Genesis | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | בראשית ("Ḇerešiṯ") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje, proaza | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 600 – 540 f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | gjint (is 1e boek fan it A.T.) | |
● folgjend diel | Exodus | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Genesis | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Genesis (in Latynske namme dy't ûntliend is oan it Grykske Γένεσις, Genesis, dat "Oarsprong" betsjut), yn it oarspronklike Hebriuwsk: בראשית, Ḇerēšiṯ ("Yn [it] Oanbegjin"), is it earste boek yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach falt it ûnder de Torah (de "Leare" of "Wet"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de Wet. Genesis beskriuwt de skepping fan 'e wrâld, de Sûndfloed en it libben fan 'e aartsfaars. Foar sawol joaden as kristenen leit it teologyske belang fan Genesis yn it "ferbûn" dat God slút mei syn "útkarde folk" (de neiteam fan 'e aartsfaars, oftewol de Joaden), en de bân dy't dêrtroch ûntstiet mei it Unthjitten Lân (Palestina). De kristlike teology ynterpretearret Genesis fierdersoan as in foarôftekening fan beskate krúsjale kristlike leauwenseleminten, yn it bysûnder de needsaak ta ferlossing en de ferfolling fan 'e ferbûnsôfspraken fan God troch de krusiging fan Jezus Kristus (wêrmei't de leauwenden fan harren sûndelêst ferlost wêze soene). Neffens de tradysje soe de profeet Mozes de skriuwer fan it boek wêze, mar yn wurklikheid is it skreaun troch in anonime auteur, dy't it optekene itsij krekt foàr, itsij ûnder de Babyloanyske Ballingskip (tusken likernôch 600 en 540 f.Kr.), wylst de definitive ferzje datearret fan 'e ein fan 'e Ballingskip of fan krekt dernei. De earste folsleine Fryske oersetting fan Genesis stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
Ynhâld
Yn Genesis wurdt beskreaun hoe't God yn it oanbegjin de wrâld skept en alles dat derop is, en as lêste de minske, Adam. Om't Adam iensum is, makket God foar him in wêzen om him selskip te hâlden: de earste frou, Eva. Mar Adam en Eva binne oerhearrich en harkje nei de ynflústerings fan 'e duvel en wurde dêrom ferdreaun út it Hôf fan Eden. Fan harren soannen slacht ien, Kaïn, in oaren, Abel, út oergeunstigens dea, mar de neiteam fan 'e trêde soan, Set, befolket de ierde. As de minsken har op 'e nij fan God ôfkeare, rûget er harren út mei de Sûndfloed, mar bewissiget dêrby dat ien man, Noäch, en syn famylje it oerlibje. In fiere neikommeling fan Sem, ien fan 'e soannen fan Noäch, is Abraham, de earste fan 'e aartsfaars, dy't op oanwizings fan God syn heitelân ferlit om him yn it Unthjitten Lân fan Kanaän te fêstigjen. Abraham syn soan Izaäk, de twadde fan 'e aartsfaars, lit syn frou Rebekka út syn heite lân fan komôf helje en kriget mei har de tsierende twillingsoannen Jakob en Ezau.
Jakob, de trêde en lêste aartsfaars, hellet syn froulju, de susters Léa en Rachel, en syn byfroulju, de slavinnen Bilha en Silpa, ek wer út syn pake' âlde heitelân en set by harren de stamheiten fan 'e tolve stammen fan Israel oan: Rûben, Simeön, Levy, Juda, Dan, Naftaly, Gad, Azer, Issaskar, Sebûlon, Joazef en Benjamin. De leaflingssoan fan Jakob is lykwols Joazef, dy't mei syn waanwiis hâlden en dragen syn tsien âldere bruorren betiden alhiel breinroer makket. Uteinlik ferkeapje se him oan in selskip slavekeaplju, wylst se foar harren heit oer úthâlde dat er deade wurden is troch in wyld bist. Joazef bedarret yn Egypte, dêr't er it troch yngripen fan God bringt ta ûnderkening fan 'e farao. As der in hongersneed oer it lân Kanaän komt, wurde Jakob en syn hiele famylje rêden troch Joazef, dy't harren asyl ferlient om utens yn Egypte.
Fryske oersetting
De earste Fryske oersetting út Genesis liket de fertaling fan Gen. 24:1-67 west te hawwen, dy't yn 1762 fan 'e hân fan Ysaks Bootschen ferskynde yn it boek Genesis Vjouwer Ves 1 fan Bernardus Albertus Fabricius. Yn 1856 ferskynde yn it blêd Iduna anonym in nijmakke Aldfryske oersetting fan Genesis 1 ûnder de titel Dat Foarste Haedstik fon Genesis (Prôve fon aldfrîske boekstoyinge). En dû. Geart Aeilco Wumkes joech yn 1919, yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. oersettingsfragminten fan eigen hân fan Genesis 1:1-13, 18:22b-33 en 49:22-26 út. De earste folsleine útjefte fan Genesis stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Genesis waard dêrby dien troch dû. F.D. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch sawol Ulbe van Houten as H. Twerda.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |