op 'e troan yn te nimmen. As ynspiraasjeboarnen foar dit epos tsjinnen û.m. de Roaze-oarloggen fan Midsiuwsk Ingelân en sir Walter Scott syn Ivanhoe. It earste boek út 'e rige, A Game of Thrones, kaam út 1996, en waard in daverjend súkses dat Martin wer op 'e kaart sette as skriuwer. Twa jier letter folge A Clash of Kings, en yn 2000 A Storm of Swords. Dêrnei duorre it oant 2005 ear't diel fjouwer, A Feast for Crows, ferskynde, en it fyfde diel, A Dance with Dragons, kaam pas yn 2011 út. Teminsten twa dielen, dy't The Winds of Winter en A Dream of Spring hjitte sille, moatte noch ferskine. A Feast for Crows sprong yn 2005 daliks nei it earste plak op 'e bestsellerlisten fan 'e kranten de New York Times en de Wall Street Journal, en ek A Dance with Dragons wie nûmer 1 op 'e New York Times-bestsellerlist.
A Song of Ice and Fire hat loovjende kritiken krigen fan sawol resinsinten, oare auteurs as lêzers. It is fierwei Martin syn bekendste wurk, en hat him ûnbidige populêr makke by fantasyfans. Martin syn wurk ûnderskiedt him fral fan dat fan oare fantasyskriuwers troch in ferweven reälisme. Syn personaazjes binne net folslein ferkeard of allinne mar goed, en by him komme ek sympatike figueren faak op grouwélige wize oan har ein, net selden troch ferrie. De gewoane befolking hat yn syn boeken slim te lijen fan 'e oarloggen dy't fierd wurde troch de hegerein, en soks wurdt sûnder inkele foarm fan sinsuer troch him yn byld brocht. Guon lêzers fine syn trant lykwols te swartgallich en te nearzich, en lêze leaver wat "lichters", mar sels sokken wurde gauris fêstsûgd troch de yntrigearjende yntriizjes en ûnbidige staasje fan haad- en bypersonaazjes dy't troch Martin opfierd wurdt. (Efteryn A Feast for Crows stiet in persoanelist fan 65 siden.)
Martin wurdt troch syn fans lykwols faak bekritisearre om't der sokke grutte skoften tusken de útjefte fan 'e dielen fan A Song of Ice en Fire yn sitte. Fral it gat fan seis jier tusken A Feast for Crows (2005) en A Dance with Dragons (2011) foel in protte wachtsjenden swier. Martin hat dêrop reägearre troch te sizzen dat er njonken A Song of Ice and Fire noch in hiel soad oare dingen by de ein hat, dat it folgjende boek ôf is as it ôf is, en dat syn fans dêr mar mei leare moatte te libjen.
Njonken de eigentlik romanrige fan A Song of Ice and Fire hat Martin ek twa prequels yn 'e foarm fan novelles skreaun: The Princess and the Queen (2013) en The Rogue Prince (2014). Fierders spilet ek syn searje Tales of Dunk and Egg, dy't oant no (2014) ta út trije dielen bestiet, mar wêrfan't mear yn 'e plenning steane, yn deselde wrâld as A Song of Ice and Fire.
Ien fan 'e redens dat A Dance with Dragons sa lang op him wachtsje liet, wie dat Martin yn deselde jierren dat er dêroan wurke ek djip behelle rekke yn 'e produksje fan in tillefyzjesearje op basis fan A Song of Ice and Fire. Dy waard yn gearwurking mei Martin produsearre troch de stjoerder HBO, dy't yn 2007 de filmrjochten kocht hie. De searje kaam Game of Thrones te hjitten, nei it earste diel fan 'e romanrige, A Game of Thrones. Yn april 2011 wie Game of Thrones foar it earst op 'e (Amerikaanske) tillefyzje te sjen, mei tsien wykliks útstjoerde ôfleverings fan likernôch in oere lang. It earste seizoen waard nominearre foar trettjin Emmy Awards (de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis), en wûn der úteinlik twa, ien foar de bêste foartiteling en ien foar bêste byrol fan in akteur, foar Peter Dinklage. It twadde seizoen, basearre op A Clash of Kings, waard útstjoerd yn 2012, en sleepte tolve Emmy-nominaasjes yn 'e wacht, wêrfan't it seis wûn.
