De havenyngong fan Genemuiden, 2008

Genemuiden (Nedersaksysk: Gællemuun) is in stêd yn de gemeente Swartewetterlân yn de provinsje Oerisel. Genemuiden leit oan it Swarte Wetter en hat likernôch 10.000 ynwenners.

Oan it begjin fan de jiertelling wie dêr in delsetting, dy't troch de Romeinen Navalia neamd waard. Om 500 hinne hie men it oer Gelmuda. Yn 1275 krige it plak stedsrjochten fan Jan fan Nassau, biskop fan Utert. Oant 2001 wie Genemuiden in selsstannige gemeente. Dêrnei gie it mei Hasselt en Swartslûs op yn de gemeente Swartewetterlân.

Berne yn Genemuiden

  • Danny Rook (1971), tv-sjoernalist en -presintator
  • Pieter de Vink (1941-2007), radio- en tv-sjoernalist en -presintator

Keppeling om utens


Dit artikel is in stobbe oer plak en as gemeente‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.