De planeet Geonosis yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones.

Geonosis is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't bekend waard út 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002). Dizze planeet makket diel út fan it planetestelsel mei deselde namme yn 'e sektor Arkanis yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. Geonosis befynt him op in ôfstân fan likernôch 43.000 ljochtjier fan 'e haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk (en letter it Galaktysk Keizerryk) op Coruscant, mar stiet relatyf deunby Tatooine.

Geonosis beskikt oer in kompleks systeem fan planetêre ringen, besteane gruttere en lytsere rotsblokken en stellêr stof. De ringen binne ûntstien troch de ynslach fan in komeet yn ien fan 'e moannen. No rûntsjedraaie der noch fyftjin moannen om 'e planeet hinne, wêrûnder fjouwer fan oansjenlike grutte en de rest lytser. It lânskip op 'e planeet bestiet fierhinne út woastyn en keale, rotsige berchtmen, allebeide mei in readige tint fanwegen it hege gehalte oan izer (dat troch oksidaasje read kleuret). Oerflaktewetter is krap op Geonosis en beslacht mar 5% fan it planeetoerflak. It klimaat is trochinoar hjit en drûch. Hoewol't hommelse stjalprein gauris foar ynienen opkommende oerstreamings soarget, is de effektive delslach tige beheind.

De atmosfear fan Geonosis is sykhelber foar de measte libbensfoarmen. Lânseigen op 'e planeet binne de Geonosianen, in ras fan yntelliginte ynsektoïde bûtenierdske wêzens. De planeet stiet bekend om 'e produksje fan robots.

Yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones jouwe de Geonosianen har ûnder harren aartshartoch Poggle de Mindere by de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. De Jedi Obi-Wan Kenobi en Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala fan Naboo wurde op Geonosis finzen nommen troch de Sith-ridder greve Dooku, dy't oan it haad fan 'e Konfederaasje stiet. Hja wurde feroardiele ta de deastraf, dy't foar it each fan in publyk fan tsientûzenen yn 'e arena útfierd wurde sil troch wylde bisten op harren los te litten. It trijetal wurdt rêden troch de oankomst troch in kloft Jedi oanfierd troch Mace Windu en in bataljon kloansoldaten û.l.f. master Yoda. Wat folget is de earste slach fan 'e Kloane-oarloggen, dy't troch de Galaktyske Republyk wûn wurdt.

Letter yn 'e Kloane-oarloggen wurdt Geonosis op 'e nij beset troch de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels en ûntjout de planeet him ta in wichtige basis foar dat steatsferbân. De Galaktyske Republyk fiert dêrop in ynvaazje fan Geonosis út û.l.f. 'e Jedi-masters Ki-Adi-Mundi, Obi-Wan Kenobi, Anakin Skywalker en Luminara Unduli, wêrby't Poggle de Mindere kriichsfinzen nommen en de mysterieuze keninginne fan 'e Geonosianen, Karina de Grutte, deade wurdt. Poggle ûntkomt letter, mar wurdt oan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen deade troch Darth Vader. Under it Galaktysk Keizerryk wurdt by Geonosis de earste Deadsstjer boud, wêrnei't de Keizerlike autoriteiten in genoside fan 'e Geonosianen útfiere om 'e spesifikaasjes fan dat romtestasjon en massaferneatigingswapen geheim te hâlden.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To Alderaan Bespin Cantonica Cereä Champala Christophsis Corellia Coruscant Crait Dagobah Dathomir Dorin D'Qar Eadu Endor Exegol Geonosis Glee Anselm Hoth Iktotch Iktotchon Iridonia Jakku Jedha Kalee Kamino Kashyyyk Kef Bir Kessel Kijimi Lah'mu Lannik Malastare Mandalore Mimban Mirial Mon Cala Mustafar Naboo Nal Hutta Nar Shaddaa Neimoïdia Pasaana Quermia Ryloth Savareen Scarif Shili Takodana Tana Tatooine Thisspias Tholoth Toydaria Utapau Vandor Yavin
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.