Priveelibben
Yn 'e iere jierren santich hie Martin in relaasje mei syn kollega, science fiction en fantasyskriuwster Lisa Tuttle, mei wa't er gearwurke by it skriuwen fan it boek Windhaven. Yn 1975 troude er mei Gale Burnick, dy't er met hie op in science fiction-konvinsje oan 'e Amerikaanske eastkust. It houlik bleau sûnder bern, en einige yn 1979 yn in skieding. Op 15 febrewaris 2011 troude Martin op 'e nij, diskear mei Parris McBride, mei wa't er doe al jierren in relaasje ûnderhold. De houliksplechtichheid waard yn besletten kring holden yn Santa Fe, yn Nij-Meksiko, dêr't Martin al sûnt 1979 wennet. Neitiid waard yn augustus fan dat jier op 'e 69ste Science Fiction-Wrâldkonvinsje te Reno, yn Nevada, in gruttere houliksseremoanje en resepsje holden foar de freonen fan 'e Martins yn 'e science fiction- en fantasywrâld.
Yn 2013 kocht Martin de Jean Cocteau Cinema and Coffee House yn syn wenplak Santa Fe oan, dat sûnt 2006 ticht west hie. Hy liet de fertutearze bioskoop wer hielendal opkallefaterje en weriepene it letter dat jiers mei in protte bombaarje. George R.R. Martin is lid fan 'e Demokratyske Partij, en hat by in fraachpetear mei Authors@Google sein dat de yn Amerika faak ferhune Jimmy Carter "dúdlik de bêste minske [wie] dy't by myn libben presidint west hat." Syn leafhawwerijen binne lêzen (oer in grut ferskaat oan ûnderwerpen en sjenres), it sammeljen fan Midsiuwskige miniatueren en diorama's, it folgjen fan 'e Amerikaansk footballkompetysje en it útwreidzjen fan syn grutte kolleksje stripboeken (mei dêrûnder in protte weardefolle earste edysjes). Hy hat sein dat er himsels op it mêd fan godstsjinst as in fan syn leauwe falle katolyk beskôget, dy't oare minsken grif as in ateïst of in agnost sjen sille.
Wurk
A Song of Ice and Fire en besibbe wurk
- A Song of Ice and Fire
- romansearje
- 1996 – A Game of Thrones
- Nederlânske oersetting: Het Spel der Tronen (fert. Renée Vink, 1999)
- 1998 – A Clash of Kings
- Nederlânske oersetting: De Strijd der Koningen (fert. Renée Vink, 1999)
- 2000 – A Storm of Swords (yn 2011 werútbrocht yn twa dielen: A Storm of Swords: Steel and Snow en A Storm of Swords: Blood and Gold)
- Nederlânske oersetting, diel 1: Een Storm van Zwaarden: Staal en Sneeuw (fert. Renée Vink, 2001)
- Nederlânske oersetting, diel 2: Een Storm van Zwaarden: Bloed en Goud (fert. Renée Vink, 2001)
- 2005 – A Feast for Crows
- Nederlânske oersetting: Een Feestmaal voor Kraaien (fert. Renée Vink, 2006)
- 2011 – A Dance with Dragons (yn 2012 werútbrocht yn twa dielen: A Dance with Dragons: Dreams and Dust en A Dance with Dragons: After the Feast)
- Nederlânske oersetting, diel 1: Een Dans met Draken: Oude Vetes, Nieuwe Strijd (fert. Renée Vink, 2011)
- Nederlânske oersetting, diel 2: Een Dans met Draken: Zwaarden tegen Draken (fert. Renée Vink, 2012)
- 20?? – The Winds of Winter (moat noch útkomme)
- 20?? – A Dream of Spring (moat noch útkomme)
- 1996 – A Game of Thrones
- prequels
- 2013 – The Princess and the Queen (novelle)
- 2014 – The Rogue Prince (novelle)
- 2017 – The Sons of the Dragon (novelle)
- History of House Targaryen of Westeros-rige
- 2018 – Fire and Blood
- oar
- 2013 – The Wit and Wisdom of Tyrion Lannister (samling sitaten)
- romansearje
- Tales of Dunk and Egg (yn deselde wrâld)
- 1998 – The Hedge Knight (novelle)
- Nederlânske oersetting: De Hagenridder (fert. Renée Vink, 2006)
- 2003 – The Sworn Sword (novelle)
- Nederlânske oersetting: De Eed van Trouw (fert. Renée Vink, 2006)
- 2010 – The Mystery Knight (novelle)
- Nederlânske oersetting: De Onbekende Ridder (fert. Renée Vink, 2013)
- 2015 – A Knight of the Seven Kingdoms (omnibusedysje besteande út The Hedge Knight, The Sworn Sword en The Mystery Knight)
- Nederlânske oersetting: Ridder van de Zeven Koninkrijken (fert. Renée Vink, 2014)
- 2015 – A Knight of the Seven Kingdoms (omnibusedysje besteande út The Hedge Knight, The Sworn Sword en The Mystery Knight)
- Nederlânske oersetting: De Onbekende Ridder (fert. Renée Vink, 2013)
- 1998 – The Hedge Knight (novelle)
- 2006 – The Ice Dragon (op basis fan in koart ferhaal dat foar it earst útjûn waard yn 1980)
- Nederlânske oersetting: De IJsdraak (fert. Renée Vink, 2007)
- companionboeken (non-fiksje)
- 2012 – The Lands of Ice and Fire
- 2013 – The Wit & Wisdom of Tyrion Lannister
- 2014 – The World of Ice and Fire (mei Linda Antonssen en Elio Garcia)
- 2022 – The Rise of the Dragon: An Illustrated History of the Targaryen Dynasty(mei Linda Antonssen en Elio Garcia)
Oare romans en novelles
- 1977 – Dying of the Light
- Nederlânske oersetting: Het Tanende Licht (fert. ?, 1980)
- Nederlânske oersetting: Het Stervende Licht (fert. Renée Vink, 2008)
- 1981 – Windhaven (mei Lisa Tuttle)
- Nederlânske oersetting: Windhaven (fert. Joke Veenboer, 2013)
- 1982 – Fevre Dream
- Nederlânske oersetting: De Fevre Dream (fert. Roelof Posthuma, 2013)
- 1983 – The Armageddon Rag
- 1986 – Tuf Voyaging (roman gearstald út earder útjûne koarte ferhalen)
- 2007 – Hunter's Run (mei Gardner Dozois en Daniel Abraham)
Ferhalebondels
- 1976 – A Song for Lya (ynkl. de novelle mei deselde namme)
- 1977 – Songs of Stars and Shadows
- 1981 – Sandkings (ynkl. de koarte novelle mei deselde namme)
- 1983 – Songs the Dead Men Sing
- 1985 – Nightflyers
- 1987 – Portraits of His Children (ynkl. de koarte novelle mei deselde namme)
- 2001 – Quartet
- 2003 – Dreamsongs: A RRetrospective
Senario's
- The Twilight Zone
- 1986 – The Last Defender of Camelot
- 1986 – The Once and Future King
- 1986 – A Saucer of Loneliness
- 1986 – Lost and Found (basearre op in publisearre koart ferhaal fan Phyllis Eisenstein)
- 1986 – The Toys of Caliban (basearre op in net-publisearre koart ferhaal fan Terry Matz)
- 1986 – The Road Less Traveled
- Beauty and the Beast
- 1987 – Terrible Saviour
- 1987 – Masques
- 1988 – Shades of Grey
- 1988 – Promises of Someday
- 1988 – Fever
- 1988 – Ozymandias
- 1988 – Dead of Winter
- 1989 – Brothers
- 1989 – When the Blue Bird Sings
- 1989 – A Kingdom by the Sea
- 1989 – What Rough Beast
- 1989 – Ceremony of Innocence
- 1989 – Snow
- 1990 – Beggar's Comet
- 1990 – Invictus
- The Outer Limits
- 1995 – The Sandkings
- 1993 – Doorways (net útstjoerde pilotôflevering)
- Game of Thrones
- 2011 – The Pointy End
- 2012 – Backwater
- 2013 – The Bear and the Maiden Fair
Redaksje
Senario's
- The Twilight Zone
- 1986 – The Once and Future King
- 1986 – A Saucer of Loneliness
- 1986 – The Road Less Traveled
- 1987 – The Girl I Married
- 1989 – The World Next Door
Ferhalebondels
- fan winners fan 'e John W. Campbell Award for Best New Writer
- 1977 – New Voices in Science Fiction
- 1979 – New Voices in Science Fiction 2
- 1980 – New Voices in Science Fiction 3
- 1981 – New Voices in Science Fiction 4
- 1984 – The John W. Campbell Awards, Volume 5
- Wild Cards-rige (dêr't Martin sels ek ferhalen foar levere)
- 1987 – Wild Cards (de werútjefte fan 2010 hat trije ekstra ferhalen)
- 1987 – Wild Cards II: Aces High
- 1987 – Wild Cards III: Jokers Wild
- 1988 – Wild Cards IV: Aces Abroad
- 1988 – Wild Cards V: Down & Dirty
- 1990 – Wild Cards VI: Ace in the Hole
- 1990 – Wild Cards VII: Dead Man's Hand
- 1991 – Wild Cards VIII: One-Eyed Jacks
- 1991 – Wild Cards IX: Jokertown Shuffle
- 1992 – Wild Cards X: Double Solitaire
- 1992 – Wild Cards XI: Dealer's Choice
