Genêskunde is de wittenskip dy't him dwaande hâld mei de aard en oarsaak fan syktes en de middelen om dy syktes te genêzen. Derneist sjocht men yn dat it foarkommen fan syktes hieltyd wichtiger wurdt en de genêskunde hâldt him hjoeddeisk dêrom ek in soad dwaande mei previnsje.
Streamings
De twa grutte streamings binnen de genêskunde wurde oantsjut nei harren posysje op de Ierde:
- De Westerske genêskunde hat as oanpak om de syktme of wûn te ferminderjen oant it lichem him der sels mei rêde kin. In neidiel is dat by dizze oanpak faak ek it lichem sels swakker wurdt.
- De Easterske genêskunde hat as oanpak om it lichem krêftiger te meitsjen oant it him sels mei it probleem rêde kin. In neidiel is dat by dizze oanpak faak net dúdlik is óf it lichem sterk genôch makke wurde kin.
Spesjalismen
Binnen de genêskunde wurdt ûnderskie makke tusken beskôgjende, snijende en ûnderstypjende spesjalismen. Dêrneist is der de sosjale genêskunde, dy't ûnder it beskôgjende spesjalisme falt.
Beskôgjend
- ynternist - longspesjalist - kardiology - onkology - reumatology - pediatry - geriatry - psychiatry - dermatology - ferpleechhûsarts - fersekeringsarts - hûsarts - keuringsarts - konsultaasjeburo-arts - nefrology
Snijend
- sirurgy - gynekology - urology - ortopedy - eachhielkunde
Understypjend
- fysioterapy - radiology - anestesiology
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.