![](../I/George_Pitt_Morison.jpg.webp)
George Pitt Morison yn 1942
![](../I/The_Foundation_of_Perth_1829.jpg.webp)
The Foundation of Perth 1829 troch Morison
George Pitt Morison (Melbourne, 31 augustus 1861 – South Yarra, Victoria, 4 septimber 1946)[1] wie in Australysk keunstskilder en graveur dy't fral bekend waard fanwegen syn skilderij The Foundation of Perth 1829. Hy skildere it yn opdracht, yn ferbân mei it iuwfeest fan West-Austraalje. It wurk waard febrewaris 1929 oanbean oan de Keunstgallery fan West-Austraalje.
Yn 1890 reizge Morison nei Jeropa foar stúdzje oan de Académie Julian yn Parys, en begjin jierren '30 wurke er as haadkurator keunst by it Westaustralysk Museum.[2]
Fierder lêze
- Janda Gooding W.A. Art & Artists 1900–1950 . Art Gallery of W.A. publication
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.