- 1993 – Wild Cards XII: Turn of the Cards
- 1993 – Wild Cards XIII: Card Sharks
- 1994 – Wild Cards XIV: Marked Cards
- 1995 – Wild Cards XV: Black Trump
- 2002 – Wild Cards XVI: Deuces Down
- 2006 – Wild Cards XVII: Death Draws Five (soloroman troch John J. Miller)
- 2008 – Wild Cards XVIII: Inside Straight
- 2008 – Wild Cards XIX: Busted Flush
- 2009 – Wild Cards XX: Suicide Kings
- 2011 – Wild Cards XXI: Fort Freak
- 2014 – Wild Cards XXII: Lowball
- 2016 – Wild Cards XXIII: High Stakes
- 2017 – Wild Cards XXIV: Mississippi Roll
- 2018 – Wild Cards XXV: Low Chicago
- 2018 – Wild Cards XXVI: Texas Hold 'Em
- 2019 – Wild Cards XXVII: Knaves over Queens
- bondels mei ferhalen út ferskillende sjenres (red. mei Gardner Dozois)
- 2009 – Songs of the Dying Earth
- 2010 – Warriors
- 2010 – Songs of Love and Death
- 2011 – Down These Strange Streets
- 2013 – Old Mars
- 2013 – Dangerous Women
- 2014 – Rogues
- 2015 – Old Venus
- oar
- 1983 – The Science Fiction Weight Loss Book (red. mei Isaac Asimov en Martin H. Greenberg)
- 1986 – Night Visions 3
Prizen en nominaasjes
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
1965 | Alley Award | wûn | bêste troch in fan skreaune superheldeferhaal | Powerman vs. The Blue Barrier |
1973 | Hugo Award | nominearre | bêste koarte ferhaal | With Morning Comes Mistfall |
Nebula Award | nominearre | bêste koarte ferhaal | With Morning Comes Mistfall | |
1975 | Hugo Award | wûn | bêste novelle | A Song for Lya |
1976 | Hugo Award | nominearre | bêste koarte novelle | ... and Seven Times Never Kill Man |
nominearre | bêste novelle (mei Lisa Tuttle) | The Storms of Windhaven | ||
1980 | Hugo Award | wûn | bêste koarte ferhaal | The Way of Cross and Dragon |
wûn | bêste koarte novelle | Sandkings | ||
Nebula Award | wûn | bêste koarte novelle | Sandkings | |
1983 | Seiun-priis (Japansk) | wûn | bêste oersette koarte fiksje | Nightflyers |
1986 | Nebula Award | wûn | bêste koarte novelle | Portraits of His Children |
SF Chronicle Award | wûn | bêste koarte novelle | Portraits of His Children | |
1988 | Bram Stoker Award | wûn | superieure prestaasje op it mêd fan lange fiksje | The Pear-Shaped Man |
1989 | World Fantasy Award | wûn | bêste novelle | The Skin Trade |
1997 | Hugo Award | wûn | bêste novelle | Blood of the Dragon |
2003 | Locus Award | wûn | bêste fantasyroman | A Storm of Swords |
Premio Ignotus | wûn | bêste bûtenlânske roman | A Game of Thrones | |
2004 | Premio Ignotus | wûn | bêste bûtenlânske roman | A Clash of Kings |
2006 | British Fantasy Award | nominearre | bêste roman | A Feast for Crows |
Premio Ignotus | wûn | bêste bûtenlânske roman | A Storm of Swords | |
Quill Award | nominearre | bêste science fiction/fantasy/horror-roman | A Feast for Crows | |
2011 | Locus Award | wûn | bêste oarspronklike ferhalebondel (red., mei Gardner Dozois) | Warriors |
2012 | British Fantasy Award | nominearre | bêste roman | A Dance with Dragons |
Hugo Award | nominearre | bêste roman | A Dance with Dragons | |
wûn | bêste dramtyske presintaasje, lange foarm | Game of Thrones, seizoen 1 | ||
Locus Award | wûn | bêste fantasyroman | A Dance with Dragons | |
World Fantasy Award | nominearre | bêste roman | A Dance with Dragons | |
wûn | Life Achievement Award (oeuvrepriis) | hiele oeuvre | ||
2013 | Hugo Award | wûn | bêste dramatyske presintaasje, koarte foarm | Game of Thrones, seizoen 2, ôfl. 10: Blackwater |
2014 | Locus Award | nominearre | bêste koarte ferhaal | The Princess and the Queen |
World Fantasy Award | wûn | bêste blomlêzing (mei Gardner Dozois) | Dangerous Women |
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|